[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Wierum

Ut Wikipedy
Wierum
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Noardeast-Fryslân
Sifers
Ynwennertal 305 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 4,39 km², wêrfan:
- lân: 4,35 km²
- wetter: 0,06 km²
Befolkingsticht. 69 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 24' N 6° 00' E
Offisjele webside
doarp Wierum
Kaart
Wierum (Fryslân)
Wierum

Wierum is in doarp dat yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. Wierum leit noardlik fan Hantumhuzen, eastlik fan Ternaard, westlik fan Nes en oan de Waadsee. Wierum hat 305 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners. De doarpskearn fan Wierum leit om de terp fan de tsjerke en de seedyk hinne.

De buorskip It Skoar (diel) heart ek by Wierum. Earder hearde Koaterhuzen ek by Wierum mar dy buorskip bestiet net mear.

It doarp Wierum is ûntstien op in kwelderwâl of kustwâl. De earste bewenning datearret al fan 500 f.Kr., mar om 250 n.Kr. hinne waard de kwelderwâl troch de minsken ferlitten om yn it begjin fan de midsiuwen wer bewenne te wurden. Yn dy tiid ûntstie it doarp. Yn de midsiuwen moat Wierum in protte fan de see te lijen hân hawwe. Sa is it doarp deun tsjin de seedyk oan kommen te lizzen.

Sûnt 2019 leit Wierum yn de gemeente Noardeast-Fryslân, dêrfoar lei it yn de gemeente Dongeradiel en foar 1984 lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente West-Dongeradiel.

Wierum leit oan de kust fan de Waadsee. De betsjutting fan de namme is net dúdlik. Hiem op de dyk soe in ferklearring wêze kinne, mar it is ek mooglik dat de namme ôflaat is fan it Aldfryske 'werve', dat in foar bewenning opsmiten hichte betsjut (in wier of in terp).

Fiskersmonumint

De befolking bestie eartiids op wat boeren nei foar it grutste part út fiskers dy't harren brea fertsjinnen op it Waad. Yn 1749 wie 62% fan de beropsbefolking fisker [3]. Yn 1892 krige it doarp mei syn fiskerij in gefoelige klap. Op 1 desimber fan dat jier fearen 15 aken út. Nei't der letter sein waard, seagen âlde fiskers de float mei soarch nei; it waar wie te moai foar desimber. Doe't de skippen op see wienen, stiek der in swiere stoarm op. Trettjin fan de santjin skippen kamen net werom en 22 fiskers ferdronken. Nei de ramp wie de measte fiskerij oer, mar it bleau noch wol in skoft wichtich. Tusken 1917 en 1933 wie der in fiskerijskoalle yn it doarp, mar nei de Twadde Wrâldkriich wie it hielendal dien mei de fiskerij.

Ta oantinken fan dy ramp is yn it doarp in monumint fan basaltblokken en âlde ankers oprjochte. In oantinken oan it fiskersferline is bygelyks ek in fiskershûs út 1832. It doarp hat noch mear fiskershûskes, dy't lykwols net altiten mear geef binne.


Boppe de tsjerketoer út de 12e iuw draait in twamêster as wynwizer ta neitins oan it fiskersferline, in saneamde Wierummer Aak. Yn septimber 2004 waard op basis fan tekeningen yn it Frysk Skipfeart Múseum útein set mei de bou fan in replika fan de WL19 op in werfke yn Peazens-Moddergat en yn maart 2008 is de Wierumer aak by Esonstêd yn it wetter litten. De aak wurdt brûkt foar rûnfearten oant 12 persoanen.[4]

De wjirmdolster
(Hans Jouta)

Ek de fiskersfroulju hiene in swier bestean. Hja rûnen mei heechoplutsen rokken oer it waadslyk om wjirms te dollen, dy't troch harren manlju wer as ies brûkt waarden. De wjirms moasten net allinnich drûge en op in bepaalde wize oan in fiskerline riuwd wurde, de fongen fisk moast ek skjinmakke en ferkocht wurde, bytiden wol oant yn Ljouwert. En dan moast der ek in eigen foarrie oanlein wurde. Wylst de manlju faak op see wiene, stoaren in soad froulju op it kreambêd. De befalling wie in ynspanning dy't de troch it swiere wurk teheistere lichems net mear ferneare koenen. In soad lytse bern stoaren faak tagelyk mei de mem. Sûnt 2006 is der in stânbyld, de wjirmdolster, setten as neitins oan de fiskersfroulju.

De tsjerke en de toer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Marijetsjerke
De Wikipedy hat ek in side Marijetsjerke (Wierum).

Eartiids stie de tsjerke boppe-op de terp, middenyn it doarp. Mar nei in tal grutte oerstreamings yn de midsiuwen en ek dêrnei binne hiele stikken fan it doarp yn 'e see ferdwûn. Fan de 12e-iuwske tsjerke, dy't oan Marije wijd wie, bleau nei de ôfbraak yn 1912 allinne de dowestiennen toer en it westlike diel oer. Yn de toer hinget in klok mei in diameter fan 84 sm, getten troch Gregorius Gregorii. Op de toer stiet net in hoanne mar in aak, dy't ôfkomstich wêze kin fan de eardere abdij fan Dokkum nei't dy yn 1831 ôfbrutsen wie[5]

Soks bart mear yn fiskersplakken, mar yn Wierum is der in leginde oan ferbûn. Neffens dy leginde krige de misjonaris Wilfried, biskop fan York, ûnderweis nei Rome yn 'e 7e iuw by Wierum skipbrek. Doe't de Wierumers in toer bouden, mochten se dêr, as oantinken, in gouden skip as wynwizer opsette. By de ramp yn 1893 kaam dat ferhaal ek wer boppedriuwen; it waard doe útlein as in foarsizzing fan de ramp.

De grifformearde tsjerke

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Eardere grifformearde tsjerke

De ienfâldige tsjerke waard yn 1875 foar de doleânsje boud as in ferieningsgebou foar rjochtsinnige herfoarmen, dy't harren net fine koene yn de preken fan de frijsinnige dûmny dy't fan 1856 oant 1882 oan de herfoarme gemeente Wierum-Nes ferbûn wie. De evangelisaasjeferiening gyng yn 1887 mei yn de doleânsje en de oanrin waard sa grut, dat yn 1891 de Nesser leden fan de tsjerke in eigen tsjerke bouwe lieten.[6]

Nei't yn it lêste diel fan de 20e iuw de Wierumer grifformearde tsjerke mei de grifformearde tsjerke fan Nes fusearre, waard de Wierumer tsjerke oerstallich. Yn 2002 waard der foar it lêst in tsjinst holden. Partikulieren út Frjentsjer kochten de tsjerke oan en brochten dêr harren sammele wurk fan de ferstoarne Nesser skilder Jo Rispens ûnder. De banken waarden út de tsjerke helle, mar fierder holden de nije eigners de tsjerke yn 'e oarspronklike steat en ek it Ypma-oargel út 1834 bleau yn 'e tsjerke. Yn 2004 waard de tsjerke iepene as 'Museumtsjerke Eben Haëzer'.

Yn 2022 waard bekend dat de museumtsjerke te keap set waard troch de eigners, dy't hoopje dat der foar de tsjerke in passende funksje fûn wurdt.[7]

Grifformeard-frijmakke tsjerke

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 5 desimber 1945 waard yn Wierum in frijmakke gemeente stifte, dy't sûnt 1948 tsjerke yn de doetiidske grifformearde skoalle oan de Hochtswei. De Wierumer frijmakke gemeente waard al yn 1969 opheft en by de frijmakke gemeente fan Dokkum foege.

De Pipenâle
Tsjerkeplein mei Wetterskipshûs

Wierum hat in feriening foar Doarpsbelang en in doarpshûs mei de namme 'De Pipenâle'. Trijeris yn 't jier ferskynt de doarpskrante 'De Fûke'. Der is in feest- en jongereinkommisje.

Tradisjoneel docht Wierum in soad yn 'e mande mei it oanbuorjende doarp Nes. Tsjerklik foarme de plakken nei de reformaasje in ienheid en ek hjoed-de-dei foarmet Wierum mei Nes ien PKN-gemeente.

De iepenbiere skoalle fan Wierum waard al yn 1931 opheft. It gebou fan de iepenbiere skoalle bestiet noch altiten en foarmet ûnderdiel fan it doarpshûs. De skoalmasterswente foar de skoalle wurdt brûkt troch de PKN.

De eardere prot.-kristlike skoalle

It doarp hie sûnt 1902 ek in kristlike skoalle op grifformearde grûnslach. Dat tsjintwurdich ferrinnewearre gebou wurdt noch jimmeroan de 'âld skoalle' neamd. Yn 1953 krigen de Wierumer bern ien skoalle, dêr't de grifformearde en herfoarme bern yn 't earstoan lykwols strang fan inoar skieden waarden. Yn 2011 waard ek dy skoalle opheft. Sûnt hat Wierum gjin eigen skoalle mear.

Kafee
Liudgerstrjitte
  • Biljertklub 'De Alle Trije'
  • Keatsferiening 'Wierum'
  • Toanielklub 'Wierum'
  • Manljussoas 'Wierum'
  • Popkoar 'Gewoan Oars'

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1954 1959 1964 1969 1974 2004 2009 2013
Ynwenners 726 708 681 619 507 390 360 327
Jier 2014 2015 2016 2017 2018 2019 2020 2021
Ynwenners 338 325 340 340 325 330 310 315
Jier 2022
Ynwenners 300
  • Hebbe Hebbes (1850-1931) wie boargemaster fan efterinoar Súdlaren, Delfsyl en Skoatterlân.
  • De Frysk/Amerikaanske berneboekeskriuwer Meindert de Jong (1901-1991) waard berne yn Wierum. De Jong skreau goed 25 berneboeken, wêr't hy yn 1962 de Hans Christian Andersen Award foar krige. Yn 1918 wie er nei Amearika emigrearre. Hy wie in bekend skriuwer en hat mear as ien ûnderskieding krige. Syn boek Journey from Peppermint Street hat oanknooppunten mei Wierum. Peppermint Street bestiet yn Wierum altyd noch as de Muntsjesteech, in lyts steechje dat fan it plein foar de tsjerke ôf nei de Haadstrjitte rint. Syn boek 'The wheel on the school is oersetten as 'It tsjil op 'e skoalle'.
  • Freerk Kamma (1906-1987), sindeling en antropolooch yn Nederlânsk Nij-Guineä.
  • Willem Wilman (1906-1974), dichter en teolooch.
  • Der waard wol tocht dat J.L. van de Burg by de rigel 'Dêr't de dyk it lân omklammet as in memme-earm har bern' yn 'It Heitelân' oan Wierum tocht. Sa't it doarp leit liket it yndie troch de dyk omsletten te wêzen.
  • Wierum is ek it begjinpunt fan waadrintochten nei de Kalkman.
  • Jan de Jager "Wierum en haar bewoners en De Hellinga’s"
In earder fiskerhûske oan de Tsjerkestrjitte

't Skoar, Aak, Dykstrjitte, Haadstrjitte, Iniastrjitte, Koterhústerwei, Liudgerstrjitte, Master Sinnemastrjitte, Muntsjesteech, Nesserwei, Pastoriestrjitte, Skuonmakkerspaad, Snikke, Ternaarderwei, Thomas Jellesstrjitte, Tsjerkeplein, Tsjerkestrjitte.

  • Vliet, Herman J. van Achter het lijk wordt niet gesproken!, útj. Douma, Dokkum, 2002
  • Kooi, Jannie van der Wierum: dêr't de dyk it lân omklammet, útj. Dokkumer Diep, Dokkum, 1993 (fanwege 100 jier nei de ramp fan 1 desimber 1893)
  • Kamminga, D. J. De ramp te Wierum, 1 december 1893, útj. Museum It Fiskershúske, Moddergat, 1980

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. https://opendata.cbs.nl/statline
  3. Herma M. van den Berg, Noordelijk Oostergo/De Dongeradelen, 1983. Side 215
  4. Side WL19
  5. Herma M. van den Berg, Noordelijk Oostergo/De Dongeradelen, 1983. Side 224.
  6. Side Skiednis Grifformearde Tsjerken yn Nederlân, oproppen 27 maart 2023
  7. RTVNOF, 08 novimber 2022
  8. Side Wierum

Noardeast-Fryslân
Stêd:
Dokkum
Doarpen en útbuorrens:
AldwâldBurdaardBlijeBoarnwertBoerumBrantgumEalsumEanjumEasternijtsjerkEastrumFeankleasterFerwertFoudgumGinnumHallumHantumHantumerútbuorrenHantumhuzenHegebeintumHolwertIeIngwierrumJannumJislumJouswierKollumKollumersweachLichtaardLytsewâldDe Lytse JouwerLjussensMarrumMitselwierMoarreModdergatMuntsjesylNesNijewierPeazensDe PompRaardReitsumDe SkânsSweagerboskTernaardDe TriemeWaaksensWânswertWarfstermûneWestergeastWetsensWierum
Buorskippen:
Ald TerpAldwâldmersylBartlehiem (foar in part) • BeintemahûsBetterwurdBoarnwerterhoekeBoarnwerthuzenBoatebuorrenBollingwierBrânbuorrenBûnte HûnDe DellenDykshoarneDokkumer Nije SilenEasterbeintumFarebuorrenFiifhuzen (Hallum)Fiifhuzen (Ternaard)FiskbuorrenFjildbuorrenGrut MidhuzenHallumerhoekeHanenburchHantumerhoekeHealweiHústernoardIesumasylJewierKeatlingwierDe KegenKletterbuorrenKollumer AldsylDe KolkKrabbuorrenLeechlânDe LeechteLyts MidhuzenLytse LeardLytse WierMeddertMûnebuorrenNijlânIt ParadyskeDe ReidswâlDe RypSânbultenSânhuzenSibrandahûsDe SkânsSkernehuzen't SkoarStienharstIt StienfekStiemTeardTeyebuorrenTergrêft (foar in part) • Ter LuneDe TibbenTilbuorrenTiltsjebuorrenTrijeboerehuzenWeardebuorrenWesterbuorrenWesternijtsjerkWieDe WygeastDe Wurden
· · Berjocht bewurkje