Ychtenbrêge
Ychtenbrêge | ||
Duimstrjitte yn Ychtenbrêge | ||
Bestjoer | ||
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | De Fryske Marren | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 995 (1 jannewaris 2023) [1] | |
Oar | ||
Ferkearsieren | N924 | |
Postkoade | 8539 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 52' NB, 5° 49' EL | |
Pier Christiaanssleat yn Ychtenbrêge | ||
Offisjele webside | ||
Webstee fan Dolsterhuzen, Ychten en Ychtenbrêge | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Himrik fan Ychtenbrêge yn de eardere gemeente Lemsterlân |
Ychtenbrêge is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren, earder Lemsterlân, oan de súdeastkant fan de Tsjûkemar. It doarp foarmet mei Dolsterhuzen en Ychten in trijelingdoarp omreden se oaninoar fêstgroeid binne. Ychtenbrêge wurdt torch de Pier Christiaanssleat fan Dolsterhuzen skaat.
Ychtenbrêge hat 995 ynwenners (1 jannewaris 2023).[2]
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ychtenbrêge wie oarspronklik in buorskip fan Ychten en is neamd nei de brêge oar de Pier Christiaansleat, dy't groeven waard as in ferbiningskanaal tusken de Tsjonger en de Tsjûkemar. Oant 1900 hie it plak in agraryske betsjutting en dêr stie hjir en dêr wat húskes. Ek by it Krompaad del, dy't it feangebiet benefter yn rûn en letter as ferbiningswei mei Weststellingwerf mei in brêge oer de Tsjonger trochlutsen waard, stie wat bebouwing. Stadichoan ûntstie der lintbebouwing by de Haadwei del. Ek by de Pier Christiaanssleat ûntstie bebouwing fan huzen en bedriuwen en waarden der kaaien oan boud ynearsten foar ferfier en letter foar wetterrekreaasje. Sa ûntstie der in mingde bebouwing yn it doarp dy't it memmedoarp al oerfleugele hie. Guon karakteristike wenten waarden yn de iere tweintichste iuw boud lykas de pastorije fan de herfoarme tsjerke, dy't yn 1916 troch arsjitekt Hendrik Kramer fan Ljouwert ûntwurpen waard De herfoarme tsjerke stie lykwols yn it memmedoarp Ychten. Yn de 1960-er jierren waard yn Ychtenbrêge in grifformearde tsjerke mei in frijsteande sealtektoer boud.
Nei de Twadde Wrâldkriich waard der bewenning yn de buert fan it Krompaad, Duimstrjitte en Kempenaerswei boud en levere guon karakteristike wenten op. Yn de earmholte fan de knik fan de Haadwei en de feart wreide de bewenning him út. Guon fan de bebouwing stie op it grûngebiet fan Dolsterhuzen en waard dus ek as part fan Dolsterhuzen oantsjut. De twa doarpen waarden winliken ien kearn, mar leine yn twa gemeenten. Resint waard der westliker tusken dyk en feart in nije buert ûntwikkele.
Oant 1984 rûn de gemeentegrins troch de Pier Christiaanssleat, dêr't Dolsterhuzen by Haskerlân hearde en Ychtenbrêge by Lemsterlân. By de gemeentlike weryndieling dat jiers kaam Dolsterhuzen by Lemsterlân. It sintrum fan Dolsterhuzen ferskode dêrnei nei de Pier Christiaanbrêge en de eardere gemeentegrins en waarden de twa doarpen suver offisjeel ien kearn. Yn 2014 gie de gemeente Lemsterlân op yn de nijefúzjegemeente De Fryske Marren
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ychtenbrêge foarmet tegearre mei Dolsterhuzen oan de oare kant fan de Pier Christiaanbrêge, ien wenkearn. It doarp is opdield rekke trochdat oant 1984 de gemeentegrins mei Haskerlân troch de Pier Christiaanssleat rûn. Ychtenbrêge wie nei De Lemmer it twadde doarp yn de eardere gemeente Lemsterlân dêr't toerisme in grutte rol spilet. De Pier Christiaansleat dy't troch de buorren en troch Dolsterhuzen rint is ek in toeristysk farwetter. Dy foarmet de ferbining tusken yn it suden de Kop fan Oerisel mei de Weerribben en nei it noarden jout it ferbining mei de Fryske marren.
Yn Ychtenbrêge en Dolsterhuzen binne ferskate jachthavens en kampings. Yn Ychtenbrêge: Jachthaven de Meerkoet, De Merenpoort en Turfskip; yn Dolsterhuzen Oan 'e Tsjûkemar en de lisplakken fan Pleatslik Belang. Yn Dolsterhuzen steane ek twa hotels, hotel Tsjongerfallei yn it eardere molkfabryk en hotel "De Tsjûkemar" in pear kilometer bûten de buorren. Dêrneist binne by in soad pleatsen bûten it doarp ek miny-kampings.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Pleatslik Belang De Trije Doarpen fertsjintwurdiget e belangen fan de trije doarpen Dolsterhuzen, Ychten en Ychtenbrêge. It doarpshûs De Brêge fan de trije doarpen stiet yn Ychtenbrêge, dêr't ek in pjutteboartersplak yn fêstige is. De nijsbrief stiet op de side en de Facebookside fan it Pleatslik Belang.
Aktiviteiten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ûndernimmersferiening Ychtenbrêge e.o. organisearret alle jierren yn de simmermoannen de "Dolle Brêgedagen". Op de tongersdeitejûnen wurdt dan wat op of om de brêge en it wetter organisearre, lykas sekslaan, kanoracen, live muzyk. By Ychtenbrêge is ek altyd in wedstryd fan it IFKS skûtsjesilen. Fierders binne der braderyen, muzyk op it wetter en muzyk yn de feesthal by De Merenpoort bv.
De jierlikse feestwike yn Ychtenbrêge is yn de twadde wike fan septimber. Dêr hawwe al in soad bekende Nederlânske bands stien: BZN, De Dijk, De Kast, Normaal, Pappa di Grazzi en Nick & Simon.
Op âldjiersdei wurdt der fan 10 oere jûns ôf Ald-en-Nij Yctenbrêge organisearre
Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Oranjeferiening organisearret Keningsdei en de feestwike yn septimber
- Undernimmersferiening EDE
- Fuotbalferiening VV Delfstrahuizen
- Tennisferiening TC De Kleine Kernen
- Feriening Rekreaasjebelangen Ychtenbrêge
- Nederlânske Shuffleboard Feriening Ychtenbrêge
- Skûtsje De Trije Doarpen
Skoallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne yn Ychtenbrêge twa skoallen foar primêr ûnderrjocht: bassiskoalle De Spoarsiker mei in kristlike grûnslach en iepenbiere basisskoalle Twa yn Ien.
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]1840 | 2013 | 2023 |
---|---|---|
±1.000 | 1.024 | 995 |
(Boarnen: 1840: Plaatsengids, 2012 en 2021: Alle Cijfers.)
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Baggelaar, De Bûgel, De Kempenaerswei, De Petten, De Roede, De Splitting, De Feanskieding, Duimstrjitte, Hellingpaad, It Trek, Haadwei, Klynsmafeart, Koopmanwei, Kromme Warren, Krompaad, Suster Jacobsstrjitte, Turfkade, .
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|