Gytsjerk
Gytsjerk is in doarp yn de gemeente Tytsjerksteradiel. Gytsjerk is it súdlikste doarp fan de Trynwâlden; it leit tusken Oentsjerk en Ryptsjerk. By Gytsjerk heart ek de buorskip Gytsjerksterhoeke.
Gytsjerk | ||
Martinustsjerke | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Tytsjerksteradiel | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 2.260 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 5,23 km², wêrfan: - lân: 5,15 km² - wetter: 0,09 km² | |
Befolkingsticht. | 416 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 14' N 5° 53' E | |
Doarpsgebiet fan Gytsjerk (grien) yn de gemeente Tytsjerksteradiel | ||
Offisjele webside | ||
Gytsjerk op de side fan Trynwâlden FB-side Doarpsbelang | ||
Kaart | ||
Gytsjerk hat 2.260 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.
Skiednis
bewurkje seksjeGytsjerk is neamd nei Gatzerka, in namme dy't tsjerke fan it doarp betsjutte soe. Dy tsjerke moat om 1100 boud wêze by it krúspunt fan de wei fan Ljouwert nei Dokkum mei de east-westferbining fan Ljouwert oer de Kanterlânskewei en de Nije Strjitwei. Yn de 19e iuw hie Gytsjerk – benammen by de Gytsjerksterhoeke - sa'n 50 huzen en ± 320 ynwenners.
Oant healwei de 19e iuw bestie Gytsjerk út wat fersprate pleatsen en arbeidershûskes sûnder in echte kom. Troch mear hûzen ûntstie der westlik fan de strjitwei stadichoan in kom, fral mei de bou fan it molkfabryk en de wenten en de bou fan rinteniershûzen oan de Rinia van Nautawei.
It doarp krige yn de jierren 1970 en 1980 in soad nijbou súdlik fan de Kanterlânskewei rjochting Gytsjerkerhoeke. Sûnt de jierren 1990 hat ek noardlik fan de Sâufeart/Kanterlânskewei op wat lytsere skaal doarpsútwreiding west.
It sintrum fan it doarp ûndergyng de lêste jierren grutte feroarings troch nijbou oan de Kanterlânskewei tusken de Rinia van Nautawei en de J.H. Riemersmastrjitte. Yn 2016 waard dêr in nij winkelsintrum iepene en in grut parkearterrein oanlein.[3] Oan dat parkearterrein waard in appartemintekompleks fan fjouwer heech boud. Net elkenien fûn it doarp der mei dy nijbou moaier op wurden en by de plannen fan in twadde appartemintekompleks ûntstie der út de befolking ferset tsjin noch mear heechbou yn it doarp.[4] Ek makken minsken beswier tsjin de lokaasje dêr't de apparteminten komme moatte. De nijbou soe nammentlik fuort tsjin de iisbaan, ek brûkt foar doarpsfeesten, komme te lizzen.[5]
Wegen
bewurkje seksjeFan de Rinia van Nautawei ôf rûn in wei dwers troch de lannen nei de tsjerke. De ferbining fan de Moark nei Gytsjerk rûn doe oer de Gytsjerkersterhoeke. It doarp wie yn dy tiid allinnich mar ferbûn mei Mûnein en Aldtsjerk. Wa't nei Ryptsjerk woe moast mei in boatsje oer de De Ryd.
De Ryddyk waard yn 1727 oanlein mei in brêge oer De Ryd. Om't de brêge in slompe jild koste, moast der tol betelle wurde by in tolhúske op it stee dêr't it (eardere) molkfabryk stiet. Dan waard yn it tolhúske in raamke iepenskood en op in plankje dat nei foaren skood waard koe it toljild lein wurde. Rinnende minsken moasten in sint betelje en foar in wein of reau in botsen. De Rydwâlstertolhikke ferdwûn yn 1897, doe't de gemeente it tolhúske mei de grûn ferkocht. De brêge waard letter ferfongen troch in dûker, dy't no de Ryd en de Bouwe Pet mei inoar ferbynt.
It Mienskar
bewurkje seksjeGytsjerk lei eartiids op in nei alle kanten ôfsluten sâneilân. Mei de doarpen Aldtsjerk en Oentsjerk ûntstie wat fan ferbûnens en yn de rin fan de tiid krige dit heger lizzende gebiet de namme 'Trynwâlden'. It sâneilân wie lang ferlyn tige ryk oan bosk en yn de midsiuwen wennen hjir minsken, dy't de rânen fan dit gebiet meast brûkten foar boulân. De earste bewenners sille grif de âld Germaanske grûnferdieling tapast hawwe. Tige wichtich by de rjochtsgong wie doe dat elke boer rjocht hie op in oandiel yn it mienskiplike besit, it saneamde mienskar. Alde stikken (± 1581) fermelde noch it bestean fan sa'n mienskar. De buorkerijen yn Gytsjerk wienen boud op de hegere dielen fan it sâneilân en de boulannen leinen yn stroken efter dy pleatsen. Foar feehâlders wie it leger lizzende lân geskikt en yn de boeremienskip gou de regel: hoe grutter it besit oan boulân nammerste mear men rjocht hie op de 'grasinge of koeganck' yn it mienskar, dat sa'n 600 pûnsmiet grut wie. Neist de einekoai op de Gytsjerksterhoek wie de tagong en as de kij molken wienen, dan wachten de boeren ornaris op elkoar om dêrnei meiïnoar op hûs oan te gean.
Sjoerdastate
bewurkje seksjeYn 1511 wurdt foar it earst skreaun oer eigener Lieuwe Sjoerda fan Sjoerdastate, dy't oan it Eastein stien hat op it stee dêr't yn 2008 in wenpleats stiet. Nei alle gedachten hawwe letter syn soan Sicke Lieuwes Sjoerda en syn pakesizzer Benne Sickes Sjoerda de state yn eigendom hân. Benne Sickes wie troud mei Jent Rintses Ytsma. Yn 1640 wie de state fan Sytske Bennes Sjoerda. Hja wie troud mei Jonkhear mr. Tinco fan Andringha, grytman fan Utingeradiel. Se wennen sels yn Akkrum, mar ferhierden de state oan Ate Copsma[6]. Yn 1660 wenne Ina fan Andringha dêr, hja wie troud mei dr. Hartesius Jepema, riedshear oan it Hof fan Fryslân. Yn 1698 wenne op de state dr. Suffridus (Sjoerd) Eelcoma yn 1748 Arnoldus Gerardus Ernthuys en dêrnei T. Sijlstra en syn dochter Clara Maria Sijlstra.
Sjoerdastate wurdt beskreaun as een Slot met deszelfs lange laan van stamboomen en grooten Boerenplaats van wel 140 pondematen lands, aan de weg van Giekerk naar Oenkerk en Buitenverblijf met bos, weiland, plaisierlaan, huis en erf, tuin, boomgaard, water tot vermaak en een plaisierbos met boerderij. It slot wie uit het water opgehaald en in lange leane rûn dêrwei nei Gytsjerk en kaam út op de Rinia van Nautawei. Op 30 desimber 1850 waard de buitenplaats Sjoerda-state te Giekerk met 80 bunder greide, bouw en bosgrond ferkocht. De widdo P.S. Westra wie de (lêste) bewenner fan de state, dy't dêrnei sloopt waard. Der waard doe in pleats setten dy't nei in brân ferfongen waard troch in wenpleats.
Mûne
bewurkje seksjeOp freed 23 juny 1978 baarnde de nôtmûne út 1863 oan de Rinia van Nautawei ôf. By it brûken fan in gasbrâner om nije daklear boppe de doar oan te bringen rekke it reid fan it achtkant yn 'e brân. De mûne hie al gjin kape en wjukken mear, mar gyng by dy brân hielendal ferlern.
Mienskip
bewurkje seksjeAlve kear yn 't jier komt doarpskrante 'De Einekoer' út. It is neamd nei de skelnamme foar Gytsjerksters: 'Einekoerskonten'. It doarp hat in eigen swimbad: 'De Sawn Doarpen'. Gytsjerk hat ek in post fan de brânwar.
Tsjerke
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Martinustsjerke (Gytsjerk).
De Sint-Martinustsjerke fan Gytsjerk is de âldste tsjerke fan 'e Trynwâlden en mei de Burgumer krústsjerke de âldste fan de gemeente Tytsjerksteradiel. De tsjerke út it begjin fan de 12e iuw is wijd oan de hillige Martinus. It romaanske gebou is boud fan dowestien út de Eifel. De súdmuorre is net orizjineel om't der yn de 19e iuw grutte finsters yn setten binne. De hege romaanske ramen binne tichtmitsele. Oant healwei de 19e iuw stie oan de noardlike kant op de skieding fan skip en koer in sealtektoer. By de nijbou fan de westlike gevel yn de 19e iuw krige de tsjerke it tsjintwurdige tuorke. De koersluting hat in rûne bôge mei reade sânstiennen muorrepylderkes. it tsjerkemeubilêr komt út de 17e iuw. Doe't de preekstoel yn 1937 ferbaarnde is der in nije makke troch timmerfeint Bottema.
Skoallen
bewurkje seksje- Iepenbiere basisskoalle Thrimwalda
- Prot.-kristlike Ichtusskoalle
Ferienings
bewurkje seksjeTegeltsjebrêge
bewurkje seksjeEfkes bûten Gytsjerk leit oer de Moark de Kanterlânsbrêge, dy 't bekend stiet as it Alvestêdemonumint. Op dy brêge binne op tegels tûzenen ôfbylden fan alvestêderiders ferwurke, alle tegeltsjes mei-inoar foarmje in mozayk fan in groep foarbygeande hurdriders. It 'It sil heve alvestêdemonumint' wurdt in soad besocht troch toeristen.
Befolkingsferrin
bewurkje seksjeJier | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2006 | 2015 | 2020 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 1056 | 1179 | 1329 | 1534 | 1872 | 2277 | 2.286 | 2.312 |
Berne
bewurkje seksje- Oene van der Veen (1954), byldhouwer
- Marjon Wijnsma (1965), Nederlânsk kampioene heechspringen
- Nynke Klopstra (1973), judoka
- Doutzen Kroes (1985), fotomodel
Wurkgelegenheid
bewurkje seksjeDe grutste wurkjouwer yn Gytsjerk is Jelle Bijlsma BV, dat fan in leanbedriuw útgroeid is ta in grut bedriuw foar kultuertechnyske wurken. Yn it âld molkfabryk sitte in tal lytse bedriuwkes.
Strjitten
bewurkje seksjeAlle strjitten yn Gytsjerk.
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Tytsjerksteradiel | ||
---|---|---|
Doarpen en útbuorrens: Aldtsjerk • Burgum • Earnewâld • Eastermar • Feanwâldsterwâl (foar in part) • Garyp • Gytsjerk • Hurdegaryp • Jistrum • Mûnein • Noardburgum • Oentsjerk • Ryptsjerk • Sumar • Suwâld • Tytsjerk • Wyns | ||
Buorskippen: Bartlehiem (foar in part) • De Joere • Gytsjerksterhoeke • It Heechsân • Iniaheide • Kûkherne (foar in part) • Lytse Geast • Noardermar • Quatrebras • Sigerswâld • Skûlenboarch • Sumarreheide • Tergrêft • It Wytfean • Sânhuzen • Swarteweisein | ||
· · |