Numeri
Numeri (in Latynske namme dy't in oersetting is oan it Grykske Ἀριθμοί, Arithmoi, dat "Nûmers" of "Getallen" betsjut), yn it oarspronklike Hebriuwsk: במדבר, Ḇamidḇar ("Yn de Woastyn"), is it fjirde boek yn sawol de joadske as de kristlike Bibel. Yn 'e joadske Tenach falt it ûnder de Torah (de "Leare" of "Wet"); yn it Alde Testamint fan 'e kristlike Bibel falt it ûnder de Wet. Numeri beskriuwt hoe't de Israeliten nei fjirtich jier yn 'e woastyn omdoarme te hawwen einlik oan 'e grinzen fan it Unthjitten Lân fan Kanaän komme te stean. It boek is dêrmei de hichtepunt fan 'e úttocht út Egypte (beskreaun yn Exodus) en it ferbûn dat God mei de aartsfaars oangien wie (yn Genesis). Neffens de tradysje soe de profeet Mozes de skriuwer fan it boek wêze, mar út 'e tekst kinne bibelwittenskippers opmeitsje dat it pas nei de ein fan 'e Babyloanyske Ballingskip, yn 538 f.Kr., troch in preesterlike redigearring syn úteinlike foarm krigen hat. Dêrfoar wie der nei gedachten al iuwenlang oan wurke troch in opienfolging fan skriuwers. De âldste tekstlaach, dy't de Jahwist neamd wurdt, datearret mooglik út it regear fan 'e Israelityske kening Salomo, om 950 f.Kr. hinne. De earste folsleine Fryske oersetting fan Numeri stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1943 útkaam.
Numeri | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | במדבר ("Ḇamidḇar") | |
auteur | anonimus | |
taal | Hebriuwsk | |
foarm | non-fiksje, proaza | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 6e iuw f.Kr. | |
bondel | Bibel | |
rige | ||
rige | Alde Testamint | |
● foarich diel | Leviticus | |
● folgjend diel | Deuteronomium | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Numeri | |
publikaasje | 1943, Haarlim | |
útjouwer | Nederlands Bijbelgenootschap | |
oersetter | G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma |
Ynhâld
bewurkje seksjeNumeri giet fierder dêr't Exodus ophold, te witten by de berch Sinaï, yn 'e Sinaï-woastyn, dêr't de Israeliten, de neikommelingen fan 'e aartsfaars, oankommen wiene nei harren úttocht út Egypte. Nei't der in folkstelling holden is, tsjogge se op nei it Unthjitten Lân fan Kanaän, mar as se dêr oankomme, berjochtsje harren spionnen dat it lân bewenne wurdt troch mânske lju, goed bewapene en wenjend yn sterke stêden. De moed ûntsinkt it folk, en hja wegerje it lân yn te gean. Dêrop moatte se as straf fan God fjirtich jier yn 'e woastyn omdoarmje, oant de wegereftige generaasje útstoarn is en harren bern it Unthjitten Lân taparte krije sille.
Nei fjirtich jier fan omdoarmings yn 'e Sinaï keart yndie in nije generaasje Israeliten werom dat út nei it Unthjitten Lân. Underweis dêrhinne ferslane se efterinoar de Kanaänityske kening fan Arad, de Amorityske kening Sichon fan Chesbon en kening Og fan Bazan. Dêrop lit Balak, de kening fan 'e Moäbiten, dy't him troch dy flugge opmars bedrige fielt, de profeet Bileäm roppe om 'e Israeliten te ferflokken, mar God stjoert in ingel om Bileäm ûnderweis te deadzjen. De ezel fan 'e profeet is de iennichste dy't de ezel gewaarwurde kin, en eltse kear as de ingel risselwearret om syn master dea te dwaan, wykt de ezel, ta Bileäm syn argewaasje, fan it paad ôf. Uteinlik jout God de ezel de macht om te sprekken, sadat er syn master it leksum lêze kin. Dan pas begrypt Bileäm wat der oan 'e hân is, en ynstee fan 'e Israeliten te ferflokken, sprekt er in seine oer harren út. Numeri einiget as de Israeliten oan 'e grinzen fan Kanaän steane.
Fryske oersetting
bewurkje seksjeGerben Colmjon sette yn 1863 in fragmint út Numeri oer yn it Frysk (Num. 6:24-26), dat útjûn waard as taheakke by dy syn Beknopte Friesche Spraakkunst. Yn 1919 joech dû. Geart Aeilco Wumkes yn syn Ut 'e Heilige Dobbe, û.m. in oersettingsfragmint fan eigen hân fan Numeri 24:5-9 út. De earste folsleine útjefte fan Numeri stie yn it Alde Testamint fan Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dêr't dy yn 1943 de earste Fryske bibeloersetting mei foltôgen. Om't sawol teologen as taalkundigen beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan 1966 ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn 1978 útkaam as de Nije Fryske Bibeloersetting (mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel). Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan 1995. De oersetting fan Numeri waard dêrby dien troch dû. Bernard Smilde, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch sawol Ulbe van Houten as H. Twerda.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side. |