[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Swarte panter

Ut Wikipedy
In swarte jagûar.

In swarte panter is in eksimplaar mei in melanistyske kleurfariaasje, dy't ta eltse soarte fan 'e grutte katten (Panthera) hearre kin. Yn Aazje en Afrika wurde der almeast panters of loaihoarsen (Panthera pardus) mei bedoeld, wylst it yn 'e Amearika's benammen om jagûars (Panthera onca) giet, om't sokke swartkleurige fariëteiten fral foarkomme by dy beide soarten.

Hoewol't yn Noard-Amearika de poema (Puma concolor) ek wol foar in "panter" trochgiet (benammen de súdeastlike ûndersoarte, de saneamde Floaridapanter), is melanisme by dy soarte tige seldsum, en boppedat hearre de poema's ta de lytse katten (Felinae).

Yn 'e literatuer is de meast ferneamde swarte panter nei alle gedachtn Bagheera, út it yn Britsk-Ynje spyljende Jungle Book, dat yn 1894 skreaun waard troch de Britske auteur Rudyard Kipling.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.