[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Renminbi

Ut Wikipedy
bryfke fan 2 jiao
Koers CNY - EUR.

De renminbi, oftewol de Sineeske yuan, is de offisjele faluta fan de Folksrepublyk Sina. "Renminbi" betsjut "jild fan it folk". It is in jildich betelmiddel op it fêstelân fan Sina, útsein Hongkong en Makau.

De (munt)ienheid fan renminbi is yuan (元), yn sprektaal meastal kuai (塊 / 块) neamd. In yuan is ferdield yn tsien jiao (角), mao (毛 - "fear"; ek de famyljenamme (skreaun mei itselde Sineeske karakter) fan de bekende 20e-iuwske steatsman Mao Zedong) yn de sprektaal, en in jiao bestiet út tsien fen (分). Fen binne sa'n bytsje wurdich dat se hast net brûkt wurde yn de stêden, útsein de grutte supermerken.

Renminbi bestiet yn munten en papierjild. Der binne munten fan 5 fen, fan 1, 2, en 5 jiao, en fan 1 yuan. Bryfkes binne der fan 1, 2 en 5 jiao, en fan 1, 2, 5, 10, 20, 50 en 100 yuan.

Gouden munten binne (anno 2008): 5, 10, 20, 25, 50, 100, 150, 200, 250, 300, 400, 450, 500, en 1 000 yuan. Der besteane ek — tige lytse — bryfkes fan fen, mar dizzen wurde net folle brûkt.

Yn 2008 gienen der ûngefear 10 yuan yn in euro. De yuan is keppele oan de Amerikaanske dollar. Amerikaanske en Europeeske ekonomen en politisy kleie lykwols dat dizze koers te leech is, en freegje om in djoerdere yuan. Omdat de Sineeske regearing de yuan goedkeap hâldt, wurdt it foar Sina makliker guod te eksportearjen, wat neffens guons skealik is foar de Europeeske en Amerikaanske ekonomy. Mar oare ekonomen jouwe oan dat bystellen fan de koers in bytsje oant gjin effekt hawwe sil op de Amerikaanske en Europeeske ekonomyen, omdat bedriuwen yn dat gefal har taflecht sykje soene nei oare Aziatyske lannen lykas Tailân en Fietnam. Sûnt 21 july 2005 hat de regearing de wearde fan de munt ferhege mei 2,1% foar de Amerikaanske dollar oer. Hjirtroch is de koers feroare fan 8,2765 nei 8,1111. De koers mei no skommelje binnen in marzje fan 0,3%.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]