Wogmeer
Wogmeer is in doarp yn de gemeente Koggelân, yn de provinsje Noard-Hollân. It doarp hat 290 ynwenners (2008). Fan 1979 - 2007 foel it ûnder twa gemeentes, de gemeenten Obdam en Wester-Koggelân, dêrfoar hearde it ta de gemeente Obdam en Hensbroek.
De polder de Wogmeer waard yn 1608 drûchlein en yn 1609 ferkavele ûnder tafersjoch fan de Alkmaarse lânmjitter Gerrit Dirksz Langedijk. De wichtichste finansier fan it projekt wie Jacob van Duvenvoorde (1574-1623), hear fan Obdam en Hensbroek. Ien fan de seis mûnen dy't by de drûchlizzing brûkt waard, Nieuw Leven, stiet noch altyd op de westside fan de mear as 12 km lange dyk dy't om de Wogmeer leit.
De polder, dy't ynklamme leit tusken de doarpen Spierdyk, Ursem, Hensbroek en Obdam, is 680 hektare grut. It measte lân wurdt brûkt foar bloembollekwekerij, lânbou en fretten foar de feehâlderij.