[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Ursem

Ut Wikipedy
Ursem
Sint-Bavotsjerke.
Sint-Bavotsjerke.
Emblemen
Bestjoer
provinsje Noard-Hollân
gemeente Koggelân
Alkmar
Sifers
Ynwennertal 2.995 (1 jannewaris 2023)
Oar
Koördinaten 52° 37 'NB, 4° 53 'EL
Kaart
Ursem (Noard-Hollân)
Ursem

Ursem is in plak yn 'e gemeente Koggelân en foar in lyts part yn 'e gemeente Alkmar yn 'e provinsje Noard-Hollân.

It doarp hat 630 (1 jannewaris 2023) ynwenners.

Yn 1083 waard Ursem 'Urisheim' yn 'e dokuminten fan de abdij fan Egmond neamd. Yn 1420 wie it 'Uresheim'. Oarspronklik lei it doarp wat noardliker, dêr't hjoeddedei de protestantske tsjerke stiet.

Oant de jierren 1960 wie Ursem net sa'n grut doarp mei in agrarysk karakter. Dêrnei woeks Ursem stadichoan út ta in grutter doarp. It doarp hat lykwols de âlde bebouwing wol beholden en yn it doarp en yn 'e polder binne noch in soad West-Fryske pleatsen te sjen.

Oant 1 jannewaris 1979 wie Ursem in selsstannige gemeente, dêr't ek it doarp Rustenburg ûnder foel en fierder de buorskippen Noorddijk, de Mijzen (sûnder it diel fan Oostmijzen) en in diel fan 'e eardere gemeente Skermer. De gemeente fusearre mei de gemeenten Avenhorn, Berkhout en Oudendijk ta de gemeente Wester-Koggelân, dy't op 1 jannewaris 2007 wer fusearre ta de gemeente Koggelân.

Sûnt 1980 falt de polder Ursem net mear hielendal ûnder it doarp. Oant en mei 31 desimber 2014 wie in lyts part fan it doarpsgebiet fan Ursem ûnderdiel fan 'e gemeente Skermer. Op 1 jannewaris 2015 gyng dat diel op yn 'e gemeente Alkmar.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • De protestantske tsjerke oan it Kerkpad is in wettersteatstsjerke út 1846-1847.
  • De ûndermûne O wie ien fan 'e ring fan 16 mûnen tusken Schermerhorn en Ursem en waard yn 1633 as boppemûne by Ursem boud. Yn 1652 ferhûze de mûne nei it tsjintwurdige plak om as ûndermûne te wurkjen.
  • De stjelp oan 'e Noorddijkerweg 11 is in ryksmonumint út 1800.[1]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Plakken yn 'e gemeente Koggelân
Doarpen:
AvenhornBerkhoutBobeldijkDe Goorn (gemeentehûs) • GrosthuizenHensbroekObdamOudendijkRustenburgScharwoudeSpierdijkUrsemWogmeerZuidermeer
Buorskippen:
BerkmeerBaarsdorpermeerDe HulkKathoekNoord-SpierdijkNoorddijkNoordermeerObdammerdijkOosteinde

OostmijzenZuid-Spierdijk
Nederlân: Provinsjes · Gemeenten

· · Berjocht bewurkje
Gemeente Alkmar
Stêd:
Alkmar
Doarpen:
DriehuizenGraftGrootschermerKoedijk (foar in part) • MarkenbinnenNoordeindeOost-GraftdijkOterleekOudorpDe RijpSchermerhornStarnmeerStompetorenUrsem (foar in part) • West-GraftdijkZuidschermer
Buorskippen:
BergermeerKogerpolder (foar in part) • Omval · NieuwpoortDe NollenDe Weijdt
· · Berjocht bewurkje