[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Bunderhammrich

Ut Wikipedy
Bunderhammrich yn it Reiderlân

Bunderhammrich is in doarp (Ortsteil) yn it Ortschaft Dollart yn de gemeente Bunde yn it Eastfryske Reiderlân. It doarp hie yn 1970 likernôch 650 ynwenners.

Bunderhammrich is in dykstreekdoarp en waard oan in slieperdyk oanlein, dy't de himrik fan Marienchor beskermje moast. It doarp leit op in hichte fan 2,4 meter boppe seenivo. De dyk foarmet hjoed-de-dei de skieding tusken it âlde klaailân eastlik dêrfan en de yn 1751 fan de Doalert oanleine Landschaftspolder (Lânskipspolder).

Untwikkeling fan de namme

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bunderhammrich betsjut "himrik fan Bunde". Yn 1753 waard it plak Nye Hammerick neamd, yn 1645 Niehamrich en yn 1787 neue Hamrich, doelend op it nije lân as part fan de himrik fan Bunde. Sûnt 1818 is de hjoeddeistige namme yn gebrûk.

Bewiis fan de ierste bewenning yn it gea binne ierdewurkskerven, út de Romeinske tiid.

It gebiet fan de hjoeddeistige Doalert wie oant de ein fan de midsiuwen in bewenne gebiet. It gea bestie foar it grutste part út feangrûn en wie reedlik ticht befolke. De Doalert ûntstie, kreksa as de Jade troch in searje dyktrochbraken yn de lette midsiuwen, dêr't it seewetter it feangebiet ûnderstrûpte. Troch it ûntstean fan de Doalert rekken op syn minst tweintich karspels, tsien oant fyftjin oare doarpen, en trije kleasters ferlern. De westlike Doalertboezem ûntstie yn de fyftjinde iuw. Al yn 1454 waard in needdyk boud fan de Iemsouwer ôf troch it feangeniet nei de hegere geastgrûn by Finsterwolde om it Aldamt te beskermjen. De eastlike Doalertboezem, dêr't Landschaftpolder hjoed-de-dei yn leit, ûntstie nei alle gedachten yn de 1460-er jierren. Grutte parten fan dat gebiet wie noch net troffen troch it seewetter, doe't it wetter by de Twadde Kosmas- en Damianusfloed yn 1509 en de Antoniusfloed yn 1511 it lân fier ynkrong. Op it gebiet fan Bunderhammrich waard al yn 1509 in dyk oanlein dy't de himrik fan Marienchor beskermje moast. Neitiids waard de kustline troch fierdere ynpolderings ferskood, en dêrmei kaam der bewenning fan de doe oerstallige dyk. De gebiet om it doarp hinne waard troch erfpacht en opstrekrjocht útjûn. Boppedat fêstigen dêre in soad lânwurklju.

Nei de Slach by Jena yn 1806 waard Eastfryslân in part fan it Keninkryk Hollân en rekke dêrmei yn de Frânske machtssfear. Dy anneksaasje waard by de Frede fan Tilsit yn 1807 troch Prusen erkend. Under Nederlânsk bestjoer fûn der in administrative reorganisaasje plak. Sa waard Bunderhammrich part fan de Commune Landschapspolder, dêr't ek de gemeenten Heinitzpolder, Landschaftspolder, Böhmerwold en Sankt Georgiwold by oansletten waarden. Hja wiene part fan it kanton Jemgum yn it arrondissemint Wynskoat fan it departemint Westeriems. Nei de delslach fan Napoleon waard de tastân wer weromdraaid as foarhinne en de gemeenten fan de Commune Landschapspolder fannijs selsstannich en waard Eastfryslân part fan it keninkryk Hannover. Bunderhammrich waard part fan it Amt Weener, en nei de anneksaasje fan Hannover by Prusen yn 1866, oant 1885 in gemeente yn de krite Weener, dy't yn 1932 yn de lânkring Lier opgie.

Op 1 jannewaris 1973 waard Bunderhammrich part fan de gemeente Dollart, dy't op 1 novimber 2001 by de gemeente Bunde yndield waard.

Untwikkeling ynwennertal

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Ynwennertal
1848 632
1871 647
1885 653
1905 722
1925 718
1933 694
1939 614
1946 510
1950 687
1956 590
1961 639
1970 653

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Arbeitsgruppe der Ortschronisten der Ostfriesischen Landschaft: Bunderhammrich, Gemeinde Bunde, Landkreis Leer (PDF; 550 kB), oproppen op 15 desimber 2011.
  • Walter Deeters: Kleinstaat und Provinz. Allgemeine Geschichte der Neuzeit, yn Karl-Ernst Behre/Hajo van Lengen: Ostfriesland. Geschichte und Gestalt einer Kulturlandschaft, Ostfriesische Landschaft, Auwerk 1995, ISBN 3-925365-85-0, S. 167.
  • Statistisches Bundesamt (Hrsg.): Historisches Gemeindeverzeichnis für die Bundesrepublik Deutschland. Namens-, Grenz- und Schlüsselnummernänderungen bei Gemeinden, Kreisen und Regierungsbezirken vom 27. 5. 1970 bis 31. 12. 1982. W. Kohlhammer GmbH, Stuttgart en Mainz 1983, ISBN 3-17-003263-1, S. 263.
  • StBA: Änderungen bei den Gemeinden Deutschlands, siehe 2001
Bunde
Haadplak: Bunde
Doarpen: BoenBunderheeDollartWymeer
· · Berjocht bewurkje