Punt fan Reide
De Punt van Reide is in skiereilântsje, dat tusken de Doalert en de Iems, by Termuntersyl leit. De lântonge is sa'n 3 kilometer lang en stekt oant 2.4 meter boppe NAP út.
De Punt is in oerbliuwsel fan de ouwerwâl fan de Iems dy't net fan stoarmfloeden fuortslein is. Dêr leine eartiids twa doarpen op: Easter- en Westerreide. It skiereilân bestiet meast út kwelders. Oan de ein lizze twa wierden. Neffens de 17e iuwske histoarikus Ubbo Emmius rûn de Reider Ie (it ferlingde fan de Westerwâldske Aa) tusken de beide doarpen Easter- en Westerreide troch. It ferneamde Dútske kleaster Werden oan de Roer hie sûnt de njoggende of tsiende iuw besit yn Easterreide. Dit guod hiene hja fermoedlik krige troch de preker Liudger dy't yn de Grinslanner kuststreek missywurk dien hie. Werden hie ek it patronaatsrjocht fan de tsjerke fan Easterreide. Yn 1256 waard dat rjocht oerdroegen oan it kleaster fan Palmar.
Fan 1580 oant 1594 leinen der twa skânsen, de iene op it plak fan Westerreide (Reiderskâns) en de oare 240 m fierder nei it easten. De doarpen wienen doe al ferdwûn. Sa kaam it dat de skâns op it tsjerkhôf fan Westerreide oanlein wurde koe. Op 24 juny 1589 waarden beide skânsen troch greve Willem Loadewyk ferôvere en waard der ien fan makke mei fjouwer bastions. Fan 1591 oant 1594 hie de festing rjocht fan muntslach. Yn Reide stie fierders oant it begjin fan de 16e iuw in nonnekleaster fan de Augustineroarder. It kleaster hie dêr yn alle gefallen sûnt 1376 stien.
Yn de santjinde en njoggentjinde iuw waard yn de tsjerkeboeken fan Termunten in buert Reide op de Punt fan Reide neamd. Ek op kaarten yn de njoggentjinde iuw steane der noch huzen op de Punt fan Reide.[1][2]
Yn de jierren 1970 waard foar 30 miljoen gûne op de Punt in sluzekompleks boud, dêr't in bûtendyks kanaal op oansletten wurde soe. Dit kanaal is der lykwols nea kaam omreden fan miljeubeswieren. De slûs is dan ek wer ôfbrutsen.
De Punt fan Reide is no natoergebiet en wurdt beheard troch it Groninger Landschap.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|