[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Die Hard (film)

Ut Wikipedy
Die Hard
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur John McTiernan
produsint Lawrence Gordon
Joel Silver
senario Jeb Stuart
Steven E. de Souza
basearre op Nothing Lasts Forever
   fan Roderick Thorp
kamerarezjy Jan de Bont
muzyk Michael Kamen
filmstudio Gordon Company
Silver Pictures
distribúsje 20th Century Fox
spilers
haadrollen Bruce Willis
Alan Rickman
byrollen Alexander Godunov
Bonnie Bedelia
Reginald VelJohnson
Paul Gleason
William Atherton
Hart Bochner
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 12 july 1988
foarm langspylfilm
sjenre aksjefilm
taal Ingelsk (ek wat Dútsk)
spyltiid 132 minuten
budget en resultaten
budget $28 miljoen
opbringst $140,7 miljoen
filmsearje
filmsearje Die Hard
● folgjend diel Die Hard 2

Die Hard is in Amerikaanske aksjefilm út 1988 ûnder rezjy fan John McTiernan, mei yn 'e haadrollen Bruce Willis en Alan Rickman. De titel hat de letterlike betsjutting fan "ien dy't dreech stjert", wat yn dit gefal yndie sa opfet wurde kin, hoewol't der ornaris yn 'e figuerlike sin in "taaienien" mei bedoeld wurdt.

It ferhaal giet oer de New Yorkske plysjeman John McClane, dy't mei de kryst yn Los Angeles arrivearret om 'e feestdagen mei syn bern en syn fan him ferfrjemde frou Holly troch te bringen. As er Holly ôfhellet fan 'e krystfiering op har wurk, wurdt it gebou, krekt as hy dêr is, ynnommen troch in groep Dútske kriminelen û.l.f. Hans Gruber, dy't de oanwêzigen yn gizeling nimme. Inkeld McClane bliuwt op frije fuotten. Neitiid moat er sjen om Gruber-en-dy tsjin te hâlden.

Die Hard krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie yn 'e bioskopen in kommersjeel súkses. De film wurdt tsjintwurdich yn 'e regel beskôge as ien fan 'e bêste aksjefilms aller tiden. It súkses joech oanlieding ta it ûntstean fan 'e Die Hard-mediafranchise, mei fjouwer ferfolchfilms en adaptaasjes ta oare media. It direkte ferfolch wie Die Hard 2, dat útkaam yn 1990.

Op krystjûn arrivearret John McClane, in resjersjeur fan it New York Police Department, yn Los Angeles. Syn doel is om him te fermoedsoenjen mei syn fan him ferfrjemde rekke frou Holly en om dêrnei de kryst en âld en nij mei har en harren lytse bern Lucy en John jr. troch te bringen. Holly is in healjier earder nei Los Angeles ferfearn foar har wurk, om't se dêr promoasje meitsje koe yn it Japanske bedriuw dêr't se foar wurket, de Nakatomi Corporation. McClane gokte derop dat it neat wurde soe, mar hy wie mis, en no hat er mei syn dwersens syn houlik suver om hals brocht. Hy wurdt op 'e Ynternasjonale Lofthaven fan Los Angeles ôfhelle troch Argyle, de jonge, swarte sjauffeur fan in limûsine dy't stjoerd is troch Holly har baas, Joseph Takagi.

Argyle riidt McClane nei de Nakatomi Tower, de wolkekliuwer dy't de Nakatomi Corporation yn Los Angeles sette lit, wêrfan't de boppeste ferdjippings noch yn oanbou binne. Om't McClane net krekt wit hoe't er troch Holly ferwolkomme wurde sil, praat er mei Argyle ôf dat er syn bagaazje yn 'e limûsine efterlit, en dat Argyle neier berjocht fan him ôfwachtet yn 'e parkearkelder ûnder de wolkekliuwer. McClane wurdt nei de 30e ferdjipping ta stjoerd, dêr't in krystfiering geande is fan it management fan it bedriuw. Holly ûnthellet him ferrast mar freonlik, mar sy en McClane krije al rillegau wer rûzje. Wylst McClane him wat opfrist, docht er de skuon en de sokken út, om't er yn it fleantúch in mei-reizger troffen hat neffens wa't it ta in 'fûst' opkrôljen fan 'e teannen it bêste middel tsjin jetlag is.

Krekt op dat stuit kringt in swierbewapene binde fan Dútske kriminelen de wolkekliuwer binnen. De groep stiet ûnder lieding fan Hans Gruber en omfiemet fierders Karl, Tony, Franco, Theo, Alexander, Marco, Kristoff, Eddie, Uli, Heinrich, Fritz en James. Se fermoardzje de portier en in befeiligingsman, slute it gebou hermetysk ôf en nimme de likernôch tritich feestfierders yn gizeling. McClane wit as iennichste oan finzennimming te ûntkommen troch op 'e tiid út te naaien, mar hy is op bleate fuotten en inkeld klaaid yn in broek en in himd. Underwilens hat Argyle, yn 'e parkearkelder, efteryn syn limûsine plaknommen om nei de ynboude tillefyzje te sjen. Hy hat boppedat de muzyk lûd oan en sjocht en heart sadwaande neat fan 'e hiele ynname fan it gebou.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Gruber nimt Takagi apart en leit him út dat hy en syn mannen gjin terroristen binne, mar dat se it ynstee foarsjoen hawwe op 'e $640 miljoen oan ferhannelbere obligaasjes dy't yn 'e klûs fan 'e Nakatomi Tower lizze. Dy klûs is beskoattele mei sân ûnderskate slotten: fjouwer digitalen, twa meganysken en in elektro-magnetysken-ien. Gruber wol fan Takagi de wachtwurden foar de digitale slotten hawwe. As Takagi antwurdet dat er dy net jaan kin om't er dy ynformaasje simpelwei net hat, sjit Gruber him dea. McClane, dy't fan in sideplak ôf it petear yn 'e rekken hâldt, makket dat er fuortkomt en ferriedt himsels dêrby op in hier nei troch leven te meitsjen.

Neitiid giet Theo, in hacker, oan 'e gong giet mei it iepenjen fan 'e klûs. McClane lûkt him werom nei de boppeste ferdjippings fan it gebou, dy't noch yn oanbou binne. Hy piniget himsels mei skuldgefoelens oer de dea fan Takagi oant er syn gedachten in brûkberder kant út twingt. Hy lit in brânalaarm ôfgean om 'e oandacht fan 'e plysje te lûken, mar Gruber lit ien fan syn mannen it alaarmnûmer opskilje om út te lizzen dat it falsk alaarm is. Gruber hat no lykwols al foar it ferstân dat der noch immen yn it gebou frij omrint. Oan 'e hân fan 'e ferdjipping dêr't it brânalaarm ôfgien is, bepaalt er McClane syn posysje en stjoert dan ien fan syn mannen, Tony, om him út 'e ljochten te helpen. By de fjochtpartij dy't folget, rûgelje McClane en Tony tegearre by in trep del en brekt Tony syn nekke. McClane nimt him syn portofoan, mitrailleur en munysje ôf, mar syn skuon binne him spitigernôch ferskate maten te lyts. Hy stjoert Tony yn 'e lift werom nei ûnderen en riidt sels op it dak fan 'e lift mei, sadat er de reäksjes fan Gruber en de oaren sjen en hearre kin. Sa kriget er in idee oer mei hoefolle oft syn tsjinstanners binne en hoe't se hjitte.

McClane set nei it dak fan 'e wolkekliuwer ta, om't er dêrwei it bêste berik hat, en besiket dan mei de bútmakke portofoan kontakt op te nimmen mei it Los Angeles Police Department (LAPD). Dat slagget, mar fanwegen it eardere falsk alaarm op deselde lokaasje, mient de pleatlike plysje dat se mei in ferfelende grapmakker te krijen hawwe. Pas as Gruber Karl, de broer fan Tony, mei twa oaren fan syn trewanten nei it dak stjoert en McClane syn wanhopige pleidoai ôfbrutsen wurdt troch skotten, beslút men yn 'e meldkeamer fan 'e plysje om immen te stjoeren om it spul te hifkjen. Mei muoite wit McClane it dak te ûntflechtsjen. Fan in legere ferdjipping ôf sjocht er letter brigadier Al Powell yn syn plysje-auto it plein foar de wolkekliuwer opriden. Powell stapt út, sjocht om him hinne en bejout him nei de lobby, dêr't er in petear hat mei de portier (eins Eddie, ien fan Gruber syn mannen). Om't er neat nuvers gewaarwurdt, giet er werom nei syn auto.

Underwilens is McClane folge troch Heinrich en Marco. Dy beiden komme him oer it mad, mar hy wit harren te deadzjen. As er sjocht dat Powell wer fuort sil, brekt er in rút en smyt it lyk fan Marco boppe-op 'e motorkap fan 'e plysje-auto. De oare kriminelen iepenje dêrop fuortendaliks it fjoer op Powell om him út te skeakeljen, mar dy wit mei in wylde rit yn 'e efterút te ûntkommen út harren skotfjild en romt de help yn fan it LAPD. De plysje tsjocht mei mannemacht út en stelt in belegering fan 'e wolkekliuwer yn. McClane treft yn 'e bútmakke tas fan Heinrich C-4-eksplosiven en ûntstekkers oan. Dêrmei bringt er Gruber in gefoelige tik ta, want dy moat de ûntstekkers noch brûke en wol se beslist weromhawwe. De egoïstyske ferslachjouwer Richard Thornburg heart op 'e plysje-radio fan 'e opskuor by de Nakatomi Tower en bejout him dêrhinne mei in kameraploech. As de normale tillefyzjeprogrammearring ûnderbrutsen wurdt troch syn nijsreportaazje, kriget Argyle, dy't noch altyd sûnder euvelmoed yn syn limûsine yn 'e parkearkelder ûnder it gebou sit, foar it earst troch dat der wat mis is.

McClane hâldt fia de portofoan kontakt mei Powell, mar se kinne net frijút prate, mei't Gruber en syn mannen al harren petearen ôfharkje. McClane hâldt dêrom syn identiteit geheim, hoewol't Powell him oan syn praat weromken as in kollega-plysjeman. De ynkompetinte ûnderkommissaris Dwayne T. Robinson nimt de lieding oer de plysje-operaasje oer en beslút in wraam op it gebou te dwaan. It spesjalistyske SWAT-arrestaasjeteam dat er derop útstjoert, wurdt lykwols delmeand troch Gruber syn mannen, en as er in pânserfiertúch foarút stjoerd, brûke James en Alexander anty-tankraketten om it op te blazen. By wize fan ferjilding smyt McClane syn bútmakke eksplosiven mei in kompjûtermonitor as provisoaryske ûntstekking yn in liftskacht. Dat resultearret yn in reuseftige eksploazje dêr't James en Alexander by omkomme. Neitiid nimt Gruber kontakt op mei Robinson en docht himsels mei opsetsin foar as terrorist troch by wize fan ôfliedingsmaneuver de frijlitting fan oare terroristen yn Noard-Ierlân, Kanada en Sry Lanka te easkjen.

Holly hat ûnderwilens de flater begien om oan har ûnbetroubere, kokaïnesnuvende kollega Harry Ellis te fertellen dat de keardel dy't de kriminelen sa dwers sit, har man John McClane is. Ellis beslút dat McClane harren allegearre de dea ynjeie sil as er sa trochgiet. Mei't er yn syn eigen fantasij witwat mânsk is (hoewol't eins neat foarstelt), stapt er nei Gruber ta, dy't er wysmakket dat hy wit wa't de dwersbongel is, nammentlik syn freon John McClane, en dat er him safier krije kin dat er him oerjout. McClane, dy't wol foar it ferstân hat dat Gruber him deameitsje sil as er him oerjout, wegeret mei te wurkjen oan Ellis syn plantsje en smeket de man om Gruber te fertellen dat se inoar amper kenne. Mar Ellis, dy't smoarfol mispleatst selsfertrouwen sit, hâldt oan it lêst ta fol en wurdt troch Gruber deasketten. Troch Ellis syn stunt wit Gruber no wa't er foar him hat, en Thornburg, dy't harren petearen ôfharket, wit dat ek. Syn assistinte spoart Holly har adres op, dêr't Thornburg him hinne hastiget om mar as earste de meast sensasjonele nijsreportaazje meitsje te kinnen.

Gruber moat beslist de ûntstekkers weromhawwe om't hy en syn mannen it meastepart fan harren eksplosiven oanbrocht hawwe ûnder it dak fan 'e wolkekliuwer. As er dy springstofladings ynspektearret, komt McClane him oer it mad, mar Gruber beart dat er in ûntsnapte gizelder is oant McClane him bewapenet mei syn eigen pistoal: dan besiket er McClane dea te sjitten. Mar McClane, dy't ek net gek is, hat him in leech pistoal jûn om him te hifkjen. Gruber wit te ûntkommen as Karl, Franco en Fritz arrivearje en McClane ûnder fjoer nimme. Gruber en Karl efterfolgje him dêrnei troch de kantoarromtes fan it gebou. Mei't Gruber sjoen hat dat McClane op bleate fuotten is, hjit er Karl om alle ruten stikken te sjitten, sadat de flier besiedde komt te lizzen mei glêsskerven. McClane wit te ûntkommen, mar hy snijt himsels dêrby raar yn 'e soallen. Ek ferliest er de tas mei de ûntstekkers, dy't Gruber weromfynt. Mei ferromming stelt dyselde fêst dat syn plan no wer fierder kin.

Wylst McClane him yn in wc-romte by de waskbak de stikken glês út 'e fuotten hellet en syn wûnen ferbynt mei syn smoarge himd, wurdt bûtendoar de lieding oer de belegering fan it gebou oernommen troch twa FBI-aginten, in blanken en in swartenien, dy't allebeide Johnson hjitte. Theo hat ûnderwilens de seis digitale en meganyske slotten fan 'e klûs brutsen, mar it lêste, elektro-magnetyske slot kin er neat mei wurde. Gruber, dy't op 'e hichte is fan it draaiboek fan 'e FBI yn it gefal fan in gizeling, sit der net oer yn. Krekt sa't er al tocht hie, is ien fan 'e earste dingen dy't de beide Johnsons dogge it ôfsluten fan 'e elektrisiteit nei de Nakatomi Tower. Dat stelt it elektro-magnetyske slot bûten wurking, wêrnei't Gruber en Theo de klûs binnenkuierje en de weardepapierren meinimme kinne.

Gruber nimt kontakt op mei de FBI en easket in helikopter foar him en syn mannen sadat se har mei de gizelders nei de lofthaven bejaan kinne, dêr't in fleantúch foar harren klearset wurde moat om har nei it bûtenlân te bringen. De Johnsons sizze ta sa'n helikopter te stjoeren, mar litte ynstee in gefjochtshelikopter komme. Ynstee fan 'e terroristen fan it dak fan 'e wolkekliuwer op te pikken, binne se fan doel om 'e terroristen mei grou geweld te fermoardzjen. Se ferwachtsje dat dêrby ek likernôch 20% fan 'e gizelders omkomme sil, mar dat fine se in hiel reedlik persintaazje. Gruber-en-dy binne ûnderwilens fan doel om inkeld de gizelders op it dak te setten, en as de helikopter lânet it dak mei helikopter en al op te blazen, om sa harren eigen dea yn sêne te setten. McClane, dy't weromgien is nei it dak om út te sykjen wat Gruber dêr útheefde doe't er him dêr trof, ûntdekt de eksplosiven. Underwilens is Thornburg troch Holly har húshâldster Paulina te yntimidearjen yn har hûs binnenkrongen, dêr't er har lytse bern fan bêd helle hat om harren te ynterviewen foar syn reportaazje oer John McClane. As dat stikje útstjoerd wurdt, ûntdekt Gruber foar it earst dat Holly, dy't op har wurk har famkesnamme Gennero brûkt, McClane syn frou is.

De kriminelen stjoere de gizelders, útsein Holly, dy't Gruber no by him hâldt, nei it dak ta. McClane set harren efternei, ferslacht Karl en deadet Uli. Dêrnei besiket er de gizelders te bepraten om wer nei ûnderen te gean. As dat in diskusjepunt driget te wurden, sjit er mei syn bútmakke mitrailleur yn 'e loft om 'e gizelders nei ûnderen ta te driuwen. Dat slagget, mar Johnson en Johnson, yn 'e helikopter, sjogge him no oan foar ien fan 'e terroristen, en nimme him ûnder fjoer. As Gruber heart dat de gizelders wer nei ûnderen komme, blaast er fuortendaliks it dak op. McClane ûntkomt op spektakulêre wize troch by de wolkekliuwer del te springen mei in brânslang om 'e mul bûn en in stik of tsien ferdjippings leger in rút te brekken om wer nei binnen te kommen. De helikopter fan 'e FBI-mannen, dy't te leech boppe it dak hong, wurdt troch de ûntploffing lykwols ferneatige. Underwilens set Theo yn 'e parkearkelder in ambulânse klear dy't Gruber en syn mannen as ûntsnappingsfiertúch brûke wolle. Dat is lykwols bûten Argyle rekkene, dy't mei syn limûsine op 'e ambulânse ynriidt en dêrnei in fersufte Theo bewusteleas slacht.

In wurch striden McClane treft, nei't er Kristoff bûten gefjocht steld hat, Holly as gizelster fan Gruber en Eddie oan. Op syn fraach wêrom't de gizelders no eins dea moasten, antwurdet Gruber dat men ienfâldichwei ferdwine kin as men $600 stelt. As men lykwols $600 miljoen stelt, komme der minsken efter jin oan dy't trochgeane oant se jin opspoard hawwe, òf it moat wêze dat se miene dat jin al dea binne. McClane beart dat er him oerjaan wol, lit syn mitrailleur falle, en docht de hannen omheech. Hy hat lykwols mei duct tape in pistoal tusken syn skouderblêden fêstmakke, en as Gruber ôflaat rekket, skuort er dat te foarskyn, ferwûnet Gruber en sjit Eddie dea. Gruber falt troch in finster, mar rêdt himsels troch Holly har pols beet te hâlden. McClane makket it bantsje fan har polshorloazje los, dêr't Gruber gryp op hat, wylst Gruber risselwearret om him dea te sjitten. It bantsje komt it earst los en Gruber falt te pletter. Neitiid wurde de oerlibjende kriminelen arrestearre troch de plysje, wylst de gizelders opfongen wurde.

McClane en Holly ferlitte tegearre de wolkekliuwer en wurde bûtendoar opwachte troch ûnderkommissaris Robinson, dy't McClane ferwiten begjint te meitsjen. In konfrontaasje tusken de beide mannen wurdt lykwols foarkomd as Karl, dy't him foardocht as ien fan 'e gizelders, ynienen in fjoerwapen foar it ljocht hellet en McClane deasjitte wol út wraak foar de dea fan syn broer Tony. McClane wurdt rêden troch Powell, dy't Karl deasjit. Fuort dêrnei stapt Thornburg mei in mikrofoan op McClane en Holly ta, mar Holly, dy't him weromken as de ferslachjouwer dy't har hûs ynkrongen en har bern foar syn eigen gewin misbrûkt hat, huft him yn it gesicht en slacht him dêrby twa tosken út 'e mûle. Neitiid nimme McClane en Holly alhiel mei-inoar fermoedsoene plak yn 'e limûsine fan Argyle, dy't harren nei hûs ta bringe sil.

Bruce Willis yn 2010.
Alan Rickman yn 2011.
Bonnie Bedelia yn 1974.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
John McClane Bruce Willis
Hans Gruber Alan Rickman


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Karl Alexander Godunov
Holly Gennero McClane Bonnie Bedelia
brigadier Al Powell Reginald VelJohnson
ûnderkommissaris Dwayne T. Robinson Paul Gleason
Richard Thornburg William Atherton
Harry Ellis Hart Bochner
Clarence Gilyard Theo
Argyle De'voreaux White
Joseph Yoshinobu Takagi James Shigeta
Franco Bruno Doyon
Tony Andreas Wisniewski
Alexander Joey Plewa
Marco Lorenzo Caccialanza
Kristoff Gerard Bonn
Eddie Dennis Hayden
Uli Al Leong
Heinrich Gary Roberts
Fritz Hans Bühringer
James Wilhelm von Homburg
FBI-agint Johnson (blank) Robert Davi
FBI-agint Johnson (swart) Grand L. Bush
assistinte fan Thornburg Tracy Reiner
Paulina Betty Carvalho
Lucy McClane Taylor Fry
John McClane jr. Noah Land

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Die Hard waard basearre op 'e roman Nothing Lasts Forever, fan Roderick Thorp, út 1979. Dat boek wie in ferfolch op The Detective, út 1966, dêr't yn 1968 in ferfilming fan útkaam mei deselde titel. Yn dy súksesfolle film waard de haadrol spile troch Frank Sinatra. Dêrfandinne dat de makkers fan Die Hard kontraktueel ferplichte wiene om 'e haadrol yn harren film earst oan Sinatra oan te bieden. Mei't dy begjin 1980-er jierren al yn 'e santich wie, sloech er it oanbod ôf.

Neitiid waard it senario dat Jeb Stuart en Steven E. de Souza op basis fan Nothing Lasts Forever skreaun hiene, foarlein oan ferskate akteurs, ûnder wa Sylvester Stallone, Harrison Ford, Don Johnson, Richard Gere, Clint Eastwood en Burt Reynolds, dy't de rol fan John McClane lykwols allegear ôfsloegen. Uteinlik waard de rol, fierhinne op basis fan syn populariteit as haadpersoan yn 'e detektivesearje Moonlighting, oanbean oan Bruce Willis. Hoewol't dy mar ien ridlik súksesfolle eardere film op syn konto hie, betong er in salaris fan $5 miljoen, in bedrach dat normaal inkeld oan 'e grutste filmstjerren taparte waard.

Die Hard waard regissearre troch John McTiernan, foar wa't it de trêde film wie, nei Nomads (1986) en Predator (1987). As produsinten wiene Lawrence Gordon en Joel Silver by it projekt belutsen foar de filmstudio's Gordon Company en Silver Pictures. Foar de film wie in budget beskikber fan $28 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan 'e Nederlânske sinematograaf Jan de Bont, wylst de filmmuzyk fersoarge waard troch Michael Kamen.

Yn it oarspronklike skript fûn de gizeling yn 'e wolkekliuwer plak oer in tiidsspanne fan trije dagen, mar McTiernan waard ynspirearre troch it toanielstik A Midsummer Night's Dream fan William Shakespeare om it hiele ferhaal plakfine te litten yn ien nacht. It personaazje fan John McClane waard pas healwei de produksje hielendal útwurke, doe't McTiernan en Willis besleaten dat de plysjeman ien is dy't himsels net bot lije mei. Oarspronklik soene de gizelnimmers terroristen mei in politike aginda wêze, mar McTiernan besleat om der sljochtwei dieven fan te meitsjen dy't harren foardogge as terroristen om 'e autoriteiten op in dwaalspoar te setten. As der oer Die Hard sprutsen of skreaun wurdt, sjocht men gauris dat Hans Gruber en syn mannen oantsjut wurde as Eastdútsers, hoewol't yn 'e film dúdlik neamd wurdt dat Gruber in Westdútser is.

De opnamen foar Die Hard fûnen plak yn 'e winter fan 1987 op 1988. It haadkertier fan filmstudio 20th Century Fox, oan Fox Plaza yn Century City, in wyk fan Los Angeles, die tsjinst as de Nakatomi Tower. Dat gebou wie op dat stuit echt noch yn oanbou, en it wie it idee fan produksje-ûntwerper Jackson De Govia om it te brûken foar de opnamen fan Die Hard. De sêne wêryn't in pânserfiertúch fan 'e plysje de reling fan in trep foar de yngong fan 'e wolkekliuwer stikken riidt, wie it resultaat fan ûnderhannelings mei de direksje fan 20th Century Fox dy't moannen duorre hiene. De sêne wêryn't McClane yn in liftskacht by in fentilaasjekanaal lâns falt dêr't er nei rikt en him dan oan in legere iepening fêstgrypt om syn fal te brekken, wie eins in echte misgryp fan 'e stunt double fan Bruce Willis, dy't regisseur John McTiernan en filmeditor Frank J. Urioste yn 'e film besleaten op te nimmen.

Fox Plaza yn Los Angeles tsjinne as de setting foar Nakatomi Plaza.

Foar Alan Rickman, dy't Hans Gruber spile, wie it syn earste filmrol. De sêne wêryn't Gruber en McClane inoar moetsje en Gruber beart in ûntsnapte gizelder te wêzen, siet earst hielendal net yn 'e film, en waard der pas ynskreaun doe't bliken die dat de Ingelsman Rickman yn in suver net fan echt te ûnderskieden Amerikaansk-Ingelsk aksint prate koe. Foar syn stjersêne foel Rickman 21 m omleech op in sêft oerflak mei in green screen, dêr't letter de eftergrûn fan it útsjoch út in wolkekliuwer ûnder plakt waard. It shot dat foar de film brûkt waard, wie de earste take; om't Rickman mei opsetsin earder falle litten waard as mei him ôfpraat wie, is de útdrukking fan eangst op syn gesicht echt.

De distribúsje fan Die Hard waard fersoarge troch 20th Century Fox. De film gie op 12 july 1988 yn Los Angeles yn premiêre, en iepene dêrnei op 15 july yn 'e Amerikaanske bioskopen.

It byhearrende soundtrackalbum ferskynde pas yn febrewaris 2002 by platemaatskippij Varèse Sarabande, mar inkeld yn in beheinde oplaach fan 3.000 eksimplaren. Yn novimber 2011 waard it op 'e nij útbrocht by La-La Land Records, diskear yn in oplaach fan 3.500 eksimplaren.

Fan 'e filmkritisy krige Die Hard oer it algemien positive resinsjes. De foaroansteande Britske resinsint Mark Kermode omskreau de film as "Cowboys en Yndianen yn The Towering Inferno." Oan 'e oare kant fûn Roger Ebert, fan 'e Chicago Sun-Times, de film mar sa-sa. Hy parte Die Hard mar 2 fan 4 stjerren ta en skreau dat er him benammen ergere hie oan 'e stommens fan ûnderkommissaris Robinson, dy't "hielendal allinne mei súkses de twadde helte fan 'e film bedjert." Tsjintwurdich wurdt Die Hard lykwols rûnom sjoen as ien fan 'e bêste aksjefilms dy't ea makke binne. Ek wurdt it gauris ien fan 'e bêste krystfilms aller tiden neamt (hoewol't haadrolspiler Bruce Willis folhâldt dat in aksjefilm gjin krystfilm wêze kin).

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Die Hard in heech goedkarringspersintaazje fan 92%, basearre op 64 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De] withoefolle imitaasjes (en ferfolchfilms) binne nea sels mar yn 'e buert kommen fan 'e strak lutsen spanning fan [dizze] ultime krystaksjeklassiker." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Die Hard in goedkarringspersintaazje fan 70%, basearre op 13 resinsjes.

Die Hard brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $83,0 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $57,7 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $140,7 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $28 miljoen betsjut dat in winst fan $112,7 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Die Hard waard yn 1989 nominearre foar fjouwer Oscars, te witten: yn 'e kategoryen bêste filmmontaazje, bêste lûdsmontaazje, bêste lûdsmixing en bêste special effects. Michael Kamen wûn foar syn filmmuzyk fan Die Hard yn 1989 in BMI Film Music Award.

It súkses fan Die Hard late ta it ûntstean fan 'e Die Hard-mediafranchise, dy't anno 2021 fjouwer ferfolchfilms omfettet: Die Hard 2 (1990), Die Hard with a Vengeance (1995), Live Free or Die Hard (2007) en A Good Day to Die Hard (2013). De franchise omfiemet fierders ferskate fideospultsjes en strips.

Tekenjend foar it plak dat Die Hard yn 'e filmskiednis ynnimt, is it feit dat it stadichoan smoarger wurdende himd fan John McClane (dat oan it begjin fan 'e film wyt is), yn july 2007 troch Bruce Willis skonken waard oan it Nasjonaal Museum fan 'e Amerikaanske Skiednis, in ûnderdiel fan it Smithsonian Ynstitút yn Washington, D.C. It gekoanstekkerige sitaat fan John McClane tsjin Hans Gruber, Yippee ki yay, motherfucker! is legindarysk wurden en makket no diel út fan 'e Westerske popkultuer. Oare aksjefilms wurde gauris beoardiele mei Die Hard as mjitstêf; se wurde dan omskreaun as "Die Hard op/yn …" Foarbylden binne Under Siege ("Die Hard op in slachskip"); Passenger 57 ("Die Hard yn in fleantúch"); The Rock ("Die Hard op in eilân"); en Olympus Has Fallen en White House Down ("Die Hard yn it Wite Hûs").

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Die Hard (filmsearje)
Die Hard (1988) • Die Hard 2 (1990) • Die Hard with a Vengeance (1995) • Live Free or Die Hard (2007) • A Good Day to Die Hard (2013)