[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

De Bargebek

Ut Wikipedy
De Bargebek
Sintrum fan De Bargebek
Sintrum fan De Bargebek
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente De Fryske Marren
himrik Wikel
Sifers
Ynwennertal ±200
Oar
Ferkearsieren N359
Postkoade 8563
Netnûmer 0514
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 53' NB, 5° 36' EL
Jagtlust Bargebek
Jagtlust Bargebek
Offisjele webside
https://www.wikel.nl/
Kaart
De Bargebek (De Fryske Marren)
De Bargebek

De Bargebek is in buorskip yn de gemeente De Fryske Marren. Hy heart ta de himrik fan Wikel. De Bargebek leit súdeastlik fan Balk en westlik fan Wikel oan de wei tusken dy twa plakken (Jachtlustwei/Menno van Coehoornwei).

De Eben Haezertsjerke yn 1979

De buorskip waard neamd nei in stik lân dat de foarm fan in bargekop hie. Yn Fryslân binne mear stikken lân dy't Bargekop neamd wurde. De buorskip ûntstie yn de 19e iuw by it bûtenhûs Jagtlust. Yn 1889/1889 krige it plakje sels in tsjerke. Dat waard de grifformearde tsjerke fan Wikel en waard Eben Haezer neamd. De oargel waard troch de firma Van Dam út Ljouwert boud. Yn 1982 waard de tsjerke oan de koster fan de tsjerke ferkocht en waard letter in opslachromte. De oargel gie nei de herfoarme tsjerke fan Oosterhesselen yn Drinte. Oan 'e bûtenkant bleau de tsjerke yn syn âlde foarm.

Nettsjinsteande dat De Bargebek in tsjerke hie, waard it net in doarp neamd. It plak woeks wol stadichoan troch. By de Jachtlustwei, it Lunenburgpaed en in lyts part fan de Menno van Coehoornwei ûntjoech him dêr suver in beboude kom. Njonken de niisneamde diken lizze de diken de Sânmar, Lynbaen, Vogelzangwei en de Munnikeleane ûnder it gebiet fan de buorskip. Yn 'e hoeke fan de Munnikeleane en de Suderséwei is dêr in lyts apart buorrentsje. De Bargebek hat in stikmannich tal gruttere bedriuwen en guon winkels. Boppedat binne dêr in húsdokterpraktyk, tankstasjon en in herberch/kafee.

Oant 1984 hearde De Bargebek yn de gritenij, sawol de gemeente Gaasterlân, fan 1984 oant 2014 ta de gemeente Gaasterlân-Sleat en dêrnei ta de fúzjegemeente De Fryske Marren.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Bargebek fan Wikimedia Commons.
De Fryske Marren
Stêd:
Sleat
Doarpen en útbuorrens:
AldegeaAldehaskeAldemardumAlde OuwerBakhuzenBalkBantegeaBoarnsweachDe BroekDikenDolsterhuzenDunegeaEagmarypEalahuzenEasterseeFollegeaGoaiïngarypHarichHaskerhoarneYchtenYchtenbrêgeDe JouwerJiskenhuzenJistergeaKolderwâldeLangwarLegemarDe LemmerMurnsNijehaskeNijemardumOusterhauleOusternijegeaReahelRiisRotstergaastRotsterhauleRottumRûgehuzenSkarsterbrêgeSint-JânsgeaSint-NykSniksweachSondelTerherneTerkapleTeroeleTsjerkgaastVegelinsoardWikel
Buorskippen:
BallingboerDe BargebekDe BelsBrekkenpolderDelbuorrenFinkebuorrenFinkebuorren (Gaasterlân)FjouwerhûsFrisbuorrenHeaburgenDe HeideHústerheideIwertDe KommisjepôleNij AmearikaDe NoedDe RylstSânbuertSkoattersyl (foar in part)SkouSpannenburchTeakesylTropherneTwahûsUnlânWesteinWesterein Harich
· · Berjocht bewurkje