Mûnein
Mûnein is in doarp yn yn de Trynwâlden yn it noarden fan de gemeente Tytsjerksteradiel. It eastlik fan Oentsjerk lizzende doarp krige syn namme troch in mûne dy't der yn 1611 al stie.
Mûnein | ||
Eardere flaaksfabryk | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Tytsjerksteradiel | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 655 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 3,99 km², wêrfan: - lân: 3,87 km² - wetter: 0,12 km² | |
Befolkingsticht. | 179 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 15' N 5° 55' E | |
Doarpsgebiet Mûnein (grien) yn 'e gemeente Tytsjerksteradiel | ||
Offisjele webside | ||
Mûnein op de side fan Trynwâlden | ||
Kaart | ||
Mûnein hat 655 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.
Skiednis
bewurkje seksjeOant 1948 wie Mûnein in part fan Oentsjerk. Op fersyk fan Doarpsbelang kaam dêr op 8 oktober 1948 in ein oan doe't Mûnein in selsstannich doarp waard. B&W fan Tytsjerksteradiel willigen dat fersyk yn, om't Mûnein in eigen buorren, in skoalle, in kafee en ferskate ferienings hie. Oant dan wie it wenst dat de doarpsstatus jûn waard oan plakken mei in tsjerke en dy hie Mûnein net. Der wiene gjin histoaryske nammen bekend fan it doarp en dêrom waard keazen foar de namme 'Molenend'. Advisearre waard om by de namme Molenend ek 'Frl.' te skriuwen of 'by Oentsjerk', want der binne yn Nederlân 14 buorskippen of útbuorrens dy't Moleneind hjitte, wêrfan't tolve yn Noard-Brabân, ien yn Gelderlân en ien yn Noard-Hollân. Boppedat is der yn Drachten in strjitte dy't Moleneind hjit.
Flagge en wapen
bewurkje seksjeYn in grien wapenflak stiet in stellingmole fan sulver mei wjukken yn de stân fan in andréaskrús. De flagge fan Mûnenein jout troch syn flakferdieling de wjukbewegings oan mei acht griene en wite fjilden.
Flaaksfabryk
bewurkje seksjeTheodorus Marius Theresius van Welderen Baron Rengers fan Heemstrastate die de oanset ta de stifting fan it flaaksfabryk. Hy wie lid fan de kommisje Door Arbeid tot Verbetering, dy't oprjochte wie troch syn heit, Wilco Julius. Op 6 maaie 1898 wurdt der by de gemeente Tytsjerksteradiel in oanfraach yntsjinne om in fabryk te bouwen yn de buert fan de Swarte Broek, in marke by Mûnein. Sa komt it earste fabryk fan de "N.V. Friesche Maatschappij van Vlasindustrie" der, de namme kaam yn kleurige dakpannen op it dak te stean en op de foargevel, dêr't er noch te lêzen is. De lokaasje Swarte Broek waard keazen omdat it flaaks earst rotte wurde moast yn it trochgeande wetter. De iepening wie op 24 novimber 1898 mei J.J. Westra as direkteur. It fabryk hat oant 24 april 1967 tsjinst dien. De restaurearre skoarstien en it byld fan Gosse Dam op it pleintsje by de klok yn de buorren ferwize noch nei de tiid fan de flaaksbewurking. Tsjintwurdich brûkt it Thomashûs, in hûs foar beheinden, yn it eardere flaaksfabryk oan de Swarte Broek. Troch de hege skoarstien is de lokaasje fan fierrens te sjen.
Siameeske twilling
bewurkje seksjeYn 1953 stie Mûnein yn it nijs troch de berte fan de siameeske twilling Folkje en Tjitske de Vries, berne op 8 novimber 1953. Doarpsdokter Wijthoff fan Frisiastaete kaam by frou de Vries, dy't har sânde bern krije soe. It die lykwols bliken dat der in twilling mei de búk oan inoar fêst berne waard. Hja waarden yn in taksy nei it Diakonessehûs yn Ljouwert riden.
De poppen groeiden goed en hiene eigen herten, longen en oare fitale organen; Wat de lichemsfunksjes oanbelange wiene hja net ôfhinklik fan inoar. Der waard oerlein mei in Ingelske dokter, dy't ûnderfining hie mei in siameeske twilling. Sân moanne nei de berte, op sneon 12 juny 1954, waard de twilling mei súkses operatyf fan inoar skieden. Hja wienen de earste siameeske twilling wêrmei't dat yn Nederlân súksesfol barde. It nijs gie de hiele wrâld oer en de sikehúspredikant dy't oan it bêd kaam wie dûmny Mak, de heit fan lettere skriuwer Geert Mak. Tjitske en Folkje bleaune lang nijs, mar der waard besletten om mar ienris yn't jier in foto te meitsjen.
Monumint
bewurkje seksjeOan de Halligen stiet in monumint fan Jan Faber, dat mei fjildstiennen de Skandinavyske lannen Noarwegen, Sweden en Finlân foarmet. De stiennen binne allegear yn it streamgebiet fan de Bouwepet fûn en sammele troch Jan Faber sels. Faber hat de stiennen neffens soarte op de lânsdielen lein, dêr't se oarspronklik wei kamen. De iepening fan it monumint betsjutte tagelyk de ôfsluting fan de ruilferkaveling.
Mienskip
bewurkje seksjeDoarpsbelangen Mûnein/ Readtsjerk is oprjochte op 17 april 1926, yn 1941 kaam Readtsjerk by de feriening. De Mounestien is it doarpshûs, de iepenbiere basisskoalle hjit It Kruirêd.
Ferienings
bewurkje seksje- It Nije Doarp - toaniel
Befolkingsferrin
bewurkje seksjeJier | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2006 | 2009 | 2015 | 2020 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 791 | 775 | 731 | 666 | 638 | 701 | 697 | 694 | 696 |
Bekende (âld) ynwenners fan Mûnein
bewurkje seksjeStrjitten
bewurkje seksje- Dokter Kijlstrawei - arts dy't fan 1860 -1910 in dokterspraktyk hie op Uniastate en dêrnei opfolge waard troch syn soan.
- Earnebuorren - De beskriuwing fan de betsjutting fan dizze namme ûntbrekt yn it dossier. Dit stikje beskriuwing moat dêr wol west hawwe, mar in diel fan it brief fan Master Sannes oer de nammejouwing is blykber ferlern gong. Sannes hat yn 1949 de útstellen dien.
- Flaaksikkers - ferwiist nei it eardere flaaksfabryk.
- Flokhernepaad - Dit is de namme fan de streek, wer’t eartiids de lju hinne stjoerd waarden, wer’t de bewenners fan Oentsjerk/Mûnein ferlegen mei wiene. Herne is no âldmoadrich Frysk foar hoeke. Jo kinne ek sizze “it ferflokte hoekje”.
- Halligenwei - Halich is in âlde lânnamme. Fanâlds namme fan it gebiet besuden Mûnein. De Lytse Halligen: fjild en útbuorren krekt besuden Mûnein; de Grutte Halligen, it fjild tusken Mûnein en De Rijd.[3]
- Jelte Binneswei - Jelte Binnes Oosterhof
- K. Rienewerfstrjitte - Klaas Rienewerf sneuvele yn de earste maaiedagen fan 1940 op de Ofslútdyk as oarlochsslachtoffer. Hy leit begroeven op it begraafplak fan Oentsjerk.
- Kaetsjemuoiwei - By de strjitnammejouwing yn 1949 woe men dizze namme jaan om't it Kaetsjemuoibosk, It Kaetsjemuoilân en it saneamde Kaetsjemuoipaed yn de omkriten fan de wei leine. De namme foar de wei, Kaetsjemuoiwei, wie al hiel âld en alhiel ynboargere. De Kaetsjemuoi's bosk leit efter Staniastate yn it easten fan Oentsjerk. Werom it yn de folksmûle Kaetsjemuoi hjitte is net bekend. Mooglik krige it de namme trochdat de hillige Katarina ( Kaetsje of Tryntsje) eartiids de beskermhillige wie fan de streek.
- Mûnewei - nei de eardere mûne dêr't Mûnein nei ferneamd is.
- Ottemawei - Nanne Ottema
- Aukje Wijbengastrjitte - Aukje Wijbenga skreau twa boeken oer Mûnein en Readtsjerk.
Publikaasje(s)
bewurkje seksje- Aukje Wijbenga-de Boer "Mûnein Fan buorskip nei doarp"
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Tytsjerksteradiel | ||
---|---|---|
Doarpen en útbuorrens: Aldtsjerk • Burgum • Earnewâld • Eastermar • Feanwâldsterwâl (foar in part) • Garyp • Gytsjerk • Hurdegaryp • Jistrum • Mûnein • Noardburgum • Oentsjerk • Ryptsjerk • Sumar • Suwâld • Tytsjerk • Wyns | ||
Buorskippen: Bartlehiem (foar in part) • De Joere • Gytsjerksterhoeke • It Heechsân • Iniaheide • Kûkherne (foar in part) • Lytse Geast • Noardermar • Quatrebras • Sigerswâld • Skûlenboarch • Sumarreheide • Tergrêft • It Wytfean • Sânhuzen • Swarteweisein | ||
· · |