[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Monako

Ut Wikipedy
Principauté de Monaco
Principatu de Munegu
Flagge fan Monako Wapen fan Monako
Flagge Wapen
Lokaasje fan Monako
Offisjele taal Frânsk
Haadstêd Monako
Steatsfoarm Foarstendom
Gebiet
% wetter
1,95 km²
0­%
Ynwenners (2013) 30.500 (15.250/km²)
Munt Euro (EUR)
Tiidsône UTC +2
Nasjonale feestdei -
Lânkoade MCO
Ynternet .mc
Tillefoan 377

Monako (Monegaskysk: Principatu de Munegu; Frânsk (de offisjele taal fan Monako: Principauté de Monaco) is in lân yn Súd-Jeropa. De haadstêd is ek Monako en de prins fan it foarstendom is sûnt 2005 Albert II. Monako wurdt begrinzge troch Frankryk yn it noarden en de Middellânske See yn it suden.

Monako is ûntstien op 8 jannewaris 1297. It lân is gjin lid fan de Jeropeeske Uny. Mei 15.250 ynwenners de km² (2013) is it ît tichstbefolke lân fan de wrâld.

It dwerchsteatsje is ynternasjonaal ferneamd as mondain baaiplak en belêstingparadys mei in protte kasino's, dêr't de beau monde tahâldt en alle jierren in Grand Prix yn it Formule 1-autoracen holden wurdt.

Yn Monako wenje mear bûtenlanners as Monegasken. Fan de ynwenners is mar 17% Monegask; 28% hat de Frânske nasjonaliteit en fan de oare 55% is in grut part Italjaan.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]