Jehû fan Israel
Jehû (Hebriuwsk: יֵהוּא - bestjutting: hy is JHWH) wie neffens it Alde Testamint fan ± 842 oant ± 815 foar Kristus kening fan Israel.
Jehû wurdt ta kening salve
bewurkje seksjeOm't Israel regeard waard troch keningen fan it hûs fan Omry, dy't op grutte skaal de ferearing fan frjemde goaden tastiene, moast de dynasty ferfongen wurde. Neffens de Skrift foel de kar fan de Heare op Jehû om ta de nije kening fan Israel salve te wurden. De profeet Eliza stjoerde ien fan syn learlingen nei Ramot yn Gileäd, dêr't Jehû as kommandant legere wie. Dit barde, wylst kening Joaram, de soan fan Achab, noch oan it regear wie en mei de legers fan Juda en Edom tsjin kening Hazael fan Aram fjocht. Mei de machtswikseling, dy't troch de militêren stipe waard, kaam der in ein oan de dynasty fan it hûs fan Omry.
Yn 2 Keningen 9:14 wurdt Jehû de soan fan Josjafat en pakesizzer fan Nimsy neamd. Op oare plakken yn de Bibel wurdt Jehû allinnich as soan fan Nimsy beskreaun (1 Keningen 19:16; 2 Kroniken 22:7).
Jehû fermoardet de keningen fan Israel en Juda en de âld-keninginne Izébel
bewurkje seksjeDoe't kening Joaram by Ramot yn Gileäd slach levere mei kening Achazja fan Juda tsjin kening Hazael fan Aram rekke hy troch in pylk ferwûne. Kening Joaram waard nei syn paleis yn Jizreël brocht om dêr te rêsten. Wat letter gyng Achazja nei Joaram om te sjen hoe't it mei him gyng. [1]. Ek Jehû teach nei Jizreël om dêr ôf te weven mei de famylje fan Achab. [2] Kening Joaram besocht noch te flechtsjen, mar Jehû skeat mei syn bôge in pylk nei him en rekke de kening yn syn hert. Kening Achazja, dy't as omkesizzer fan Joaram ek ta de famylje rekkene waard, besocht út te piken, mar de soldaten fan Jehû wisten him te reitsjen. Achazja wist Megiddo nocht te heljen, mar stoar dêre.[3]
Dêrnei reizge Jehû fierder nei Jizreël om ek ôf te rekkenjen mei Izébel, de widdo fan Achab en in fanatyk oanhingster fan Baäl, dy't yn Israel sa'n soad twaspjalt brocht hie. Jehû kaam sûnder problemen de stêd yn en de âld-keninginne stie him al foar it finster fan it paleis op te wachtsjen, want hja hie him al ferwachte. Jehû hiet in pear hovelingen om de húnjende Izébel út it finster smiten. Nei't hja op de grûn foel wâde Jehû mei syn hynder oer har hinne en gyng fuort. Neitiid stjoerde Jehû in pear manlju om har lichem te begraven, want by eintsjebeslút wie hja dochs in keningsdochter, mar it die bliken dat de hûnen har al foar in grut part opfretten hiene.[4]
Jehû bringt de rest fan de famylje fan Achab om
bewurkje seksjeNei't ek Izébel fermoarde wie, kamen de noch santich soannen fan Achab oan bar. Kening Jêhu dage earst it stedsbestjoer, de âldsten en de fâlden fan Achab's soannen út om in nije kening te beneamen mei wa't hy de striid fierder oangean koe. Mar se wiene deabenaud foar Jehû en joegen fuortendaliks belies en anderen dat hja alles dwaan soene wat Jehû opdroech. Dêrnei skreau Jehû in twadde brief mei de opdracht om alle prinsen de holle ôf te slaan. De oarder waard sûnder wjerstân útfierd en de hollen waarden yn kuorren nei de poarte fan Jizreël brocht, dêr't se op twa heapen by de yngong fan de poarte opstapele waarden. Ek liet Jehû it hiele netwurk fan kening Achab's prysters, syn hege amtners en freonen oprôlje en ombringe. En doe't Jehû yn Bet-Eked-Haroïm oankaam, trof hy dêr ek noch twa bruorren fan Achazje (mooglik wiene dit gjin bruorren, mar omkesizzers fan Achazje). By de put liet hy de twa manlju mei harren gefolch deadzje, meiïnoar 42 man. Dêrnei gyng Jehû fierder en kaam er syn freon Jonadab tsjin, dy't hy yn syn wein noege om him sjen te litten wat hy allegear útheefd hie. Doe't hja yn de haadstêd Samaria oankamen, liet Jehû alles wat noch oerbleaun wie fan Achab's famylje útroegje.[5]
Jehû skaft de Baäl-kultus yn Israel ôf
bewurkje seksjeNo hie Jehû it hiele hûs fan Achab útroege, mar der moast ek in ein komme oan de ferearing fan Baäl yn it lân. Foar dit doel noege Jehû alle prysters fan Baäl út foar in grut offerfeest. Elk moast op straffe fan de dea it feest bywenje en doe't it safier wie kamen alle prysters nei Samaria. Gjin ien dy't fuort bleau. Jehû liet de prysters yn feestklean de timpel yngean en doe't it offerfeest begjinne koe fregen Jehû en Jonadab de prysters om goed om harren hinne te sjen oft der gjin tsjinners fan de God fan Israel tusken harren stie, om sa de prysters it idee te jaan dat it in eksklusyf feest wie foar de tsjinners fan Baäl. Jehû en Jonadab makken it toaniel kompleet troch it feest te iepenjen mei it bringen fan in grut brânoffer foar Baäl. Undertusken hie Jehû bûten de timpel tachtich man opstelle litten, dy't de opdracht krigen om alle prysters op syn oanwizing te deadzjen. Nei it offer gyngen Jehû en Jonadab nei bûten en krigen de manlju de opdracht om gjin pryster te sparjen. Nei it deadzjen fan de Baäl-prysters waard de timpel ûnteare en fernield en it plak dêr't de timpel stien hie waard ornearre ta rûchskerne.[6]
De machtsoername fan Jehû wurdt yn it Alde Testamint wiidweidich beskreaun, mar fierder is der net in soad bekend oer it regear fan Jehû. Wol wurdt Jehû ferwiten gjin ein makke te hawwen oan de sûndige praktiken fan kening Jerobeäm. Sa liet Jehû de gouden keallen yn Dan en Bet-El stean. Under it keningskip fan Jehû ferlear Israel grutte stikken fan it ryk oan Hazael, de kening fan de Arameeërs.[7]
Net-bibelske oanwizings fan kening Jehû
bewurkje seksjeNjonken de Hebriuwske bibel tsjûget ek de saneamde Swarte Obelisk fan it bestean fan kening Jehû. Op ien fan de 20 reliëfs is Jehû te sjen, dy't bûgjend foar kening Salmanassar III fan Assyrje tribút betellet. Kening Jehû wurdt hjir lykwols beskreaun as de "Soan fan Omry". It is it ierste ôfbyld fan in Israelyt.[8]
Yn de jierren 1990 waarden yn Tel Dan fragminten fan in stien út de 9e iuw fûn. De stien beskriuwt de oerwinning fan in Arameeske kening oer syn fijannen. Nei alle gedachten wurdt mei dizze kening Hazael bedoeld. Yn tsjinstelling ta de Skrift wurdt op de stien lykwols útlein dat it Hazael sels wie dy't kening Joaram en kening Achazja en nochris 70 oanfierders deade.[9]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|