[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

De Bazuin

Ut Wikipedy

De Bazuin is in brassband út Oentsjerk. De band waard yn 1924 oprjochte as fanfarekorps, yn 1971 waard it in brassband. De musisy komme út Fryslân en omkriten. De feriening hat trije orkesten, it A-orkest, it B-orkest en it C-orkest. It A-orkest stiet sûnt maart 1986 ûnder lieding fan Klaas van der Woude.

It programma bestiet út in griemmank fan komposysjes en arranzjeminten yn meardere stilen: klassyk, mar ek musicals, popmuzyk en orizjinele wurken foar brassband.

Op konkoersen spilet DBO yn de heechste ôfdieling. De band wûn fiif kear de Nederlânske Brassband Kampioenskippen en wûn meardere kearen it Survento Brassband Festival. Yn 1995 en 1999 wûn De Bazuin de titel Swiss Entertainment Champion.
Yn 1999 waard it twadde plak helle by de Europeeske Brassband Kampioenskippen yn München, yn 2004 en 2007 wûn De Bazuin Oentsjerk de Euro Brass Contest. Ek wurdt meiwurke oan konserten en cd-opnames foar solisten en ensembles. Sa waard yn 2008 in opname makke mei Gezina van der Zwaag mei it nûmer Gabriella's Liet.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: