[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Fjetnam

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Fietnam)
Cộng Hòa Xã Hội Chủ Nghĩa Việt Nam
Flagge fan Fjetnam Wapen fan Fjetnam
Flagge Wapen
Lokaasje fan Fjetnam
Offisjele taal Fjetnameesk
Haadstêd Hanoi
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
329.560 km²
1,3­%
Ynwenners (2009) 85.846.997
Munt Dồng (VND)
Tiidsône UTC +7
Nasjonale feestdei 2 septimber
Lânkoade VNM
Ynternet .vn
Tillefoan 84

Fjetnam, offisjeel sûnt 1976 de Sosjalistyske Republyk Fjetnam (Fjetnameesk: Cộng hòa Xã hội chủ nghĩa Việt Nam), is in lân yn Súdeast-Aazje. De haadstêd is Hanoi en de presidint fan de republyk is sûnt 1997 Tran Duc Luong.

Fjetnam wurdt begrinzge troch:

Ban Giok Wetterfallen yn it noarden fan Fjetnam

Fjetnam hat sânstrannen, berchwâlden en in protte kultuermoniminten. Oan de Golf fan Tongking leit de delta fan de Reade- en Swarte Rivier. Besuden leit Annam, it sintrale diel fan Fjetnam, dat foarme wurdt troch in langhalige kuststripe dy't op syn smelst amperoan 40 km breed is. Noch fierder nei it suden leit de 70.000 km² grutte Mekong-delta. As gefolch fan in lange reintiid binne de kustgebieten bedutsen mei tropysk reinwâld en mangrovebosk.

Yn Fjetnam komme trije klimatensônes foar. It suden fan Fjetnam hat in tropysk klimaat, trochsneed is it dêr 32 °C. Fan juny ôf oant en mei septimber is it dêr it reinseizoen. Meastentiids falle der dan op de ein fan de middei swiere reinbuien. It oare part fan de dei is dêr drûch. Yn it midden fan it lân rint it reinseizoen fan septimber oant novimber. Alle jierren wurdt Fjetnam in kear of acht troffen troch in tyfoon. In tyfoon doare meastal twa oant fjouwer en binne it faakst yn juny oant oktober. Yn it noarden is it klimaat koeler. Yn de berchgebieten friest it sels het zelfs in de herfst. Yn de simmer moannen is it waarm en falle der swiere reinbuien.

Foar it begjin fan de jiertelling wie yn it noarden fan it tsjintwurdige Fjetnam, yn de delta fan de Reade rivier, in keninkryk neamd Nam Viet, wat lân fan it suden ynhâldt. Dat keninkryk foel sawat tûzen jier (111 f.Kr.-939 n.Kr.) ûnder Sineeske hearskippij. Yn de 10e iuw waard troch Fjetnameeske opstannelingen in ein makke oan dat bewâld en ûntstie in eigen steat. Twastriid tusken twa wichtige famyljes soarge derfoar dat yn de 15e iuw it lân midstwa opdield waard yn noard en súd. Pas yn 1802 mei help fan de Frânsken waard it lân werienige. Nei de Twadde Wrâldkriich waard it lân ferdield yn in kommunistysk regeard Noard-Fjetnam en in diktatoriaal regeard Súd-Fjetnam. De Fjetnamoarloch (1957-1975) einige mei in machtsoername troch de Fjetkong yn Súd-Fjetnam en de weriening ûnder kommunistysk bewâld. De ynminging fan Fjetnam yn Kambodja yn 1979 late ta in wapene konflikt mei Sina.

De befolking fan Fjetnam is konsintrearre yn de twa wichtige rivierdelta's, dêr't de etnyske Fjetnamezen mei 85% fan grutste groep fan foarme. Yn totaal binne yn it lân om-ende-by 50 minderheidsgroepen, dy't foaral yn de heechlannen libje, û.o. de Muong, Tai, Hmong, Dao, Sedong, Jarai, Bahnar, Rhade, Sjam en noch in grut tal lytsere groepen. Yn de stêden wenje grutte tallen Sinezen.

Yn Fjetnam wurdt Fjetnameesk sprutsen as offisjele taal. Dizze taal waard oant en mei de 17e iuw skreaun mei in op it Sineesk likend skrift. Troch de Frânske jezuyt Alexandre de Rhodes waard yn de 17e iuw it Westerske alfabet yntrodusearre.

Yn Fjetnam wurdt in grut ferskaat oan religys oanhongen, dêr't it boedisme de grutste godstsjinst fan foarmet. Oare leauwen binne it konfusianisme, tradisjonele lokale leauwen en it kristendom, fral de Roomsk-Katolike Tsjerke.