Cliffs of Moher
'Cliffs of Moher' is in harklietsje fan Gurbe Douwstra. De tekst en muzyk fan dit nûmer binne fan Gurbe Douwstra sels.[1] It liet ferskynde yn 2005 op syn CD Myn Eigen Paad.[2] It nûmer Cliffs of Moher is neamd nei de Kliffen fan Moher tusken de doarpkes Doolin en Liscannor oan de westkust fan Ierlân. It liet giet oer it tragyske ferhaal fan in man dy ’t syn faam de moaie Kliffen fan Moher sjen litte wol. Hy glydt lykwols út op it glystrige paad en foar de eagen fan syn faam glydt hy yn it iiskâlde seewetter en fynt de dea by de Cliffs of Moher.
Op dy CD spilet ek akkordeonfirtuoas Maírtin O 'Connor út Ierlân. Maírtin wie ûnder oare muzikaal lieder by 'Riverdance' en is ek te hearren op CD’s fan Rod Stewart, Mark Knopfler, Emmylou Harris en Dolores Keane.
Fan 2008 oant 2013 stie it nûmer it earste plak yn de Fryske Top 100 fan Omrop Fryslân. Ek de jierren dêrnei stie it nûmer yn de top-3 fan dy list.
Te hearren op
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Myn eigen paad (maaie 2011, CD)
- Twa troch Grytz & Grize (maart 2010, CD)
- Celtic tales troch Grollo & Brovazzo (febrewaris 2009, CD)
- Celtic coast; vol.5 - troch Kevin Toomey (novimber 2007, CD)
- De âlde púndyk by Del - Gurbe mei Doede Veeman, Jaap Louwes en Piter Wilkens (maart 2007, CD)
- It bêste út de Fryske Top 100 fan Omrop Fryslân (febrewaris 2006, CD)
- Metal dreams; vol.3 – útfierd troch Orphanage (maaie 2001, CD)
- By time alone – útfierd troch Orphanage (novimber 1996, CD)
- Silence of Europe; vol.2 troch Herman Schoonderwalt (oktober 1994)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|