[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

The Terminator

Ut Wikipedy
The Terminator
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur James Cameron
produsint Gale Ann Hurd
útfierend
   produsint
John Daly
Derek Gibson
senario James Cameron
Gale Ann Hurd
William Wisher
kamerarezjy Adam Greenberg
muzyk Brad Fiedel
filmstudio Hemdale Film Corporation
Pacific Western Productions
Cinema '84
distribúsje Orion Pictures
spilers
haadrollen Arnold Schwarzenegger
Linda Hamilton
Michael Biehn
byrollen Paul Winfield
Lance Hernriksen
Earl Boen
Bess Motta
Rick Rossovich
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 26 oktober 1984
foarm langspylfilm
sjenre science fiction-aksjefilm
taal Ingelsk
spyltiid 107 minuten
budget en resultaten
budget $6,4 miljoen
opbringst $78,3 miljoen
prizen 3 × Saturn Award
filmsearje
filmsearje Terminator
● folgjend diel Terminator 2: Judgment Day

The Terminator is in ferneamde Amerikaanske science fiction-aksjefilm út 1984 ûnder rezjy fan James Cameron, mei yn 'e haadrollen Arnold Schwarzenegger, Linda Hamilton en Michael Biehn. De titel betsjut "De Beëiniger". It ferhaal giet oer in cyborg, de Terminator, dy't út in post-apokalyptyske takomst wei weromstjoerd wurdt yn 'e tiid om 'e jonge frou Sarah Connor te fermoardzjen. De reden dêrfoar is dat hja ienris de mem wurde sil fan John Connor, de lieder fan it minsklike ferset yn 'e oarloch tsjin 'e troch in keunstmjittige yntelliginsje oanstjoerde masines. Om syn mem (en dêrmei himsels) te beskermjen, stjoert John Connor lykwols ien fan syn soldaten, Kyle Reese, werom yn 'e tiid.

The Terminator krige foar it meastepart lof taswaaid troch de filmkritisy en wie in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. De film hie ek grutte ynfloed op 'e Westerske popkultuer. Foar Schwarzenegger en yn mindere mjitte ek Hamilton wie de film in stapstien fan krúsjaal belang yn harren karriêres as akteur. Foar Cameron betsjutte The Terminator syn trochbraak as regisseur. It súkses late letter ta it ûntstean fan in mediafranchise om 'e film hinne, dy't Terminator neamd wurdt (sûnder lidwurd), en yn 1991 úteinsette mei de ferfolchfilm Terminator 2: Judgment Day. Yn 2008 waard The Terminator troch de Amerikaanske Library of Congress útornearre foar preservaasje yn 'e National Film Registry, omreden fan kultureel, histoarysk en/of estetysk belang.

Yn Los Angeles arrivearret yn 1984 in cyborg, de Terminator, nei reis troch de tiid út it jier 2029 wei. Net folle letter komt op deselde manear út deselde takomst de minsklike soldaat Kyle Reese oan. Beide stelle se klean en wapens, en Reese ûntwykt dêrby de plysje, dy't al rillegau efter him oan sit. De Terminator begjint oan 'e hân fan it tillefoanboek, dêr't harren adressen yn fermeld steane, alle froulju dy't Sarah Connor hjitte te fermoardzjen. De Sarah Connor dy't er hawwe moat, in jonge servearster yn in fastfoodrestaurant, giet de grize oer de grouwe as se dy deis op it nijs heart dat immen mei har namme ombrocht is. Dy jûns hat se in ôfspraakje mei in jonge dy't lykwols op it lêste momint ôfseit. Se beslút nei de film te gean om har húsgenoate Ginger net foar de fuotten te rinnen, dy't har frijer Matt útnûge hat.

Nei't Ginger en Matt seks hân hawwe, kringt de Terminator it appartemint binnen en deadet harren allebeide, yn 'e ferûnderstelling dat Ginger de lêste Sarah Connor is. De echte Sarah Connor is ûnderwilens ûngerêst wurden om't se yn in bar op it nijs heart dat der no twa froulju fermoarde binne dy't Sarah Connor hjitte. As se beslút en gean nei hûs, kriget se it gefoel dat se folge wurdt troch in ûnbekende man. Se dûkt in nachtklub yn en skillet dêrwei de plysje. Mei't se yn 'e wacht set wurdt, bellet se ynstee nei hûs, mei it fersyk oan Ginger en Matt om har op te heljen. Om't der net opnommen wurdt, sprekt se in boadskip yn op it antwurdapparaat. As de Terminator dat heart, beseft er dat de frou dy't er ombrocht hat, net Sarah Connor is. Hy siket in foto fan har op om har weromkenne te kinnen, en giet nei de nachtklub dy't se yn it berjocht neamd hat.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

As Sarah lang om let haadynspekteur Draxler fan it Los Angeles Police Department oan 'e tillefoan kriget, de man dy't de lieding hat oer de ûndersiken nei de moarden op 'e beide Sarah Connors, fertelt dy har dat se kalm bliuwe moat. Om't se har yn in iepenbiere romte befynt mei in protte minsken om har hinne, is se foarearst feilich. Hy stjoert in plysje-auto om har út 'e nachtklub op te heljen. Nei't se ophongen hat om te wachtsjen, wurdt Sarah senuweftich as se deselde man oan 'e bar sitten sjocht wêrfan't se earder miende dat er har folge. De Terminator kringt de nachtklub binnen, dêr't er Sarah opmerkt en in mitrailleur foar 't ljocht hellet. De man oan 'e bar, dy't Kyle Reese is, lûkt in ôfseage jachtgewear ûnder syn oerjas wei en sjit de cyborg del, wêrnei't er tsjin Sarah seit: "Kom mei ast libje wolst." Tegearre ûntflechtsje se de nachtklub, mar ta Sarah har ferbjustering en ôfgriis komt de Terminator gewoan wer oerein om efter harren oan te gean. Sy en Reese stelle in auto en naaie út, mar wurde efterfolge troch de Terminator yn 'e plysje-auto dy't er stelt fan 'e plysjes dy't Sarah ophelje soene.

Wylst se har skûlhâlde yn in parkeargaraazje, leit Reese oan Sarah út dat "oer in pear jier" Skynet, it kompjûtersysteem dat it Amerikaansk Ministearje fan Definsje brûkt foar de ferdigening fan it lân tsjin 'e Sovjet-Uny, sa avansearre rekket dat it selsbewust wurdt en it stadium fan keunstmjittige yntelliginsje berikt. In mikrosekonde letter sil Skynet beslute dat de minskheid in bedriging foar syn bestean foarmet, sadat de iennichste logyske beslissing is om 'e minskheid út te rûgjen. Dat docht it kompjûtersysteem troch in twasidige atoomoarloch út te lokjen dy't in nukleêre holokaust feroarsaket. It meastepart fan 'e minskheid komt dêrby om, mar lytse restanten witte te oerlibjen.

Der sil in oarloch ûntstean fan minske tsjin masine, wêrby't it minsklik ferset tsjin Skynet oanfierd wurdt troch in John Connor: de soan dy't Sarah noch net krigen hat. As Connor-en-dy yn 2029 op it punt steane om 'e oerwinning te beheljen, stjoert Skynet ien fan syn masines, de Terminator, nei it ferline om Sarah Connor te fermoardzjen ear't se John te wrâld bringe kin. De Terminator is in Cyberdyne Systems T-800 model 101, in cyborg mei in hast net stikken te krijen endoskelet fan metaal, mei dêroerhinne in bûtenlaach fan libben weefsel mei hûd en hier, sadat er derút sjocht as in minske. Koart nei't er nei it ferline stjoerd wie, ferovere it ferset de fasiliteit mei de technology foar tiidreizgjen. John Connor stjoerde dêrnei ien fan syn soldaten (Reese sels) efter de Teminator oan om syn mem te beskermjen, wêrnei't de tiidmasine opblaasd waard.

Reese en Sarah wurde weromfûn troch de Terminator as se in oare auto stelle. Der folget in nije efterfolging, dy't einiget as it harren slagget en lit de cyborg yn in tunnel by in bline muorre op ride. Wannear't de tahastige plysje dêrnei Reese en Sarah arrestearret, blykt de Terminator lykwols al útpykt te wêzen. Op it plysjeburo wurdt Reese ûnderfrege troch plysjepsycholooch Peter Silberman, dy't wis is dat er fan dwaan hat mei ien dy't folslein sljochtsinnich is. Haadynspekteur Ed Draxler en syn direkte ûnderhearrige, resjersjeur Hal Vukovich, besykje Sarah derfan te oertsjûgjen dat Reese syn ferhaal op paranoïde waanfoarstellings berêst. Dat de Terminator gewoan wer oerein kaam nei't Reese him ferskate kearen mei in ôfseage jachtgewear delsketten hie, moat betsjutte dat er in kûgelfrij fest droech. En doe't er mei de bleate hân yn ien kear dwers troch it foarrút fan in auto hinne sloech, briek er sûnder mis alle bonken yn 'e hân en wied er nei alle gedachten ûnder ynfloed fan 'e drug PCP, dy't pine ûnderdrukt. Sarah lit har troch de plysjes beprate.

De Terminator hat it lykwols net oerjûn, want dêr is er net ta programmearre. Hy siket in feilich plak op om 'e skea dy't er oprûn hat, sa goed en sa min as dat giet te reparearjen. Dêrnei giet er nei it plysjeburo ta dêr't Sarah en Reese binne, dêr't er de hal raamd mei syn auto. Bewapene mei mitrailleurs en in ôfseage jachtgewear kringt er dêrnei djipper yn it gebou troch en sjit dêrby alle plysjes dea dy't er tsjinkomt. Draxler en Vukovich bewapenje harsels mei mitrailleurs, mar komme allebeide om by de ferdigening fan it diel fan it gebou dêr't Sarah har befynt. Yn 'e gaos wit Reese te ûntsnappen. Hy rêdt Sarah op 'e nij troch har te finen en mei te nimmen út it gebou wei. Se stelle fannijs in auto en sykje beskûl yn in motel.

Wylst Reese derop út giet om boadskippen, skillet Sarah har mem op, dy't der by har op oanstiet om har te fertellen wêr't se is. Nei lang oantrúnjen jout Sarah ta. Wat se lykwols net wit, is dat de Terminator út har appartemint har adresseboekje stellen hat, dêr't er it adres fan har mem yn fûn hat. Dejinge mei wa't se oan 'e tillefoan praat, is net har mem, dy't ûnderwilens al fermoarde is, mar de Terminator sels, dy't de stim fan har mem neibeart. As Reese weromkomt, blykt er de ûnderdielen en yngrediïnten ynslein te hawwen om piipbommen te meitsjen. Hy leart Sarah hoe't dat moat en tegearre meitsje se safolle dêrfan oan as se kinne. Neitiid freget Sarah Reese wêrom't har soan no krekt hìm yn 'e tiid weromstjoerd hat, en Reese fertelt ta dat hy himsels dêrfoar oanbean hat. Hy bychtet op dat John him ferskate jierren lyn in foto fan syn mem jûn hat, en dat er al fereale op Sarah wie foar't er har ea libbensliif moete. As Sarah opmerkt dat sy him yn wurklikheid dan wol raar ôffallen wêze sil, sprekt er dat mei ynmoed tsjin. Se begjinne te tútsjen en reitsje mei-inoar op bêd, dêr't se seksuele omgong hawwe.

As de Terminator by it motel oankomt, wurde Reese en Sarah foar him warskôge troch de hûn fan 'e moteleigner, dy't oanslacht. (Reese hie earder fertelt dat se yn 'e takomst hûnen brûke om Terminators te werkennen, mei't dy blykber hiel oars rûke as echte minsken.) Reese en Sarah naaie op 'e nij út, diskear yn in stellen pick-uptruck fan ien fan 'e oare motelgasten. Se wurde efterfolge troch de Terminator op in motorfyts. Wylst Sarah efter it stjoer sit, bekûgelet Reese de Terminator mei piipbommen. As er dêrby rekke wurdt troch in skot fan 'e Terminator, rekket Sarah alhiel breinroer en riidt se de cyborg fan syn motor ôf, mar kantelet dêrby tagelyk de pick-uptruck. De Terminator kaapt in tankwein mei brânstof en besiket Sarah dea te riden, mar it slagget Reese om yn it foarbygean in piipbom oan board fan 'e tankwein te stopjen, dy't ûntploft. Yn 'e resultearjende fjoersee baarnt al it libbene weefsel fan 'e Terminator fuort, sadat der inkeld noch in metalen skelet oerbliuwt.

De Terminator efterfolget Sarah en de ferwûne Reese geandefoets in fabryk yn, dêr't Reese alle masines oanset om genôch eftergrûnleven te kreëarjen dat de cyborg harren net weromfine kin. As Sarah lykwols letter by fersin in hydraulyske parse oan- en fan skrik gau wer útset, komt er harren op 'e nij op it spoar. Reese raamt syn lêste piipbom yn it ûnderlichem fan 'e Terminator, dy't troch de ûntploffing útinoar blaasd wurdt. Sarah kriget in metalen brokstik yn har boppeskonk, mar Reese sels rekket dea. Fan 'e Terminator is inkeld noch in torso mei in plasse en twa earms oer, mar klauwendewei set er likegoed de efterfolging fan Sarah fuort. Dy krûpt ûnder de hydraulyske parse troch, en as se der sels oan 'e oare kant wer ûnderút kommen is en de Terminator der noch ûnder sit, stelt se de masine op 'e nij yn wurking. De parse komt omleech en drukt de Terminator fyn oant er it einlings en te'n lêsten foargoed bejout.

Moannen letter reizget Sarah mei in Dútske hardershûn en in grutte revolver by har troch Meksiko. Hja is swier, en it is no dúdlik dat Kyle Reese de heit fan John Connor wie, wat ferklearret wêrom't John him in foto fan syn mem jûn hie. Sarah nimt in rige kassettebantsjes op foar har noch net berne soan en freget har ôf oft se John no fertelle moat wa't syn heit wie of net. Se beslút fan al. By in benzinestasjon makket in jonge in Polaroidfoto fan har dy't er dêrnei oan har ferkeapet. It blykt deselde foto te wêzen dy't John desennia letter oan Kyle Reese jaan sil.

Arnold Schwarzenegger (1984).
Linda Hamilton (1984).
Michael Biehn (2016).
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
de Terminator (Cyberdyne Systems T-800 model 101) Arnold Schwarzenegger
Sarah Connor Linda Hamilton
sersjant Kyle Reese Michael Biehn


byrollen
personaazje akteur/aktrise
haadynspekteur Ed Traxler Paul Winfield
resjersjeur Hal Vukovich Lance Henriksen
dokter Peter Silberman Earl Boen
Ginger Ventura Bess Motta
Matt Buchanan Rick Rossovich
Nancy Shawn Schepps
wapenhanneler Dick Miller
in Terminator yn 2029 Franco Columbu
punker #1 Bill Paxton
punker #2 Brian Thompson
Sarah Louise Connor Marianne Muellerleile

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't er yn 1982 yn Rome wie foar de premiêre fan Piranha II: The Spawning, rekke regisseur James Cameron siik en krige er dwyljendewei in dream oer in metalen torso dat himsels by in ûntploffing wei sleepte. Ynspirearre troch regisseur John Carpenter, dy't de súksesfolle slasherfilm Halloween as lowbudgetfilm makke hie, brûkte Cameron syn koartsdream as útgongspunt om in slasherfilm te skriuwen. Syn ympressario moast neat hawwe fan dat idee en stie der bot by him op oan om dermei op te hâlden en wat oars te betinken. Cameron ûntsloech dêrnei syn ympressario.

Werom yn Kalifornje útfanhûze Cameron by science fiction-skriuwer Randall Frakes, dêr't er de earste kladferzje skreau fan it senario fan wat úteinlik The Terminator wurde soe. Om fan 'e kladferzje in wier filmskript te meitsjen, rôp er de help yn fan syn maat Bill Wisher, dy't in fierhinne gelikense oanpak hie as hysels. Cameron parte Wisher de stikken mei in protte dialooch ta, dêr't er sels net goed yn wie; dat kaam foar it meastepart del op 'e sênes mei de resjersjeurs ûnderling en mei Sarah Connor op it plysjeburo. (Nei't The Terminator in trochslaand súkses wurde wie, soene Frakes en Wisher tegearre de 'ferboeking' fan 'e film skriuwe.)

De earste ferzje fan it senario hie twa Terminators dy't nei it ferline weromstjoerd waarden: ien lykas de Terminator yn 'e úteinlike film, en ien dy't bestie út floeiber metaal, en dêrom net mei konvinsjonele wapens ferneatige wurde koe. Cameron besleat lykwols dat de technology yn 'e earste helte fan 'e 1980-er jierren noch net by steat wie om 'e floeibere Terminator op in oannimlike manear yn byld te bringen, en skreau dyselde dêrom letter út it skript. (De floeibere Terminator soe yn 'e foarm fan 'e T-1000 úteinlik weromkomme yn 'e ferfolchfilm Terminator 2: Judgment Day, út 1991.)

Gale Anne Hurd, dy't as assistinte fan regisseur Roger Corman by de filmstudio New World Pictures wurke hie, toande belangstelling foar it projekt fan Cameron, dy't oan har dêrom foar it symboalyske bedrach fan $1 de rjochten op it idee ferkocht. Betingst dêrfoar wie wol dat se The Terminator allinne mar produsearje mocht as Cameron de film regissearre. Hurd die suggestjes foar feroarings oan it senario en waard dêrom op 'e begjintitels en de ôftiteling fan 'e film oanmurken foar ien fan 'e senarioskriuwers, hoewol't Cameron letter sei dat se "eins hielendal gjin wurd skreaun" hie.

Hurd en Cameron hiene mienskiplike kunde dy't earder mei Corman gearwurke hiene en no yn 'e tsjinst wiene fan Orion Pictures (dat letter opgean soe yn Metro-Goldwyn-Mayer). Fia dy yngong leine se kontakten mei de studio; Orion stimde deryn ta om 'e distribúsje fan harren film te dwaan as se earne oars wei de finansiering rûnkrije koene. Nei in ferkeappraatsje troch Cameron, wêrfoar't er syn maat akteur Lance Henriksen ferklaaid as de Terminator opdrave liet, waard it senario ein 1982 oppikt troch John Daly, de algemien direkteur fan 'e Hemdale Film Corporation. Dyselde en syn ûnderdirekteur Derek Gibson soargen derfoar dat it jild foar de produksje byinoar skrabe waard, en krigen dêrom de funksje fan útfierend produsint. Der kaam foar The Terminator in budget beskikber fan earst $4 en letter $6,4 miljoen, dat ôfkomstich wie fan Hemdale en Orion, mei help fan HBO. De film waard makke troch Hemdale, Pacific Western Productions en Cinema '84.

Filmprodusinte Gale Anne Hurd kocht de rjochten op The Terminator fan regisseur James Cameron foar it symboalyske bedrach fan $1.

Foar de rol fan Kyle Reese woe Orion Pictures in opkommende stjer út 'e Amerikaanske filmyndustry hawwe, mar ien dy't tagelyk ek om utens it filmpublyk oansprekke soe. Mike Medavoy, ien fan 'e oprjochters fan Orion, hie earder de Eastenryksk-Amerikaanske bodybuilder Arnold Schwarzenegger met en wie fan him ûnder de yndruk rekke. Schwarzenegger syn karriêre as akteur wie yn 1982 einlings fan 'e grûn kommen troch syn rol as Conan de Barbaar yn 'e fantasyfilm Conan the Barbarian. Hoewol't Medavoy him it skript fan The Terminator tastjoerde, wie Cameron dubieus oer Schwarzenegger yn 'e rol fan Kyle Reese, mei't er ornearre dat er dan in noch gruttere spierbondel foar de rol fan 'e Terminator sykje moast. Sylvester Stallone en Mel Gibson waard de rol fan 'e Terminator oanbean, mar beiden wiisden se dy ôf. Orion suggerearre âld-Amerikaansk fuotbalspiler O.J. Simpson foar dy rol, mar Cameron fûn dat dyselde net oannimlik wêze soe as koelbloedige moardner, wat iroanysk is sjoen de moardsaak dêr't Simpson letter yn it echt yn behelle rekke.

Cameron stimde ta yn in moeting mei Schwarzenegger, mar betocht yn 't foar al in plan om foar te kommen dat er dyselde yn syn film caste moast: hy soe derfoar soargje dat se spul krigen en neitiid sizze dat er mei sa'nent net gearwurkje koe. Doe't er him ienris mette, die lykwols bliken dat Cameron Schwarzenegger wol lije mocht. De man siet fol advizen oer hoe't de Terminator spile wurde moast, dat Cameron besleat dat er him net as Kyle Reese, mar as de Terminator caste soe. Sels wie Schwarzenegger net botte entûsjast oer de rol. Mar nei syn fertolking fan 'e legindaryske held Conan de Barbaar beskôge er it spyljen fan in robot as in ynteressante útdaging, en boppedat tocht er dat it in lowbudgetfilm wurde soe dy't frijwol net ien sjen soe. Dus as it al misbeteare mocht, dan soe it net folle negative gefolgen foar him hawwe. Hoewol't Schwarzenegger yn 'e hiele film mar 18 regels tekst hat, waard it ien fan 'e meast krúsjale rollen fan syn karriêre. Neffens James Cameron spile diskear sels syn net ôf te skodzjen Dútske aksint him yn 'e kaart, mei't dat syn stim in "nuvere syntesearre kwaliteit [joech], krekt as hiene [de cyborgs] it stimlûd noch net alhiel ûnder de knibbel."

Foar de rol fan Sarah Connor socht Cameron in jonge, lytseftige aktrise mei delikate gesichtstrekken. Rosanna Arquette die audysje foar de rol, mar Cameron keas úteinlik foar Linda Hamilton, dy't doe krekt klear wie mei de opnamen fan Children of the Corn. Doe't dúdlik waard dat Schwarzenegger net de rol fan Kyle Reese spylje soe, waarden ferskate oare akteurs foar de rol suggerearre, wêrûnder de sjonger Sting. Cameron keas lykwols Michael Biehn, dy't yn 't earstoan skeptysk wie oer syn rol en de film as gehiel mar ûnnoazel fûn. Pas nei in yngeand petear mei Cameron feroare er fan gedachten. Hurd sei letter dat "frijwol alle oaren dy't audysje diene foar de rol [fan Kyle Reese] sa sterk en spierd wiene dat je gewoan nea leauwe koene der in minsklike bân ûntstean soe tusken Sarah Connor en Kyle Reese." Foar syn maat Lance Henriksen, dy't holpen hie by it beävensearjen fan 'e finansiering foar de film, fûn Cameron in byrol as resjersjeur Hal Vukovich.

De kamerarezjy fan The Terminator wie yn 'e hannen fan Adam Greenberg. De opnamen setten yn 1983 útein yn Toronto, mar kamen al rillegau stil te lizzen doe't produsint Dino De Laurentiis in opsje yn syn kontrakt mei Arnold Schwarzenegger aktivearre dy't Schwarzenegger njoggen moanne lang ûnbeskikber makke om op 'e nij de rol fan Conan de Barbaar te spyljen yn Conan the Destroyer. Wylst er wacht oant it wer heve koe, skreau Cameron it senario foar de aksjefilm Rambo: First Blood Part II, skaafde er it skript foar The Terminator noch wat by en hied er tariedende petearen mei produsinten David Giler en Walter Hill oer in mooglik ferfolch op Alien, dat úteinlik Aliens (1986) wurde soe.

Underwilens bemuoide Orion Pictures him mar op beheinde wize mei de produksje. De studio die twa suggestjes ta ferbettering fan it senario, nammentlik om Reese in hûneftige androïde mei te jaan, in idee dat Cameron nei de foddekoer ferwiisde, en om 'e leafdesbân tusken Reese en Sarah Connor fuort te sterkjen, wat Cameron akseptearre en yn it ferhaal ferwurke. Yn maart 1984 waarden de opnamen foar The Terminator yn Los Angeles ferfette. In wike foartiid ferstûke Linda Hamilton har ankel. Fan gefolgen brocht hja de hiele produksje troch yn pine en waard it opnameskema hielendal omsmiten sadat de sênes dêr't se yn drave moast sa fier mooglik opskood waarden. Schwarzenegger die war om syn tekstregel "I'll be back" ("Ik kom werom") feroare te krijen, mei't er it dreech fûn om 'e l-klank fan I'll en de b fan be efterinoaroan út te sprekken. Cameron wegere him lykwols te geriven, en de regel waard neitiid ikoanysk en soe by wize fan grap ferwurke wurde yn 'e measte oare films dêr't Schwarzenegger yn spile.

De filmmontaazje foar The Terminator waard dien troch Mark Goldblatt y.g.m. Cameron. De special effects waarden oanmakke troch it bedriuw Fantasy II fan Gene Warren jr. De sênes wêryn't Sarah Connor en Kyle Reese efterfolge wurde troch it metalen skelet fan 'e Terminator waarden opnommen mei stop-motiontechnyk. Om it metalene skelet mear lykje te litten op Schwarzenegger, lieten Cameron-en-dy Schwarzenegger as de Terminator yn in foarôfgeande sêne ferwûne reitsje oan in skonk, sadat er begûn te mankepoatsjen. Dy manear fan fuortbeweging wie makliker nei te bearen mei de skokkerige bewegings fan stop-motion. De filmmuzyk fan The Terminator waard fersoarge troch Brad Fiedel.

De distribúsje fan The Terminator waard fersoarge troch Orion Pictures. De film iepene op 26 oktober 1984 yn 'e Amerikaanske bioskopen. Orion hie der net folle fidúsje yn dat The Terminator it goed dwaan soe, en belei foarôfgeande oan 'e premiêre mar ien fertoaning fan 'e film foar de filmkritisy, en dat inkeld om't de akteurs der fia harren ympressario's op oankrongen. It byhearrende soundtrackalbum The Terminator, mei de filmmuzyk fan Brad Fiedel, ferskynde yn 1984 by platemaatskippij Enigma Records. The Terminator waard yn 1985 útbrocht op keapfideo yn 'e foarm fan sawol VHS as Betamax. Op 3 septimber 1997 kaam er foar it earst út op dvd en op 20 juny 2006 op blu-ray.

Akteur Michael Biehn set (28 jier nei dato) syn hantekening op in eksimplaar fan The Terminator op 'e konvinsje Midtown Comics yn 2012.

Fan 'e filmkritisy krige The Terminator yn resinsjes oer it algemien in protte lof taswaaid. Ferskate resinsinten ferlieken de film mei Alien en Mad Max 2: The Road Warrior, dy't beide hiel oars wiene en dochs ek hichtepunten fan itselde filmsjenre.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The Terminator in perfekt goedkarringspersintaazje fan 100%, basearre op 50 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Mei it each op 'e yndrukwekkende aksjesênes, de strakke en sunige rezjy, en it oanhâldend flugge tempo is it dúdlik wêrom't [dizze film] noch altyd fan ynfloed is op science fiction- en aksjefilms." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet The Terminator in goedkarringspersintaazje fan 84%, basearre op 21 resinsjes.

Yn 2008 waard The Terminator troch de Amerikaanske Library of Congress útornearre foar preservaasje foar de ivichheid yn it National Film Registry, omreden fan kultureel, histoarysk en/of estetysk belang.

Plagiaatkontroverse

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Skriuwer Harlan Ellison sei nei it sjen fan The Terminator dat er it in geweldige film fûn, mar dat it him wol dúdlik wie dat it senario folslein basearre wie op in koart ferhaal fan him dat er letter bewurke hie ta it senario fan 'e ôflevering Soldier fan 'e tillefyzjesearje The Outer Limits út 1963. Hy neamde dat plagiaat en drige mei in rjochtsaak. Orion Pictures kaam yn 1986 mei him ta in skikking, wêrby't oan Ellison in ûnbekend bedrach útkeard waard om in rjochtsaak ôf te keapjen. Hy krige ek in plak op 'e ôftiteling fan lettere edysjes fan 'e The Terminator. James Cameron fertelde yn 2009 by in fraachpetear dat er fan it begjin ôf oan tsjin 'e skikking west hie, om't de beskuldiging fan plagiaat neffens him nearne op basearre wie. Orion makke him lykwols dúdlik dat er, as er dwerslei, opdraaie koe foar de folsleine finansjele skea fan 'e studio as Ellison syn rjochtsaak wûn. Om't er dêr it jild net foar hie, koed er net oars as him der by dellizze.

The Terminator brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $38,4 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $39,9 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $78,3 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $6,4 miljoen betsjut dat in winst fan $71,9 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

The Terminator wûn trije Saturn Awards, yn 'e kategoryen bêste science fiction-film, bêste senario en bêste fisazjy.

It súkses fan The Terminator joech meitiid oanlieding ta it ûntstean fan in mediafranchise mei it ferhaal fan 'e film as útgongspunt, dy't Terminator hjit, oars as de film sûnder lidwurd. Dy sette yn 1991 útein mei de produksje fan 'e ferfolchfilm Terminator 2: Judgment Day. Anno 2021 binne der yn it ramt fan 'e franchise yn totaal seis films mei byhearrende soundtrackalbums, in tillefyzjesearje, twa websearjes, in romantrilogy en in breed ferskaat oan fideospultsjes en strips ferskynd.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.