Deuteronomium
Deuteronomium (in Latynske namme dy't ûntliend is oan it Grykske Δευτερονόμιον, Dheuteronomion, dat "Twadde Wet" betsjut), yn it oarspronklike Hebriuwsk: דברים, Deḇarim ("Sprutsen Wurden"), is it fyfde boek yn sawol de joadske as de kristlike Bibel. Yn 'e joadske Tenach falt it ûnder de Torah (de "Leare" of "Wet"); yn it Alde Testamint fan 'e kristlike Bibel falt it ûnder de Wet. Deuteronomium bestiet út trije preken dy't de profeet Mozes foar de Israeliten hâldt oan 'e foarjûn fan harren ferovering fan it Unthjitten Lân fan Kanaän. Yn it boek wurdt dêrmei nochris oereide wat der sûnt de úttocht út Egypte foarfallen is en dêrnjonken foarmet it in oprop oan it folk om trou te bliuwen oan God.
Deuteronomium | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | דברים ("Deḇarim") | |
auteur | anonimus | |
taal | Hebriuwsk | |
foarm | non-fiksje, proaza | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 8e – 6e iuw f.Kr. | |
bondel | Bibel | |
rige | ||
rige | Alde Testamint | |
● foarich diel | Numeri | |
● folgjend diel | Jozua | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Deuteronomium | |
publikaasje | 1943, Haarlim | |
útjouwer | Nederlands Bijbelgenootschap | |
oersetter | G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma |
Neffens de tradysje soe de tekst fan Deuteronomium in werjefte wêze fan 'e feitlike wurden fan Mozes foarôfgeande oan 'e besetting fan Kanaän, mar hjoeddeiske bibelwittenskippers en teologen binne it der fierhinne oer iens dat it boek syn oarsprong ynstee fûn hawwe moat yn it noarderkeninkryk Israel, dêr't it wei nei it suden ta brocht wêze moat, nei Juda, nei't de Alde Assyriërs yn 'e achtste iuw f.Kr. Samaria, de haadstêd fan Israel, ferwoastge hiene. Yn Juda waard it dêrop, yn 'e lette sânde iuw f.Kr., oanpast oan it nasjonalistyske herfoarmingsbelied ûnder kening Josjía, wylst de definitive ferzje gearstald wêze moat nei de weromkear út 'e Babyloanyske Ballingskip, yn 'e lette sechsde iuw f.Kr. De earste folsleine Fryske oersetting fan Deuteronomium stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1943 útkaam.
Ynhâld
bewurkje seksjeDeuteronomium bestiet út trije preken dy't de profeet Mozes oan 'e foarjûn fan 'e ferovering fan it lân Kanaän hâldt foar de gearkomste fan 'e Israeliten. De earste preek eidet de fjirtich jier dat hja yn 'e woastyn trochbrocht hawwe nochris oer, fjirtich jier dy't harren ta dit momint brocht hawwe, en einiget mei in oprop om 'e wet en de foarskriften te ûnderhâlden. De twadde preek moat de Isrealiten ynprintsje dat se harren iene God mei útsluting fan alle oare goaden tsjinje moatte, en de wetten en foarskriften dy't God harren jûn hat, neilibje moatte, want dêr hinget harren besit fan it Unthjitten Lân fanôf. Yn 'e trêde preek wurdt de treast útsprutsen, dat, sels al soene de Israeliten ta dôfhûdigens ferfalle en sa it lân kwytreitsje, dochs alles noch wer goedmakke wurde kin as hja berou krije fan harren ûntrou en fan harren ferkearde wegen weromkeare. Deuteronomium einiget mei it iensume ferstjerren fan Mozes op 'e berch Nebo, om't er fanwegen guon hastige wurden, dy't er ûnder de omdoarmings yn 'e Sinaï-woastyn sprutsen hie, sels it Unthjitten Lân net yngean mei.
Fryske oersetting
bewurkje seksjeGerben Colmjon sette yn 1863 in pear fragminten út Deuteronomium oer yn it Frysk (Deut. 16:18-20 en 19:18-21), dy't útjûn waarden as taheakke by dy syn Beknopte Friesche Spraakkunst. Yn 1919 joech dû. Geart Aeilco Wumkes yn syn Ut 'e Heilige Dobbe, û.m. in oersettingsfragmint fan eigen hân fan Deuteronomium 32:7-14 út. De earste folsleine útjefte fan Deuteronomium stie yn it Alde Testamint fan Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dêr't dy yn 1943 de earste Fryske bibeloersetting mei foltôgen. Om't sawol teologen as taalkundigen beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan 1966 ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn 1978 útkaam as de Nije Fryske Bibeloersetting (mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel). Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan 1995. De oersetting fan Deuteronomium waard dêrby dien troch dû. F.D. Dijkstra, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch sawol Ulbe van Houten as Hendrik Twerda.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side. |