Himrik
- Dizze side giet oer himrik yn 'e algemiene sin fan doarpsgebiet. Foar it doarp yn Opsterlân, sjoch: De Himrik.
De himrik (Grinslânsk en Eastfrysk Plat: hammerk of hamrik) is it gebiet fan in doarp, benammen it bûtengebiet. De namme is in gearlûking fan de Aldfryske wurden "heem of "ham" en "merke". It wurd heem betsjute "wenplak" of "wente" en "ham" betsjutte "oanslike lân yn in bocht fan in wetterrin". "Merke" betsjutte "miene grûn" of miente of ek wol "ôffrede stik lân yn mienskiplik gebrûk".
De himriken fan de doarpen yn in gritenij en letter gemeente foarmje meiïnoar de gemeente. Yn de tiid dat it Skeltarjocht gou, fan likernôch de 11e iuw ôf, wie de himrik yn it bysûnder dat part fan it gebiet dat neffens it Skelterjocht opdield waard. Yn Grinslân en East-Fryslân, benammen yn it Doalertgebiet, krigen nije doarpen dy't yn it bûtengebiet fan in besteand doarp stifte waarden it efterheaksel -hammerk of -hamrik.
Foarbylden fan it wurd "himrik" yn plaknammen:
- Fryslân
- Grinslân
- Noordbroeksterhamrik
- Scheemderhamrik (Nieuw-Scheemda)
- Midwolderhamrik (Nieuwolda)
- Oostwolderhamrik
- Finsterwolderhamrik
- Beertsterhamrik (Nieuw-Beerta)
- East-Fryslân
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |