Nanne Ottema
Nanne Ottema (Ljouwert, 4 maaie 1874 - dêre, 20 juny 1955) wie in notaris en keunstsamler út Ljouwert.
Hy wie in soan fan Allert Ottema en Maria Franciska Fellinga. Al jong begûn er mei it sammeljen fan eastersk ierdewurk. Oan it Princessehof, dêr't er konservator fan wie, hat Ottema in unike kolleksje neilitten. Ek lânseigen ierdewurk, folkskeunst en klaaiïnge waarden troch him sammele en bestudearre. In soad guod is foar Fryslân bewarre bleaun en wurdt no yn museum It Prinsessehof en it Frysk Museum tentoansteld. Jierrenlang wie Nanne Ottema bestjoerslid fan it Frysk Genoatskip en lid fan Provinsjale Steaten fan 7 july 1931 oant 1935.
Ottema-Kingma Stichting
bewurkje seksjeDe Ottema-Kingma Stichting fan Nanne Ottema en syn frou Grytsje Kingma dy't yn 1955 harren besittings erfde, hat as doel de keunst en wittenskip, en dan benammen alles wat fan belang is op âldheidkundich, keunst- en kultuerhistoarysk mêd te tsjinjen. Dêrby ek it tsjinjen fan de Hiemskutgedachte yn Ljouwert en yn Fryslân. De stifting beheart de neilittenskip fan de erflitters.
Literatuer
bewurkje seksje- Kalma, J.J., Nanne Ottema; Aartsverzamelaar en museumbouwer, Ljouwert 1957
- Roding, M., In de voetsporen van Nanne Ottema. Veertig jaar cultuurbehoud door de Ottema-Kingma Stichting, Ljouwert 1995
- Veen, H.T., Nanne Ottema : een kleurrijk verzamelaar, Frjentsjer 1999
- Halbertsma, H., Herinneringen aan Nanne Ottema, yn De Vrije Fries 80 (Ljouwert, 2000) s.125-141
- Hoeve, S. ten, Nanne Ottema’s betekenis voor Friesland, yn: De Vrije Fries 82 (Ljouwert, 2002), s. 204-211
- Hoeve, S. ten, Nanne Ottema (1874-1955) en het Fries Scheepvaart Museum, yn: Jaarverslag van het Fries Scheepvaart Museum en Oudheidkamer 2004 (Snits, 2005), s. 69- 85.
- Wegener Sleeswyk, R.S. e.o., De museumcollecties: een lust en een must!, Ljouwert 2005
- Antoon Ott, Verzameldrift. Biografie van Nanne Ottema (1874-1955). Utjouwerij Noordbroek, 2022
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|