[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Strawelte

Ut Wikipedy
Strawelte
band
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
sjongtaal Frysk, Nederlânsk
sjenre rûchhouwermuzyk
willepunk
bestean 19861990 (reunyen yn 2008, 2013, 2018, 2023)
manager Klaas Land
besetting
leden Foppe Land
Paul Alma
Harry Alma
Sjoerd Plantinga
âld-leden Cor de Haan
Freddie Ploeg
Johannes Stienstra
Klaas Land
Jacob Land

Strawelte wie in Frysktalige punkband út de Noardlike Fryske Wâlden. De band spile tusken 1986 en 1990 rûnom yn Fryslân en waard ferneamd troch syn entûsjaste optredens, faak foar lytse sealen en yn jongereinsintra. Neffens in sjoernalist fan de Ljouwerter Krante liet de muzyk him it bêste omskriuwe mei Willepunk, in definysje dy't letter steefêst en konsekwint brûkt wurde soe foar de muzykstyl fan Strawelte. Yn 2008 joech de band fjouwer reüny-konserten, yn 2013 tourde Strawelte mei de Hûnekop.

De jonge jierren (1986-1991)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De band waard yn 't lêst fan 1986 oprjochte troch Foppe Land (sjonger), Paul Alma (gitaar), Cor 'Pablo' de Haan (Bas), Johannes 'Smurf' Stienstra (gitaar) en Freddie Ploeg (drums). De band begûn ûnder de namme de Chickencatchers. It earste optreden hie de band op 6 maaie 1987 yn it jongereinsintrum it Koartling yn Bûtenpost, dêr't se ek harren oefenromte hiene. Nei dat earste optreden gie Johannes Stientra út de band en begûnen se yn it Frysk te sjongen. De namme waard feroare yn Strawelte en se krigen hieltiten mear optredens. Yn it foarjier fan 1988 stie it earst gruttere optreden op it programma, op Aaipop yn Nijlân. Nei oanlieding fan it ferslach yn de Ljouwerter Krante waard Strawelte steefêst ferbûn mei de term Willepunk, de oersetting fan it Nederlânske pretpunk dat de ferslachjouwer fan de LC brûkte om de muzyk fan Strawelte mei te omskriuwen. Yn 1988 ferskynde der in sammel-LP út fan it Koartling mei dêrop trije nûmers fan Strawelte.

Nei't se yn 1988 fjirde waarden yn de finale fan de Kleine prijs van Sneek, stoppe Freddie Ploeg. Syn plak waard ynnaam troch Harry Alma, it bruorke fan Paul. Letter dienen se ek mei oan de foarrûnen fan it Dokkumer Popkonkoers, dêr't immen út Litouwen wie dy't Strawelte graach foar in pear optredens yn Litouwen ha woe. Dat Strawelte sette yn april 1989 ôf nei Litouwen foar twa optredens yn Vilnjûs en Kaunas. Troch de wiidweidige ferslachjouwing fan de meireizge ferslachjouwer fan de Ljouwerter Krante Jacob Haagsma krigen se fannijs in bulte publisiteit. De bas wie by it Litouske aventoer oernaam troch Klaas Land, de broer fan Foppe. Nei weromkomst waard de bas oernaam troch Sjoerd Plantinga, dy't al earder yn de band meispylje woe.

Wâldrock 2008

As demo brocht de band Roech as tou út, en in elpee út mei de titel Teiwaar yn Tytsjerksteradiel.

Nei in protte optredens, waard yn 'e winter fan 1989/90 it beslút naam dat de band stopje soe. It ôfskiedskonsert waard op 29 juny 1990 holden yn kafee de Point yn Bûtenpost. Krekt nei it ôfskiedskonsert waard der al in reüny-optreden op Wâldrock yn Burgum dien. Nei it ferskinen fan in sammel-cd mei de namme Greta's Tits yn 1991 wie it foarearst dien.

Reüny-optredens (yn 2008 en 2013)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2007 kediisden de bandleden oer it op 'e nij byinoar kommen fan de groep. Yn 2008 makken se bekend dat se yn datselde jier wer optrede soenen. Foar it lêst fan 2008 waarden trije optredens yn Drachten (Iduna), Dokkum (Dok18) en Ljouwert (Romein) ynplend. De groep ferskynde op Wâldrock dêr't se harren nije single, de mem fan Doutzen, foar it earst spilen. It konsert yn Drachten wie fuort en direkt útferkocht sadat der in twadde konsert yn Iduna opset wurde koe. Omrop Fryslân makke in dokumintêre oer it ferline en de reüny fan de band. Nei de ein fan de fjouwer útferkochte reüny-konserten yn 2008 makken de bandleden dúdlik dat it echt dien wie mei Strawelte. Yn 2009 ferskynde de DVD Roech as tou, wat as in ôfslutende dokumintêre jilde koe.

Lykwols kaam de groep yn 2013 noch ien lêste kear by elkoar en mei de Hûnekop waarden nochris trije konserten organisearre. It lêste konsert fan Strawelte en de Hûnekop, it Hûnekopfestival fan 12 oktober 2013 yn it WTC Expo, hie dik 1500 besikers.

Yn 2018 treden se op op it Befrijingsfestival yn Ljouwert.

Yn 2023 kamen se wer byinoar om in optreden te jaan yn it Bolwurk yn Snits.

  • 3 nûmers op sammel elpee Koartling,LP 1988 - Cave Productions
  • Rouch As Tou, Demo 1989
  • Teiwaar Yn Tytsjerkstradiel, LP 1989 - Top Hole
  • Us Hûn Is Dea... Kroandea, single 1990 - Top Hole
  • Wâldrock Reünysingel, single 1990
  • Greta's Tits, CD 1991 - Top Hole
  • 1 nûmer op de FP Promosingle, single 1991 - Friesl.Pop
  • De Mem Fan Doutzen promo single 2008 -Marista
  • Roeg As Tou, CD 2008 -Marista
  • Jacob Haagsma, Strawelte "Willepunk", útjefte Strawelte, 1990.
  • Jacob Haagsma, Strawelte "Roech as tou!", Friese Pers Boekerij, Ljouwert-2008.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]