[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Total Recall (film út 1990)

Ut Wikipedy
Total Recall
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Paul Verhoeven
produsint Buzz Feitshans
Ronald Shusett
Mario Kassar
senario Ronald Shusett
Dan O'Bannon
Gary Goldman
basearre op We Can Remember It for You
   Wholesale
fan Philip K. Dick
kamerarezjy Jost Vacano
muzyk Jerry Goldsmith
filmstudio Carolco Pictures
distribúsje TriStar Pictures
spilers
haadrollen Arnold Schwarzenegger
Sharon Stone
Rachel Ticotin
byrollen Michael Ironside
Ronny Cox
Mel Johnson jr.
Marshall Bell
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 1 juny 1990
foarm langspylfilm
sjenre science fiction-spionaazje-
   aksjefilm
taal Ingelsk
spyltiid 113 minuten
budget en resultaten
budget $50–60 miljoen
opbringst $261,3 miljoen
prizen 1 × Oscar
2 × Saturn Award

Total Recall is in Amerikaanske satiryske science fiction-spionaazje-aksjefilm út 1990 fan 'e Nederlânske regisseur Paul Verhoeven, mei yn 'e haadrollen Arnold Schwarzenegger, Sharon Stone en Rachel Ticotin. De titel betsjut safolle as dat men jin alles wer folslein tebinnenbringe kin. De film is loskes basearre op it koarte ferhaal We Can Remember It for You Whosesale, fan Philip K. Dick. It ferhaal, dat yn in dystopyske takomst spilet, folget boufakker Doug Quaid, dy't op in stuit ûntdekt dat syn libben neat oars is as in rige keunstmjittich ymplantearre oantinkens. Hy moat nei de troch de minskheid kolonisearre planeet Mars ta om út te finen wa't er wier is. Mar is wat er no ûnderfynt eins wol echt? Total Recall wie doedestiden ien fan 'e djoerste films ea makke. Fan 'e filmkritisy krige de film oer it algemien positive resinsjes en yn 'e bioskopen wie it in grut kommersjeel súkses. Yn 2012 waard ûnder deselde titel in remake makke.

Yn it jier 2084 hat boufakker Doug Quaid nuveraardige nachtmerjes oer de planeet Mars en in mysterieuze, brúnhierrige frou dy't er dêre moetet. It ferfollet him fan in ûnbetwingbere langst om op fakânsje te gean nei de minsklike koloanjes op Mars, ek al wol syn blonde frou Lori neat fan 'e Reade Planeet witte. Mei troch it feit dat Mars, dêr't de ûnmeilydsume gûverneur Vilos Cohaagen op bloedige wize in rebûlje de kop besiket yn te drukken, op 't heden allegedueringen yn it nijs is, slagget it Quaid lykwols mar net om it idee fan in fakânsje dêrhinne him ôf te setten. As er in reklamespotsje sjocht foar Rekall, in bedriuw dat falske oantinkens oan fakânsjes ymplantearret yn it ûnthâld fan lju dy't sa'n fakânsje net betelje kinne, beslút er sels oantinkens oan in fakânsje op Mars ymplantearje te litten, ek al riedt syn kollega Harry him dat ôf.

By Rekall lit Quaid him troch de glêde ferkeaper Bob McClane oanprate om foar wat ekstra jild syn fakânsje-oantinkens noch bysûnderder te meitsjen troch net nei Mars te gean as Doug Quaid de boufakker, mar as Doug Quaid de geheim agint. By it ymplantearjen fan 'e oantinkens stjit dokter Renata Lull lykwols op in blokkade yn Quaid syn ûnthâld dy't derop wiist dat er echt in geheim agint op Mars west hat en dat der al earder mei syn oantinkens omknoeid is. Dêrtroch rint de ymplantaasje fan 'e nije oantinkens hielendal mis: Quaid wurdt wekker, giet troch it lint en moat platspuite wurde. McClane en Lull beslute om alle oantinkens fan Quaid oan syn besyk oan Rekall út te wiskjen, syn jild werom te stoarten op syn bankrekken en him yn in taksy te setten.

As Quaid letter yn in taksy wekker wurdt, kin er him net mear tebinnenbringe wat der bard is. Underweis nei hûs wurdt er lykwols troch syn kollega Harry en in fjouwertal oare mannen opwachte en meiskuord nei in stil plakje. Harry is derfan oertsjûge dat Quaid wol deeglik nei Rekall gien is en nije oantinkens ymplantearje litten hat, en hy seit dat Quaid him dêrtroch gjin oare kar litten hat as om him te deadzjen. Ynstee deadet Quaid yn in hommelse eksploazje fan geweld Harry en de oare fjouwer mannen. Neitiid is er skokt oer wat er dien hat. Hy giet nei hûs en fertelt Lori wat der foarfallen is. Wylst hy it bloed fan syn hannen wasket, skillet sy immen op. As Quaid wer út 'e badkeamer komt, wurdt er yn 'e dûnkere wenkeamer besketten troch in ûnbekende. Hy wit de skutter te oermasterjen en ûntdekt dat it Lori is.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

As Quaid har befreget, fertelt Lori him dat harren houlik en syn hiele libben neat oars is as in rige falske oantinkens dy't inkele moannen lyn by him ymplantearre binne troch in ynljochtingetsjinst dy't bekend stiet as "it Buro". Sy is in spesjaal aginte fan it Buro dy't ynset is om him yn 'e rekken te hâlden. Se besiket him ôf te lieden mei seks, mar Quaid beseft dat se tiid rekke wol sadat oare aginten it appartemint berikke kinne. Hy slacht Lori bewusteleas en naait út. Neitiid wurdt er troch de pleatslike metro efterfolge troch in groep aginten û.l.f. Richter, de echte man fan Lori en in ûnderhearrige fan gûverneur Cohaagen. Dyselden skrilje net tebek foar grou geweld om Quaid te deadzjen.

Nei't er syn efterfolgers tydlik ôfskodde hat, siket Quaid beskûl yn in suterich hotel, dêr't er opskille wurdt troch in man dy't seit dat er op Mars mei Quaid gearwurke hat. Hy besoarget Quaid in koffer mei jild, ferfalske identiteitspapierren, ferskate gadgets en in fideoboadskip fan Quaid sels. Yn dy opname beweart Quaid dat syn echte namme Carl Hauser is en dat er foarhinne op Mars foar Cohaagen wurke. Nei't dêr yn in myn lykwols in bûtenierdsk artefakt opdold waard, rûn er oer nei de rebellen. Om't er mear as genôch geheime ynformaasje hat om Cohaagen ûnder fuotten te heljen, hat dyselde syn ûnthâld wiskje litten. Hy jout himsels ynstruksjes om in yn syn holle ymplantearre stjoerderke te ferwiderjen (sadat de aginten fan it Buro him net mear weromfine kinne) en nei Mars te reizgjen.

Nei syn oankomst op Mars fynt Quaid in bryfke fan himsels werom dat him nei in Melina ta stjoerd, in prostituee yn Venusville, de rôze buert fan 'e koloanje, dy't foar in oansjenlik part befolke wurdt troch lju dy't mutearre binne as gefolch fan fersmoarge lucht en minne beskerming tsjin ultrafiolette strieling. Hy moetet Benny, in swarte taksysjauffeur, dy't him nei syn bestimming bringt. Melina blykt de brunette út syn dreamen te wêzen, mar se leaut neat fan syn ferhaal dat syn ûnthâld wiske is. Se fermoedet ynstee dat er noch altyd foar Cohaagen wurket en bonsjoert him derút.

Werom yn syn hotelkeamer wurdt Quaid opsocht troch Lori en dokter Edgemar, de oprjochter fan Rekall, dy't bekend is út 'e reklamespotsjes foar it bedriuw. Bystien troch Lori besiket Edgemar Quaid derfan te oertsjûgjen dat er noch altyd yn 'e stoel by Rekall leit en dat al syn ûnderfinings sûnt syn besyk oan it bedriuw neat oars binne as ûnderdiel fan 'e ymplantearre fakânsje as geheim agint nei Mars, dy't er besteld hie. Mar, sa seit er, der is wat mis gien, en Quaid hat in "skizoïde embolisme" oprûn, as gefolch wêrfan't er no fêst kommen is te sitten yn syn eigen ymplantearre oantinkens en net mear wekker wurde kin. Hy en Lori binne by wize fan needmaatregel yn 'e fantasij fan Quaid trochkrongen. Syn iennichste hope om ea noch wekker te wurden is om in pil yn te nimmen dy't Edgemar him oerlanget. Quaid fertrout de boel net en set Edgemar in pistoal tsjin 'e holle oan. De man hâldt lykwols oan as kâld wetter en foeget der noch oan ta dat as Quaid de trekker oerhellet, dat inkeld foar himsels konsekwinsjes hawwe sil, mei't er dan nei syn wekker wurden opsletten wurde sil as in gefaarlike psychopaat.

Quaid lit him beprate en stoppet de pil yn 'e mûle, mar sjocht dan dat Edgemar in switdrip by de holle del rûgelet. Dan beseft er dat alles echt is en dat Edgemar him stiet foar te ligen. Dêrop sjit er Edgemar dea en spuit de pil út. Fuort dêrop springe der in stikmannich trewanten fan Richter de keamer yn, slane him heal bewusteleas en pakke him op. As se steane te wachtsjen by de lift, wurde se lykwols oerfallen troch Melina, dy't de mannen allegear deasjit en dan yn gefjocht rekket mei Lori. Dy wurdt har oermânsk, mar foar't se Melina fermoardzje kin, komt Quaid by besleur en sjit hat dea. Tegearre ûntkomme Quaid en Melina oan Richter, dy't alhiel breinroer wurdt as er Lori dea weromfynt.

Yn 'e taksy fan Benny, dy't sadwaande yn harren saken behelle rekket, flechtsje Quaid en Melina werom nei Venusville, dêr't se yn it bordeel dêr't Melina wurket, mei syn trijen ferburgen wurde yn in geheime gong. As Richter en syn mannen harren efternei komme en de bewenners fan Venusville him net fertelle wolle wêr't de flechtlingen bedarre binne, begjint er om him hinne te sjitten. De bewenners fan Venusville sjitte werom en der brekt in wapene treffen út. Cohaagen oarderet Richter om him mei syn mannen út Venusville werom te lûken, wêrnei't er de luchttafier nei Venusville ôfslút, sadat de bewenners fan dat diel fan 'e minsklike koloanje stikke sille as harren lucht oprekket.

Underwilens witte Quaid en Melina mei Benny op sleeptou fia in stelsel fan geheime gongen in basis fan 'e rebellen te berikken. Quaid komt dêr yn 'e kunde mei harren lieder, de mutant Kuato, dy't in mar heal ûntwikkele part fan in Siameeske twilling is en fêstgroeid sit oan 'e búk fan syn broer George. De paranormaal bejeftige Kuato lêst de tinzen fan Quaid en dolt yn dy syn ûnthâld in oantinken op oan in petear mei Cohaagen en Richter oer it bûtenierdske artefakt dat yn ien fan 'e minen oantroffen is. It blyk om in soarte fan fabryk fan reuseftige proporsjes te gean, dêr't Kuato it doel fan oan 'e weet wit te kommen út 'e wurden fan Cohaagen-en-dy. De moeting wurdt rou fersteurd as de troepen fan Cohaagen de rebellebasis binnenkringe en de measte opstannelingen deadzje. Melina en Benny komme de keamer binnen dêr't Quaid en George har weromlutsen hiene. Melina har bedoeling is om harren te warskôgjen, mar Benny, dy't in ynformant fan Cohaagen blykt te wêzen, sjit George dea. Kuato, dy't stjerrende is om't er net selsstannich libje kin, flústeret Quaid noch ta om 'e reäktor fan it bûtenierdske fabryk yn wurking te stellen, foar't ek hy deasketten wurdt.

Quaid en Melina wurde by Cohaagen brocht, dy't Quaid in twadde fideo fan himsels as Hauser sjen lit. Dêryn leit Hauser út dat er nea oerrûn is nei de rebellen, mar inkeld bearde dat er dat dien hie. Hy fertelt ek dat er syn ûnthâld blokkearje litten hat yn oerlis mei Cohaagen, sadat de psychyske krêften fan Kuato de rebellelieder net helpe koene om oan it ljocht te bringen dat syn organisaasje ynfiltrearre wie troch in agint fan Cohaagen. Tanksij Quaid is no mei de hiele rebellegroep ôfweefd. As Melina poerrazen reägearret, seit Cohaagen tsjin har dat se it Quaid net kwea-ôf nimme moat, om't dy nearne fan ôfwist: dat wie no krekt it punt dêr't it om gie. Cohaagen wol no Hauser syn ûnthâld werom jaan, sadat er syn rjochterhân weromhawwe sil. Melina wol er werprogrammearje litte as in hearrige seksslavinne foar Hauser.

Cohaagen en Hauser hawwe mei harren snoade plannen lykwols mei ien ding gjin rekken holden: Quaid beslút dat er syn ûnthâld hielendal net weromhawwe wol, om't er syn âlde sels Hauser in aaklike rotsak fynt. Hy brekt los en deadet de technisy fan 'e werprogrammearingsynstallaasje. Tegearre mei Melina ûntsnapt er nei de myn dêr't it bûtenierdske fabryk fûn is. Underweis besiket Benny harren te fermoardzjen mei in reuseftige ridende boarmasine, mar Quaid deadet ynstee Benny sels troch mei in drilboar troch de kabine fan it wurktúch en dêrnei troch Benny syn lichem hinne te boarjen. Yn it bûtenierdske fabryk wurde Quaid en Melina opwachte troch Richter en syn mannen, mar se ferslane harren mei ien fan 'e gadgets út 'e koffer dy't Quaid op 'e Ierde taspile wie (op befel fan Cohaagen, sa wit er no). As lêste weeft Quaid mei Richter sels ôf, dy't er út in lift smyt.

As Quaid einlings en te'n lêsten de kontrôlekeamer fan it fabryk berikt, docht bliken dat Cohaagen him dêr opwachtet mei in bom. Hy beweart dat it opstarten fan 'e bûtenierdske reäktor alle bewenners fan Mars de dea dwaan soe, mar Quaid, dy't leaut dat it fabryk Mars in atmosfear mei lucht jaan soe, ornearret dat de gûverneur gewoan it monopoalje op 'e distribúsje fan lucht net opjaan wol. As Melina de kontrôlekeamer berikt, sjit se Cohaagen del, mar hy wit dochs de timer fan 'e bom oan te setten. Quaid smyt de bom yn in tunnel, mar de ûntploffing feroarsaket in gat yn 'e rots nei bûten ta, wat ta in eksplosive dekompresje fan it fabryk liedt as alle lucht nei bûten sa sûgd wurdt. Quaid huft Cohaagen oan 'e kant, dy't dêrtroch nei bûten ta blaasd wurdt, om yn 'e Martiaanske bûtenlucht te stikken dat er it bestjert. It slagget Quaid en stel de reäktor yn wurking foar't ek hysels en Melina nei bûten ta sûgd wurde.

De reäktorsteaven sette útein mei it sublimearjen fan 'e tubiniumgletsjer dy't de kearn fan Mars foarmet. Dat soarget foar hommelse ôfjefte fan gas, dat yn mar inkele minuten út 'e myn útstaat wurdt en in sykhelbere planetêre atmosfear foarmet. Dat is krekt op 'e tiid om Quaid en Melina it libben te rêden en de bewenners fan 'e wenkoepels krekt-en-gelyk, mei't de krêft fan 'e earste útstjit fan gassen de koepels sels ferrinnewearre hat. Under de rêdenen binne ek de bewenners fan Venusville, foar wa't de nije lucht krekt op it nipperke komt. Wylst alle oerlibbenen opsjogge nei de blauwe loft dy't Mars no hat, freget Quaid him ôf oft dit no allegear echt is of ûnderdiel fan in dream. Melina rikkemandearret him oan om har mar gau te tútsjen foar it gefal dat it yndie in dream is en hy mei koarten wekker wurde sil.

Arnold Schwarzenegger.
Sharon Stone.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Doug Quaid / Carl Hauser Arnold Schwarzenegger
Lori Quaid / Lori Richter Sharon Stone
Melina Rachel Ticotin


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Richter Michael Ironside
Vilos Cohaagen Ronny Cox
Benny Mel Johnson jr.
George Marshall Bell
Helm Michael Champion
dokter Edgemar Roy Brocksmith
Bob McClane Ray Baker
dokter Renata Lull Rosemary Dunsmore
Harry Robert Costanzo
haadynspekteur Everett Marc Alaimo
Tony Dean Norris
Thumbelina Debbie Lee Carrington
Mary Lycia Naff

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It earste senario fan Total Recall waard skreaun troch Dan O'Bannon en Ronald Shusett, dy't de filmrjochten op it koarte ferhaal We Can Remember It for You Wholesale, fan science fiction-skriuwer Philip K. Dick, al oankocht hiene yn 'e 1970-er jierren, doe't Dick noch libbe. Om't hja gjin filmstudio fine koene dy't belangstelling hie foar it projekt, leine O'Bannon en Shusett har ta op it skriuwen fan in oar skript, dêr't letter de film Alien (1979) nei makke waard.

Mids 1980-er jierren oppenearre de Italjaanske filmprodusint Dino De Laurentiis him as gadingmakker foar de ferfilming fan Total Recall. Hy woe Richard Dreyfuss yn 'e haadrol hawwe en Bruce Beresford as regisseur. De Laurentiis joech it skript fan O'Bannon en Shusett oan David Cronenberg om nochris oer te eidzjen. Dyselde wurke der likernôch in jier oan en produsearre yn dy tiid tolve ûnderskate ferzjes. Uteinlik gie it nearne hinne mei de produksje om't De Laurentiis nei it floppen fan 'e science fiction-film Dune (1984) kâldwetterfrees krige. Cronenberg stapte op nei ûnienichheid mei Shusett en De Laurentiis. Hoewol't er gjin fermelding krige op 'e ôftiteling fan 'e úteinlike film, wie it Cronenberg dy't op 'e lapen kaam mei it idee foar it bestean fan mutanten op Mars.

Yn 'e twadde helte fan 'e 1980-er jierren, doe't de filmstudio Dino De Laurentiis Cinematografica yn finansjele swierrichheden ferkearde, beprate akteur Arnold Schwarzenegger de studio Carolco Pictures om 'e filmrjochten op We Can Remember It for You Wholesale oer te nimmen foar de ridlik sêfte priis fan $3 miljoen. Schwarzenegger wie him fan it bestean fan it projekt bewust wurden ûnder de opnamen fan Raw Deal (1986), in film dy't distribuëarre waard troch it bedriuw fan De Laurentiis. Hy hie De Laurentiis ek foarslein om 'e film mei himsels yn 'e haadrol te meitsjen, mar dy seach dêr neat yn. Mei Carolco sleat Schwarzenegger in kontrakt dat him behalven in salaris fan $10 oant 11 miljoen en 15% fan 'e winst ek in ûngebrûklike ynfloed oer de produksje joech. Sa hie hy in fetorjocht oer de oanstelling fan 'e produsint, de regisseur, syn mei-akteurs en teffens sizzenskip oer it senario en de promoasjekampanje.

It wie Schwarzenegger dy't de Nederlânske regisseur Paul Verhoeven yn it projekt behelle, mei't er ûnder de yndruk wie fan dy syn film RoboCop (1987). Verhoeven brocht in grut tal leden fan 'e filmcrew fan RoboCop mei nei Total Recall, ûnder wa kameraregisseur Jost Vacano, produksje-ûntwerper William Sandell, filmeditor Frank J. Urioste en special effects-technikus Rob Bottin, en teffens akteur Ronny Cox.

Tsjin dy tiid wiene der al 42 ferskillende ferzjes fan it skript skreaun, mar noch altyd miste it in goede trêde akte. Dêrom waard Gary Goldman frege om yn gearwurking mei Ronald Shusett in einferzje te skriuwen. As produsinten wiene Shusett, Buzz Feitshans en Mario Kassar by it projekt belutsen foar Carolco Pictures. Foar de film wie in budget beskikber fan $50 oant 60 miljoen. Dêrmei wie Total Recall yn 1990 ien fan 'e djoerste films aller tiden, mar trochdat net sekuer bekend is hoe heech oft it budget wie, kin net mei wissichheid sein wurde oft de film ek wier in skoft it rekôr fan de djoerste film ea yn 'e hannen hie. De filmmuzyk waard fersoarge troch Jerry Goldsmith.

De opnamen setten op 20 maart 1989 útein en duorren oant en mei 23 augustus fan dat jier. Se fûnen fierhinne plak yn 'e Estudios Churubusco yn Meksiko-Stêd. De sênes yn 'e metro, dy't der botte futuristysk útsjocht, waarden lykwols filme yn 'e echte Metro fan Meksiko-Stêd, mei as iennichste feroarings dat de metrotreinen griis oerferve en byldskermen tafoege wiene. De opnamen fan dy sênes fûnen plak yn 'e metrostasjons Chabacano en Universidad.

De distribúsje fan Total Recall waard fersoarge troch TriStar Pictures. De film gie op 1 juny 1990 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde yn 2001 by platemaatskippij Varèse Sarabande.

Fan 'e filmkritisy krige Total Recall oer it algemien positive resinsjes. Sa joech Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times de film 31/2 fan 4 stjerren. Hy omskreau Total Recall as "ien fan 'e meast komplekse en fisueel ynteressante science fiction-films yn lange tiid." Hy fûn ek dat Arnold Schwarzenegger yn 'e film syn talint foar aktearjen toande troch mear betizing en kwetsberens as ea tefoaren sjen te litten. Yn it tydskrift Entertainment Weekly parte Owen Gleiberman de film in 81/2 ta op in skaal fan 1 oant 10. Hy skreau: "Total Recall begjint as in ferstânsferbjusterjende futuristyske satire en […] feroaret dan in gewelddiedige post-punkferzje fan in Indiana Jones-cliffhanger."

Mick LaSalle fan 'e San Francisco Chronicle skreau dat Total Recall "gjin klassiker" is, "mar it is likegoed in sterke en fermaaklike film." Yn The New York Times moast Janet Maslin net folle fan Total Recall hawwe, dat se bûtenspoarige gewelddiedich fûn. Rita Kempley fan The Washington Post wie it mei har iens en skreau dat Paul Verhoeven "teloarstelt mei dizze ôfgryslike oanfal fan bloed en ferfeling." Op 'e film weromsjend parte James Berardinelli Total Recall 21/2 fan 4 stjerren ta. Hy fûn dat Schwarzenegger noch Verhoeven har talinten foar de film "útrutsen" hiene, mar hy hie lof foar it skript. Neffens him wie it dêroan te tankjen dat Total Recall "wat mear as [inkeld] in folslein bloedbad leveret."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Total Recall in heech goedkarringspersintaazje fan 81%, basearre op 70 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Under de dwylsinnige rezjy fan Paul Verhoeven is [de film] in stoarmrin fan geweld, bluodderigens en humor mei in heech tempo dat nea hohâldt." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Total Recall in goedkarringspersintaazje fan 57%, basearre op 17 resinsjes.

Total Recall brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $119,4 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $141,9 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $261,3 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $50 oant 60 miljoen betsjut dat in winst fan teminsten $201,3 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Total Recall waard yn 1991 nominearre foar trije Oscars, wêrûnder de prizen yn 'e kategoryen bêste lûdsmixing en bêste lûdsmontaazje. De film wûn de Oscar foar bêste special effects (Rob Bottin, Eric Brevig, Alex Funke en Tim McGovern). Total Recall waard ek nominearre foar de BAFTA foar bêste special effects en foar de Hugo Award foar bêste dramatyske presintaasje. By de Saturn Awards waard de film nominearre yn njoggen kategoryen, wêrûnder bêste regisseur, bêste akteur (Arnold Schwarzenegger), bêste byrol fan in aktrise (Rachel Ticotin), bêste senario, bêste filmmuzyk, bêste special effects en bêste fisazjy. De film wûn de Saturn Awards foar bêste science fiction-film en bêste kostúmûntwerp (Erica Edell Phillips).

Fan Total Recall waard yn 1990 tagelyk mei de film in ferboeking útbrocht, ek mei as titel Total Recall, dy't skreaun wie troch Piers Anthony. Teffens waard der yn 1990 in kompjûterspultsje útbrocht dat basearre wie op 'e film en publiseare DC Comics in stripalbum. De Kanadeeske tillefyzjesearje Total Recall 2070, út 1999, waard ek ynsprirearre troch de film. Yn 2011 kaam Dynamite Entertainment mei in twadde, fjouwerdielige stripadaptaasje, dy't it ferhaal fan Doug Quaid fierder folget as de film docht. In remake fan Total Recall, dy't ek fan Total Recall hiet, kaam yn 2012 yn 'e bioskopen, mei Colin Farrell as Doug Quaid, Kate Beckinsale as Lori en Jessica Biel as Melina.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.