[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Oerlis:Fryske Top 100

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

@Frou Watzema: Goeie. Doe't ik dizze side ris eefkes beseach, frege ik my ôf wêrom't jo de tabel yn anty-gronologyske folchoarder stean hawwe, dus mei 2021 boppe-oan en dan ôfrinnend, wylst fierders de hiele tekst yn gronologyske folchoarder stiet, begjinnend yn 2007 en dan oprinnend. Jo sille wol tinke, hat hy wer wat fûn te seuren, mar dit steurt my wol bytsje. Hawwe jo der beswier tsjin as ik de tabel oarsom set, mei 2000 boppe-oan en oprinnend nei 2021? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 31 des 2021, 21.37 (CET)[beäntwurdzje]

Jawis, der is goed oer dizze yndieling neitocht: De funksje fan listen is om in goed oersjoch te jaan fan in hiel soad gegevens. Yn dit gefal binne der twa fariabele gegevens: de Top-10 fan in jier en wat der opfallend wie yn datselde jier. Dus de útslach fan dit jier 2021 stiet ûnder de opfallende saken fan de Top-100 fan 2021. Der is yn de tabel gjin romte om dy gegevens op in oare manier oersichtlik by elkoar te setten. Oars soe it oersjoch ferlern gean. Om it oersjoch te hâlden is keazen om beide fariabele gegevens fan de lêste jierútslach yn ien byld te fangen. Dan hoecht der hielendal net 'skrolle' te wurden. Dêrom is it better om de tabel te hâlden yn dizze foarm. Frou Watzema (oerlis) 1 jan 2022, 15.04 (CET)[beäntwurdzje]
? Ik kin jo riddenearring net folgje. As it om 'e oersichtlikens giet, dan soe de tabel dochs perfoarst yn gronologyske folchoarder stean moatte. Eltsenien scrollt fuortendaliks hielendal nei ûnderen, om't dat is wêr't normaal de nijste gegevens steane om't je no ienris by it begjin begjinne en by de ein einigje. Dan komme je yn dit gefal bedragen út en moatte je wer hielendal werom nei boppen.
As jo de bysûnderheden fan it oangeande jier graach yn 'e tabel werjaan wolle sadat alles yn ien eachopslach te sjen is, dan kin dat op dizze wize:
posysje
jier
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10
2007 Marije Maria
Reboelje
In nije dei
De Kast
Cliffs of Moher
Gurbe Douwstra
Ave Maria
Rommy
Fries om utens
Rolling Home
Op een dag
Gerrit Breteler
Frysk hynder
Griet Wiersma
Grutte grize fûgel
Frederike Kleefstra
It paad werom
Piter Wilkens
Lit jim gean Friezen
Gurbe Douwstra
Yn 2007 stie Marije Maria fan Reboelje foar de sânde kear op 'e rige boppe oan yn de Fryske Top 100. Dit jier wienen der tolve nijkommers yn de list, wêrfan Rommy it heechste plak behelle mei syn Ave Maria, hy stie op nûmer 4. Piter Wilkens wie de meast neamde artyst yn de list, hy stie mei trettjin nûmers yn de list.
2008 Cliffs of Moher
Gurbe Douwstra
Marije Maria
Reboelje
In nije dei
De Kast
Fries om utens
Rolling Home
Gabriella's Liet
Gezina van der Zwaag & De Bazuin
Op een dag
Gerrit Breteler
Frysk hynder
Griet Wiersma
Lit jim gean Friezen
Gurbe Douwstra
It paad werom
Piter Wilkens
Grutte grize fûgel
Frederike Kleefstra
Foar it earst sûnt de begjin fan de Fryske Top 100 yn 2004 stie Reboelje (mei Marije Maria) net mear boppe oan de list. Gurbe Douwstra loske mei Cliffs of Moher Reboelje as de nije nûmer ien ôf. Der stienen tweintich nijkommers yn de list, wêrfan Gezina van der Zwaag & De Bazuin de grutste stigers foarmen mei it ferske Gabriella's Liet, hja kamen op it fiifde plak út.
2009 Cliffs of Moher
Gurbe Douwstra
De mem fan Doutzen
Strawelte
Marije Maria
Reboelje
In nije dei
De Kast
Gabriella's Liet
Gezina van der Zwaag & De Bazuin
Fries om utens
Rolling Home
Op een dag
Gerrit Breteler
It paad werom
Piter Wilkens
Frysk hynder
Griet Wiersma
Fûgels
Die Twa
Yn de list fan 2009 stienen achttjin nijkommers. Lykas yn 2008 stie yn 2009 Gurbe Douwstra op 'e nij mei Cliffs of Moher boppe oan de list fan de Fryske Top 100. Heechste stiger, en ek de heechste nijkommer, fan it jier wie Strawelte, dy't mei it liet De Mem Fan Doutzen op plak 2 te stean kaam. De artyst mei de measte ferskes yn de list wie Piter Wilkens, mei tsien nûmers, wêrfan ien, It paad werom, yn de top tsien. De Kast stie mei seis nûmers en Anneke Douma mei fjouwer nûmers yn de Fryske Top 100. Der waarden likernôch 11.500 stimmen útbrocht.

ensfh.

Dan hawwe jo it echt yn ien eachopslach. Sa't it is, mei earst in stikje tekst oer elts jier en ûnderoan in tabel mei de top 10, kin it ek prima, mar dy ûnlogyske folchoarder fyn ik in grut beswier dat it oersjoch om hals bringt en dêrmei de side eins wat bedjert. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 1 jan 2022, 17.39 (CET)[beäntwurdzje]
Dat is wol hoe't it kin, mar toant ek fuortdaliks it punt fan te min oersjoch oan: troch se sa del te setten giet it oersjoch binnen de list ferlern. De list heart yn ien eachopslach de risseltaten sichtber te meitsjen. It jout yn jo foarstelde opset in ûnrêstich byld. Besikers sille witte wolle: Wat hat bygelyks de nûmer 1 yn de fiif foarôfgeande jierren dien? Hoe lang stiet dy al yn de list? Giet dy yn fergeliking mei oare jierren foar of efterút, of bliuwt dy al jierren op itselde plakje stean? Soks soe net pas dúdlik wurde moatte neidat earst de saken dy't net yn de list sels thúshearre der út te filterjen. Wa't in lange list brûke wol soe yn in lange list ek net earst nei ûnderen ta skrolle moatte. (koarte listen binne fan harsels oersichtlik). In oar soarte foarbyld fan in lange list: At guon de útslaggen fan in jierlikse Europeeske ssportwedstryd sjen wol, sil it harren benammen om de lêste winner gean. Net om alle kearen earst de âldste winners te sjen. Om dan earst alle winners sûnt njoggentjinhûndertsafolle troch te wrakseljen is net handich. Foaral net as it om listen giet dy't noch folle âlder en dus langer binne. Dan is anty-gronologyske folchoarder folle freonliker foar besikers. Frou Watzema (oerlis) 1 jan 2022, 19.26 (CET)[beäntwurdzje]
No, dêr wurde wy it blykber net oer iens. Anty-gronologyske listen haw ik altyd in grouwéligen hekel oan. Se binne nei myn ynsjen nearne goed foar, mar sette de lêzer just op 'e ferkearde foet en roppe argewaasje op om't de ynformaasje dy't je sykje altyd op it ferkearde plak stiet. Dus it is bepaald net freonliker foar besikers, sa't jo hawwe wolle. It is gewoan net logysk om mei de ein te begjinnen en mei it begjin te einigjen. En jo argumint dat je dan net omleech hoege te scrollen, begryp ik ek net. Jo dogge krekt as is dat sa'n drege put dat it suver net op te bringen falt. Ik sjoch net yn wat dêr no sa'n grut probleem oan is. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 1 jan 2022, 19.53 (CET)[beäntwurdzje]