[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Rustenburg (Noard-Hollân)

Ut Wikipedy
Rustenburg
Bestjoer
provinsje Noard-Hollân
gemeente Koggelân
Sifers
Ynwennertal 160 (1 jannewaris 2023)
Oar
Koördinaten 52° 38 'NB, 4° 52 'EL
Kaart
Rustenburg (Noard-Hollân)
Rustenburg

Rustenburg is in lyts doarp yn 'e Noard-Hollânske gemeente Koggelân. It doarp hat 160 ynwenners (1 jannewaris 2023).

Oant 1 jannewaris 1979 hearde it doarp by de gemeente Ursem. Yn 1979 waard de gemeente Ursem by de gemeente Wester-Koggelân foege en dat bleau sa oant 2007.

It doarp soe ûntstien wêze troch wat hûzen by de herberch, dy't op it plak stie dêr't de ringfeart en de Skermerfeart gearkomme. It plak waard yn 1573 Ruistenburg en yn 1639 Rustenburch'neamd.

Hjoed-de-dei is it doarp fral bekend troch de trije strykmûnen by it doarp. De mûnen steane lykwols krekt oer de gemeentegrins yn it doarpsgebiet fan Oterleek yn 'e gemeente Alkmar. Rustenburg hat ek in hiel âlde skutslûs, dy't oant likernôch 1995 noch mei de hân betsjinne waard.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Rustenburg fan Wikimedia Commons.
Plakken yn 'e gemeente Koggelân
Doarpen:
AvenhornBerkhoutBobeldijkDe Goorn (gemeentehûs) • GrosthuizenHensbroekObdamOudendijkRustenburgScharwoudeSpierdijkUrsemWogmeerZuidermeer
Buorskippen:
BerkmeerBaarsdorpermeerDe HulkKathoekNoord-SpierdijkNoorddijkNoordermeerObdammerdijkOosteinde

OostmijzenZuid-Spierdijk
Nederlân: Provinsjes · Gemeenten

· · Berjocht bewurkje