[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

It Paradyske

Ut Wikipedy

It Paradyske is in streekje beëasten fan de N358, tusken Kollum en Bûtenpost op de grins fan de gemeenten Achtkarspelen en Kollumerlân. De kearn wurdt foarme troch de wei Paradyske. It leit yn in Kûlisselânskip (Nasjonaal Lânskip De Noardlike Fryske Wâlden).

By de buorskip waard yn 1967 it lykneamde swimbad It Paradyske boud. Boppedat leit dêr de camping De Poelpleats. De beide gemeenten hawwe yn de rin fan de tiid meardere mooglikheden foar de rekreative en toeristyske ûntwikkeling fan it gebiet ûndersocht. Yn 1990 waard troch de Grontmij in stúdzje dien, mar ta ûntwikkelingen kaam it net. Tusken 1994 en 1999 wie der in asylsikerssintrum by De Poelpleats. Yn 2007 kamen de beide gemeenten mei it plan om rike westerlingen nei it gebiet te heljen. Yn 2010 waard it plan 'Ranch Fryslân' lansearre, dat foarseach yn de bou fan in 50-tal huzen foar hynsteleafhawwers. De befolking fan it buertsje wie hjir lykwols op tsjin. Ein 2011 waard it plan ôfblaasd fanwegen te min belangstelling.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Noardeast-Fryslân
Stêd:
Dokkum
Doarpen en útbuorrens:
AldwâldBurdaardBlijeBoarnwertBoerumBrantgumEalsumEanjumEasternijtsjerkEastrumFeankleasterFerwertFoudgumGinnumHallumHantumHantumerútbuorrenHantumhuzenHegebeintumHolwertIeIngwierrumJannumJislumJouswierKollumKollumersweachLichtaardLytsewâldDe Lytse JouwerLjussensMarrumMitselwierMoarreModdergatMuntsjesylNesNijewierPeazensDe PompRaardReitsumDe SkânsSweagerboskTernaardDe TriemeWaaksensWânswertWarfstermûneWestergeastWetsensWierum
Buorskippen:
Ald TerpAldwâldmersylBartlehiem (foar in part) • BeintemahûsBetterwurdBoarnwerterhoekeBoarnwerthuzenBoatebuorrenBollingwierBrânbuorrenBûnte HûnDe DellenDykshoarneDokkumer Nije SilenEasterbeintumFarebuorrenFiifhuzen (Hallum)Fiifhuzen (Ternaard)FiskbuorrenFjildbuorrenGrut MidhuzenHallumerhoekeHanenburchHantumerhoekeHealweiHústernoardIesumasylJewierKeatlingwierDe KegenKletterbuorrenKollumer AldsylDe KolkKrabbuorrenLeechlânDe LeechteLyts MidhuzenLytse LeardLytse WierMeddertMûnebuorrenNijlânIt ParadyskeDe ReidswâlDe RypSânbultenSânhuzenSibrandahûsDe SkânsSkernehuzen't SkoarStienharstIt StienfekStiemTeardTeyebuorrenTergrêft (foar in part) • Ter LuneDe TibbenTilbuorrenTiltsjebuorrenTrijeboerehuzenWeardebuorrenWesterbuorrenWesternijtsjerkWieDe WygeastDe Wurden
· · Berjocht bewurkje