[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Munysje

Ut Wikipedy

Munysje of ammunysje is de sammelnamme foar in gearstal fan projektilen en harren driuwlading. Yn it generaal wurde ek bommen, granaten, minen en torpedo's ta munysje rekkene. De term wurdt brûkt by de striidkrêften en komt fan it Frânske la munition, ôflaat fan it Latynske munire (foarsjen).

Yn it foarste plak wurdt mei munysje bedoeld patroanen (in gearstal fan projektyl (kûgel), driuwende lading (krûd) en ûntstekking, byinoar hâlden middels in huls) foar fjoerwapens.

Oerdrachtlik wurdt de term en brûkt as oantsjutting foar de argumintaasje dy't yn in debat hantearre wurdt om de tsjinstanner te bestriden.