[go: up one dir, main page]

Suwâld is in doarp yn de gemeente Tytsjerksteradiel op de râne fan de Fryske Wâlden, súd fan Hurdegaryp en tsien kilometer súdeastlik fan Ljouwert.

Suwâld
Doarpshûs de Suderfinne
Doarpshûs de Suderfinne
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Tytsjerksteradiel
Sifers
Ynwennertal 625 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 13,45 km², wêrfan:
- lân: 12,65 km²
- wetter 0,8 km²
Befolkingsticht. 51 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 10' N 5° 55' E
Offisjele webside
Side Suwâld
FB-side Doarpsbelang Suwald
FB-side Ald Suwâld
Kaart
Suwâld (Fryslân)
Suwâld

Suwâld hat 625 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

 
Protestantske Georgiustsjerke

De namme komt fan suderwâld. It streekdoarp is ûntstien op in lange smelle sânrêch bewesten de Wide Ie. Oan beide kanten fan de sânrêch lei leechfean. It doarp komt al as Suethawald foar yn 1328 en as Zuwawald yn 1419. Yn de 12e iuw moat der al in tsjerkje stien hawwe.

Suwâld hat de earste sinnepont fan 'e wrâld, dy pont mei de namme 'Schalkediep' fart oer it Prinses Margrietkanaal en wurdt in soad brûkt troch fytsers. Yn it simmerseizoen fart hy alle dagen fan 11:00 oere oant 20.30 oere, sneins oant 18 oere. Oan it Prinses Margrietkanaal is in jachthaven foar passanten.

Suwâld hat 625 (1 jannewaris 2023)[3] ynwenners.

Suwâld hat in aktyf ferieningslibben. Boppedat wenje der ferskate keunstners mei in eigen atelier dy't op ôfspraak foar de besiker ipen binne. Yn de buorren fan it doarp stean de restaurearre tsjerke en it doarpshûs 'De Suderfinne' mei de jeugdsoas It Pypke. De doarpskrante hjit 'Mei Inoar'. De bewenners wurde ek wol 'kanaäniten' neamd.

  De Wikipedy hat ek in side PKN-tsjerke Sint-Georgius (Suwâld).

Suwâld hie njonken de herfoarme tsjerke ek in grifformearde tsjerke (sjoch: Eben-Haëzer (Suwâld)). De grifformearde tsjerke waard yn 2000 ferkocht nei't de grifformearden en herfoarmen tegearre gyngen en docht tsjintwurdich tsjinst as wenhûs. Yn it ramt fan de foarming fan in PKN-gemeente krige de herfoarme tsjerke de namme fan foar de reformaasje werom.

 
Skoalle

Befolkingsferrin

bewurkje seksje
Jier 1954 1959 1964 1969 1973 2006 2015 2020
Ynwenners 672 613 616 589 544 622 663 638
 
Suderein

Alde Lunewei, Aldemiede, Daniel Bouweswei, De Warren, Ds Oosterhuisstrjitte, Ds Pelstrjitte, Heechhiem, Louwsmarwei, Monnikenwei, Mostermûne, Noarderein, Symen Halbeswei, Suderein, Tsjerkebuert.

  Tytsjerksteradiel  
Doarpen en útbuorrens:
AldtsjerkBurgumEarnewâldEastermarFeanwâldsterwâl (foar in part)GarypGytsjerkHurdegarypJistrumMûneinNoardburgumOentsjerkRyptsjerkSumarSuwâldTytsjerkWyns
Buorskippen:
Bartlehiem (foar in part)De JoereGytsjerksterhoekeIt HeechsânIniaheideKûkherne (foar in part)Lytse GeastNoardermarQuatrebrasSigerswâldSkûlenboarchSumarreheideTergrêftIt WytfeanSânhuzenSwarteweisein
  ·   · Berjocht bewurkje 

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: