[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Blades of Glory

Ut Wikipedy
Blades of Glory
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Josh Gordon
Will Speck
produsint John Jacobs
Ben Stiller
Stuart Cornfield
senario John Altschuler
Jeff Cox
Craig Cox
Dave Krinsky
kamerarezjy Stefan Czapsky
muzyk Theodore Shapiro
filmstudio DreamWorks Pictures
MTV Films
Red Hour Productions
Smart Entertainment
distribúsje Paramount Pictures
spilers
haadrollen Will Ferrell
Jon Heder
byrollen Jenna Fischer
Craig T. Nelson
Will Arnett
Amy Poehler
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 30 maart 2007
foarm langspylfilm
sjenre sportkomeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 93 minuten
budget en resultaten
budget $61 miljoen
opbringst $144,5 miljoen

Blades of Glory is in Amerikaanske sportkomeedzjefilm út 2007 ûnder rezjy fan Josh Gordon en Will Speck, mei yn 'e haadrollen Will Ferrell en Jon Heder. De titel betsjut: "Redens fan Gloarje". It by fleagen bizarre ferhaal folget twa rivalisearjende keunstriders, Chazz Michael Michaels en Jimmy MacElroy, dy't allebeide útranzjearre binne as solosporters en dêrom mar it earste keunstriidduo foarmje dat net út in man en in frou, mar út twa manlju bestiet. Blades of Glory krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en woeks yn 'e bioskopen út ta in beskieden kommersjeel súkses.

Op 'e (fiktive) Wrâldwintersportspullen fan 2002 komme by it keunstriden foar manlju twa talintearre Amerikaanske rivalen tsjininoar út. It binne de gleie seksferslaafde Chazz Michael Michaels en it ferweakke heitepopke Jimmy MacElroy. Se behelje in dield earste plak. Wylst se ûnder de priisútrikkingsseremoanje tegearre op 'e heechste treed fan it poadium steane, krije se spul dat eskalearret ta slaanderij en einiget mei it by fersin yn 'e brân stekken fan 'e maskotte fan 'e Wrâldwintersportspullen. Fan gefolgen pakt de Amerikaanske Nasjonale Keunstriid Assosjaasje, dy't ornearret dat de beide mannen de Feriene Steaten te skande makke hawwe, harren har gouden medaljes ôf. Ek wurde se allebeide foar it libben útsletten fan it keunstriden. De adopsjeheit fan MacElroy, de miljardêr Darren MacElroy, dy't yn alle dingen altyd winne wol, fynt de fjochtpartij net sa slim, mar it feit dat syn soan in dield earste plak behelle hat, is foar him net goed genôch. Hy ûntslacht coach Robert sadree't de útslach bekend is, en letter, ûnderweis nei hûs, ûntervet er syn soan, dy't er dêrnei oan 'e kant fan 'e dyk út syn limûsine set.

Trije en in heal jier letter hawwe de mannen allebeide mei tsjinnichheid in oar bestean opboud. MacElroy wurket yn in wintersportwinkel, dêr't er weromset wurdt ta magazyntsjinst as er yn 'e winkel net nei in lyts famke harkje wol, dat seit dat er har de reed te strak oanbûn hat. Underwilens spilet de oan 'e drank rekke Michaels de rol fan 'e Boaze Tsjoender yn in toanielstik op redens foar bern, oant er ûntslein wurdt as er in opfiering fan 'e show bedjert trochdat er stomdronken op syn wurk ferskynt.

Hector, de obsessive stalker fan MacElroy, makket dyselde opmerksum op in mesk yn 'e regeljouwing fan 'e Amerikaanske Nasjonale Keunstriid Assosjaasje: hy is útsletten fan it keunstriden foar manlju, mar net fan it keunstriden foar pearen. MacElroy nimt dêrop kontakt op mei syn âlde coach, Robert, dy't op in manear sint om wraak te nimmen op Darren MacElroy foar de behanneling dy't er fan dy man krigen hat. Hy ornearret dat it datoangeande it moaiste wêze soe as er fan Jimmy MacElroy in wrâldkampioen meitsje kin bûten eltse bemuoienis fan syn eardere adopsjeheit om. Sadwaande stimt er ta om MacElroy te trainen. De syktocht nei in partner rint lykwols op 'e non, oant Robert it lumineuze idee kriget om Chazz Michael Michaels te freegjen. Dy sit nammers yn itselde skip en nearne yn 'e regels fan it keunstriden stiet dat in pearke út in man en in frou bestean moat. Robert hat der klauwen oan om MacElroy en Michaels fan syn plan te oertsjûgjen, mar hy wit se safier te krijen dat se it besykje wolle.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Robert hâldt de beide keunstriders foar dat se leare moatte sille om gear te wurkjen as se winne wolle. Dat giet noch net sa maklik, mar úteinlik witte de beide mannen harren oer de antypaty hinne te setten dy't se foarinoar fiele. Dan komt de coach mei wat nijs: om in kâns op 'e wrâldtitel te hawwen, sille se de 'Izerne Lotus' útfiere moatte, in keunstriidmaneuver dy't er sels jierren lyn betocht hat, mar dy't sa gefaarlik is dat er noch mar ien kear útfierd is. Dat wie yn Noard-Koreä, en it resultearre deryn dat de manlike keunstrider syn froulike partner mei syn redens ûnthalze. Robert is der lykwols fan oertsjûge dat twa manlju de Izerne Lotus better útfiere kinne sille, omreden fan harren gruttere mienskiplike lichaamlike krêft.

Underwilens wurde de ferwachte winners fan it wrâldkampioenskip keunstriden foar pearen, it Amerikaanske broer-en-susterteam Stranz en Fairchild Van Waldenberg, senuweftich oer de opmars fan Michaels en MacElroy by kwalifikaasjetoernoaien foar de Wrâldwintersportspullen. As de Wrâldwintersportspullen yn Montreal oanbrekke, befelje se dêrom harren Jiskepûster-eftige jongere suster Katie om 'e dynamyk binnen it nije keunstriidteam te fersteuren troch derfoar te soargjen dat MacElroy fereale op har wurdt en dêrnei seksuële omgong te hawwen mei Michaels. Katie wurdt lykwols sels fereale op MacElroy, en har broer en suster moatte dermei driigje om him wat oan te dwaan ear't se dwaan wol wat har sein wurdt.

Katie lûkt de belangstelling fan Michaels troch nei in gearkomste foar anonime seksferslaafden te gean, dêr't hy ek oanwêzich is, en te bearen dat sy ek seksferslaafd is. Neitiid nûget se him út om mei te gean nei har keamer yn it sportersferbliuw, dêr't se besiket him te ferlieden. De relaasje tusken Michaels en MacElroy is lykwols yn 'e tuskentiid safolste opbettere, dat Michaels himsels bedimmet en ta Katie har grutte ferromming net op har foarstel yngiet. Nettsjinsteande dat kin er it net litte om har boarsten fêst te gripen. Krekt op dat stuit komt MacElroy de keamer binnen. Hy is poerrazen om wat er sjocht as it ferrie fan sawol Katie as Michaels. Dy lêste besiket ferskate kearen om him te ferûntskuldigjen, mar MacElroy wol net nei him harkje.

Yn in (ûnnedich) besykjen om 'e dielname fan Michaels en MacElroy oan 'e Wrâldwintersportspullen, de folgjende deis, noch fierder te sabotearjen, ûntfiere Stranz en Fairchild harren allebeide, mei as doel om harren oant nei de Spullen fêst te hâlden. Allebeide witte de mannen lykwols te ûntsnappen: MacElroy mei help fan Katie, en Michaels op eigen krêft, sij it op bizarre wize. Wylst MacElroy senuweftich stiet te wachtsjen, arrivearret Michaels op bombastyske wize krekt op 'e tiid yn it stadion. Dêr hawwe Stranz en Fairchild dan krekt harren frije kür ôfrûne, wêrby't se ferklaaid as John F. Kennedy en Marilyn Monroe in stikje Amerikaanske skiednis opfierd hawwe, kompleet mei grafyske ôfbylding fan seks en in doaske fol pillen as ferwizing nei Monroe har selsmoard.

Michaels en MacElroy lizze harren skeel fluch-fluch by en begjinne dan oan harren eigen frije kür. As it foar harren giet dat it slydjaget, skuort Fairchild har pearelkeatling stikken en smyt de pearels op it iis. Ien dêrfan komt Michaels ûnder de reed; hy makket in misslach en brekt syn ankel. Dêrtroch is er net by steat om syn oandiel yn 'e Izerne Lotus út te fieren. MacElroy biedt dêrop oan om mei him fan plak te wikseljen. Hoewol't se de Izerne Lotus nea op dizze wize oefene hawwe, fiere se de maneuver perfekt út en winne se de kompetysje. MacElroy en Katie fermoedsoenje harren mei-inoar, wylst Stranz en Fairchild arrestearre wurde foar de ûntfierings en om't Stranz by fersin in maskotte delsketten hat. De beide arrestanten begjinne mei-inoar te redendielen, mar tútsje inoar dan op oerdúdlik ynsestueuze wize foar't se ôffierd wurde troch de Royal Canadian Mounted Police. Michaels en MacElroy ûntfange de gouden medalje en fleane dan tegearre fuort troch de loft mei de raketten dy't oan harren redens montearre binne.

Will Ferrell.
Jon Heder.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Chazz Michael Michaels Will Ferrell
(keunstriden: Chad Brennan)
Jimmy MacElroy Jon Heder
(keunstriden: Ethan Burgess)


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Katie Van Waldenberg Jenna Fischer
coach Robert Craig T. Nelson
Stranz Van Waldenberg Will Arnett
(keunstriden: Patrick Hancock)
Fairchild Van Waldenberg Amy Poehler
(keunstriden: Tiffany Scott)
Darren MacElroy William Fichtner
Jesse Romany Malco
Hector Nick Swardson
Bryce Rob Corddry
kommissaris Ebbers William Daniels
seksterapeut Luke Wilson
de jonge Jimmy MacElroy Zachary Ferren
harsels keunstriidster Sasha Cohen
himsels sportferslachjouwer Scott Hamilton
harsels keunstriidster Peggy Fleming
himsels keunstrider Brian Boitano
harsels keunstriidster Dorothy Hamill
harsels keunstriidster Nancy Kerrigan
himsels keunstrider John Zimmerman
harsels keunstriidster Kyoko Ina
harsels keunstriidster Yuka Sato
harsels keunstriidster Jamie Salé
himsels keunstrider David Pelletier

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Blades of Glory waard regissearre troch regisseursduo Josh Gordon en Will Speck. Hja wurken nei in senario dat skreaun wie troch John Altschuler, Jeff Cox, Craig Cox en Dave Krinsky op basis fan in ferhaal dat betocht wie troch Jeff Cox, Craig Cox en aktrise Busy Philipps. As produsinten wiene by it projekt belutsen John Jacobs, Ben Stiller en Stuart Cornfield foar de filmstudio's DreamWorks Pictures, MTV Films, Red Hour Productions en Smart Entertainment. Der wie foar Blades of Glory in budget fan $61 miljoen beskikber. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Stefan Czapsky, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Theodore Shapiro.

Alle sênes op it Amerikaansk nasjonaal keunstriidkampioenskip en de Wrâldwintersportspullen waarden opnommen yn 'e Los Angels Memorial Sports Arena. Foar de bûtenkant fan 'e iishal waard lykwols it unike Olympysk Stadion yn it Kanadeeske Montreal brûkt, dat boud waard foar de Olympyske Winterspullen fan 1976. De efterfolgingssênes waarden ek yn Montreal opnommen, wylst foar it gebou dêr't de sporters ûnderbrocht binne, Habitat 67 brûkt waard, dat boud waard foar Expo 67, de wrâldtentoanstelling fan 1967 yn Montreal. De opnamen fan Blades of Glory rûnen fertraging op doe't haadrolspiler Jon Heder syn ankel briek by keunstriidtraining foar de film.

De distribúsje fan Blades of Glory waard fersoarge troch Paramount Pictures. De film gie op 30 maart 2007 yn 'e Feriene Steaten yn premiêre. Op 7 augustus fan dat jier waard er útbrocht op dvd en op 20 maaie 2008 ek op blu-ray.

Blades of Glory krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes. Der wie fral lof foar it aktearjen fan Will Ferrell, en de film waard gauris ferlike mei dy syn eardere komeedzjes Anchorman: The Legend of Ron Burgundy en Talladega Nights: The Ballad of Ricky Bobby. Hoewol't der krityk op it senario wie, dat gauris as formulemjittich beskôge waard, lei de krêft fan Blades of Glory neffens in protte resinsinten yn it trochlûken fan myld humoristyske sitewaasjes oant yn it absurde.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Blades of Glory in goedkarringspersintaazje fan 70%, basearre op 183 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Tanksij de enerzjike aktearprestaasjes fan in talintearre cast – benammen Will Ferrell en Jon Heder as rivalen en letter as teamgenoaten – stekt Blades of Glory op súksesfolle en ynspirearre wize de draak mei […] sportdrama's." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle de film in goedkarringspersintaazje fan 64%, basearre op 35 resinsjes.

Blades of Glory brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $118,2 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $26,3 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $144,5 miljoen. Ofset tsjin in budget fan $61 miljoen joech dat in winst fan $83,5 miljoen. Om't dêr de marketingkosten noch ôfmoasten, makke dat fan Blades of Glory in beskieden kommersjeel súkses.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.