[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Pienza

Ut Wikipedy
Pienza
Emblemen
Bestjoer
Lân flagge fan Itaalje Itaalje
regio Toskane
Sifers
Ynwennertal 1.990 (31.08.2022)
Oerflak 122,96 km²
Hichte 491 m
Oar
Postkoade 53026
Koördinaten 43° 04' N 11° 40' E
Offisjele webside
www.comune.pienza.si.it
Kaart
Pienza (Itaalje)
Pienza
Histoarysk Sintrum fan 'e Stêd Pienza
UNESCO-wrâlderfgoed
UNESCO folchnûmer 789
kritearia (i)(ii)(iv)
ynskriuwing 1996 (20e sessy)
gebiet 4,41 ha
UNESCO-wrâlderfgoedlist

Pienza is in stêd en gemeente yn 'e provinsje Siena yn it Italjaanske Toskane yn 'e histoarysk regio Val d'Orcia. De stêd leit tusken Montepulciano en Montalcino.

Yn 1996 waard de stêd wrâlderfgoed fan UNESCO en yn 2004 it hiele Val d'Orcia. Pienza is it berteplak fan 'e 15e-iuwske paus Pius II (1458-1464), doe't it plak noch de namme Corsignano droech. Doe't Enea Silvio Bartolomeo Piccolomini as paus Pius II keazen waard, naam er it beslút om syn berteplak neffens de stêdeboukundige idealen fan dy tiid op 'e nij oan te lizzen.

Pienza stiet ek bekend fanwegen de Pecorino di Pienza, in soarte fan skieppetsiis.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Domtsjerke.

De oan Marije-Himelfeart wijde domtsjerke hat in gevel yn 'e styl fan 'e iere renêssânse mei klassisistyske eleminten, ynspirearre op 'e tsjerkegevel fan Assisi, itjinge de domtsjerke in strang oansjen jout. It ynterieur dêrfoaroer is basearre op in goatyske halletsjerke en ryk oan dekoraasjes. It baptistearium is ek yn 'e renêssânsestyl, mar it doopfont is midsiuwsk. Under de dom binne kryptes en labyrinten.

Palazzo Communale

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Palazzo Communale is in lyts paleis foar de domtsjerke oer en waard mooglik troch Bernardo Rossellino ûntwurpen. It yn 1900 renovearre gebou hat in portyk mei trije bôgen op ioanyske pylders. Yn 'e portyk is de gevel fersierd mei graffiti en wapens fan 'e ferskillende podestà en dy fan 'e paus, de provinsje en de gemeente.

Palazzo Piccolomini

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Palazzo Piccolomini is beynfloede troch it ûntwerp fan it Palazzo Medici-Riccardi út Florâns.

Palazzo Borgia wie in geskink fan Pius II oan Rodriugo Borgia, de lettere paus Aleksander VI. Yn it museum is it Museo Diocesano ûnderbrocht mei û.o. sieraden en skilderijen fan renêssânsekeunstners lykas Luca Signorelli en Fra Bartelomeo. Ien fan 'e belangrykste wurken is de Madonna mei Bern fan Pietro Lorenzetti.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Pienza fan Wikimedia Commons.