[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Leafde

Ut Wikipedy
Erastes en Eromenos tútsje inoar (detail fan in Attyske faas, ±480 f.Kr.).

Leafde beslacht in breed ferskaat oan gefoelens fan affeksje, tagedienens en tawijing foar oare persoanen of foar bisten of dingen. It rint útinoar fan romantyske en/of seksuële gefoelens foar immen mei wa't men in relaasje hat of hawwe wol, oant affeksje foar jins âlden en oare famyljeleden, freonen en húsdieren, mar kin (foar libbenleaze dingen oer) ek basearre wêze op gefoelens fan geniet dy't opwekke wurde troch it dwaan of ûndergean fan it ien of oar, lykas it iten fan in beskaat gerjocht of it dielnimmen oan in beskate sport.

Yn 'e sterkste foarm jout leafde minsken de yndruk dat se sûnder it objekt fan harren leafde net mear fierder libje kinne; dêrmei binne se psychologysk ôfhinklik fan 'e oanwêzichheid fan dat objekt. Leafde kin jin ek it gefoel jaan dat men ûnoerwinlik is, en dat men alles oer hat foar dejinge dêr't men fan hâldt. It tiidwurd dat by leafde heart is hâlde fan. It komt lykwols gauris foar, benammen by romantyske leafde, dat de gefoelens mar fan ien kant komme; dat neamt men ûnbeäntwurde leafde. Soks kin foar in protte leafdesfertriet soargje. Persoanen dy't faninoar hâlde, neamt men wol minners of frijers. It symboal fan 'e leafde is it hert, mei't men foarhinne miende dat de minsklike gefoelens út it lichaamlike hert kamen.

In hert, it symboal fan 'e leafde.

De betsjuttings dy't oan it begryp 'leafde' jûn wurde, binne sterk kultureel en maatskiplik ynspirearre. Fanút de kristlike tradysje fan 'e Westerske wrâld jildt it as in himsels opofferjende en foar oaren woldiedige hâlding (agape). Dizze soarte fan leafde rjochtet him op it ferlet fan in oar en siket wat it bêste foar sa'n oar is. Yn dat gefal lit de leafde de oare de frije kar om dy leafde te beäntwurdzjen of net. Dit soarte leafde freget offers en bodzjen foar harren dy't dernei stribje. Mar foar de pear minsken dy't folslein ôfstân dien hawwe fan harren egoïsme is dizze leafde in libbene boarne dy't gjin ynspanning mear ferget, mar fanselssprekkend en natuerlik is.

In rommere definysje fan leafde is de leafde sûnder betingst (metta). Dat is de soarte fan leafde dy't foar de oare persoan de folsleine romte en frijheid skept om him- of harsels wêze te kinnen. Leafde kin him ek uterje as garitas, in skinking oan in goed doel. Garitas bart benammen om emosjonele redens, basearre op it graach helpe wollen by eat dêr't men gefoelsmjittich by belutsen is. It kin lykwols ek op lotter rasjonele grûn basearre wêze.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, Sources and Further reading, op dizze side.