[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

De Himrik

Ut Wikipedy
De Himrik
Binnendyk
Binnendyk
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Opsterlân
Sifers
Ynwennertal 755 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 10,89 km², wêrfan:
- lân: 10,84
- wetter: 0,05 km²
Befolkingsticht. 71 ynw./km²
Oar
Koördinaten 53° 1' N 6° 8' E
LokaasjeDe Himrik (grien) yn 'e gemeente Opsterlân
LokaasjeDe Himrik (grien) yn 'e gemeente Opsterlân
Offisjele webside
www.dehimrik.nl
Kaart
De Himrik (Fryslân)
De Himrik

De Himrik is in streekdoarp súdeast fan Beetstersweach yn de gemeente Opsterlân. It doarp leit oan de wei fan Bakkefean en Wynjewâld nei Lippenhuzen en De Gordyk, dy't yn 'e Himrik de Binnenwei hjit. Under De Himrik hearre ek de buorskippen Himrikerfallaat, Sparjeburd en in lyts diel fan Welgelegen.

De Himrik hat 755 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Wite Tsjerke

De Himrik is oarspronklik in boeredoarp dat ek wol De Hem(e)rick(en) neamd waard. It doarp hie al yn 1315 in oan de apostel Andréas wijd tsjerkje. De tsjerke waard yn 'e 18e iuw ferfongen troch de hjoeddeiske tsjerke, mar it wurdt net útsletten dat der noch midsiuwsk muorrewurk bewarre bleaun is.[3] De tsjerke hat gjin toer, mar in klokkestoel mei in klok dy't yn 1494 getten waard troch Geart fan Wou.

By it graven fan de Opsterlânske Kompanjonsfeart foar de turfwinning súdlik fan it doarp waard yn 1755 it Himrikerfallaat oanlein. De skutsslûs is hûndert jier letter fan stien makke en yn 1902 hielendal fernijd. De ophelbrêge is yn 1952 út in oar plak weikommen. De Kompanjonsfeart waard ek in soad brûkt om mei de pream hea, molke en fee te ferfieren.

Grêfkelder famylje Van der Sluis

Súd fan it tsjerkhôf lizze in grêfkelder út 1860 foar de famylje Van der Sluis en in grutte stien mei de stambeam fan 'e feanter Jan Alles van der Sluis (1788-1863). Dy feantersfamylje hat ek It Koetshûs út 1901 oan de westkant fan it doarp bouwe litten.

Tusken 1902 en 1935 hie it doarp in molkfabryk op de hoeke fan 'e Fabryksleane oan de Kompanjonsfeart. It fabryk wie ynearsten partikulier, mar waard yn 1902 oernommen troch in groep boeren. Yn de jierren 1920 waard it fabryk fernijd. De doarren fan it fabryk waarden yn 1935 sletten, doe't de boeren harren molke oan it fabryk fan Terwispel leveren. Noch in jier earder wie der by it fabryk in swimbad iepene, dat fan it fabryk ferwaarme wetter krige.

De Himrik waard troch de Dútsers yn de Twadde Wrâldkriich keazen as lokaasje foar twa fan 'e acht kampen foar de Nederlânske Arbeidstsjinst. De kampen Sparjeburd (Kamp 113 Sparjebird) en Wurk Sathe (Kamp 114 Werk Zathe) waarden befolke mei meast manlju út de grutte stêden fan it lân, dy't harren der faak by joegen om sa de ferplichte wurkferskaffing yn Dútslân te ûntrinnen. Meiïnoar hawwe der tusken de 1000-1500 manlju yn 'e Himriker kampen sitten, dy't fral ynset waarden foar it oanmeitsjen fan lân of it dollen fan ierappels.[4] Tusken 1946 en 1951 waarden der NSB-folk en froulju, dy't it yn 'e oarloch mei de besetter holden hiene, finzen set. Hjoed-de-dei is Sparjeburd in iepenloftteäter.

De Bining is it multyfunsksonele sintrum fan 'e Himrik. De doarpskrante hjit De Doarpsrûnte. Pleatslik Belang bestie yn 2007 100 jier. Stifting Hemrivent organisearret alle jierren it doarpsfeest. It doarp hat in iisbaan, in iepenloftswimbad, in boarterstún, sportfjilden, in Fryske Hyndersintrum.

Eardere grifformearde tsjerke

(De Himrik hat'oan de Binnendyk in eigen grifformearde tsjerkje hân. Dat tsjerkje waard yn 2011 sletten foar de earetsjinst; de leden hearre sûnt by de Grifformearde Tsjerke Wynjewâld-De Himrik.)[5]

(It doarp hat oant 2007 ek in prot.-kristlike basisskoalle hân.)

't Koetshûs

Der binne twa buertferienings: tusken Twa Doarpen en Easte Ein.

Pleats Kompanjonsfeart 31

(De list is yn 2023 bywurke mei help fan de doarpsside. Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside fan it doarp)

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1840 1954 1959 1964 1969 1973 2005
Ynwenners 352 765 703 672 631 655 440
Jier 2015 2020
Ynwenners 747 750
Klokkestoel

Doarpswapen en flagge

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn sinopel trije peallen fan sulver en in skyldhaad fan goud, beladen mei in Andryskrúske, oan beide kanten mei in lizzende turf, alles fan kiel (read).

De peallen binne oan de iene kant ûntliend oan de Sânwâlden, de gritenij dêr't it doarp earder ûnder foelen. Tagelyk symbolisearje se it lânskipstype om it doarp, nammentlik de greiden en it grutte tal sleatten. De turven slaan op de eardere feanûntginning en it krúske ferwiist nei de patroanhillige Sint-Andrys. It skyldhaad ferwiist nei de sânrêch dêr't it doarp syn ûntstean oan te tanken hat.

Yn de omkriten lizze perselen lân mei houtwâlen (kûliselânskip), fierders binne der ferskate bosken en boskjes om te kuierjen. In heidelânskip en de delling fan De Boarn (of "Alddjip") soargje foar noch mear fariaasje.

Brêge Himrikerfallaat

Andryssingel, Binnenwei, Bûtewei, De Maneezje, Dominee de Boerwei, Engbert Pierswei, Fabryksleane, Himrikerpaad, Honk, Ikesingel, Jan Evertswyk, Kompanjonsfeart, Poasen, Sparjeburd, Tjalling Harkeswei, Welgelegen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Opsterlân
Doarpen en útbuorrens:
BakkefeanBeetstersweachFryske PeallenDe GordykDe HimrikJonkerslânLangsweagenLippenhuzenLúkswâldNij BeetsOerterpOlterterpSigerswâldTerwispelDe TynjeWynjewâld
Buorskippen:
Ald BeetsAllardseach (foar in part)It FoarwurkFoksebuorrenDe HanebuertHanebuorrenHeidehuzenHimrikerferlaatKoartsweagenLyts GrinsMoskou (foar in part)Nije FeartOerterp oan de FeartPetersburchSelmienSparjeburdDe UlesprongWeinterpferlaatDe Wyngaarden
· · Berjocht bewurkje