[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Swarte Dea

Ut Wikipedy
Fersprieding fan de pest yn Europa yn de jierren 1347 - 1351
Hospitaal yn Wenen, 1679
De pest (1898)
(Makker: Arnold Böcklin)
De pest
Snaffeldokter of pestmaster út Rome, 1656

De Swarte Dea is de namme foar in epidemyske sykte dy't tusken 1347 en 1351 yn Europa omgie en in soad slachtoffers makke, soms tsientallen persinten fan de befolking. De epidemy koste wrâldwiid tusken de 75 en 100 miljoen minsken it libben. Meastal waard al oannomd dat it hjir om de pest gie, mar hjiroer bestie oant foar koart gjin absolute wissichheid. De mooglikheid dat de epidemy feroarsake waard troch in filofirus waard ek iepenlitten. Ta dizze groep fan firussen hearre ûnder mear it ebolafirus en it marburgfirus. Mar de pest wurdt net feroarsake troch in firus, mar troch de baktearje Yersinia pestis, dy't ferspraat wurdt troch flieën dy't benammen op de swarte rôt parasitearje. Dat in baktearje de oarsaak wie fan de pest en dat dizze baktearje fersprate waard troch flieën op rôten, waard pas hûnderten jierren letter bekend. Ut oerlevering en tekeningen witte wy dat de Swarte Dea bûlen (swolling fan de lymfeklieren), fergelykber mei de Aziatyske bûlepest út de 18e iuw, feroarsake. Dit steunt de teory dat it by de Swarte Dea om bûlepest gie. Yn 2010 waarden spoaren fan de Yersinia pestis baktearje yn it DNA fûn fan skrinkels út massagrêven dêr't slachtoffers fan de Swarte Dea yn begroeven binne. [1]

Hoewol’t it net hielendal dúdlik is wêr’t dizze pandemy yn de 14e iuw krekt begûn is, is wol dúdlik dat hy út Aazje kaam, grif út Sintraal Aazje. De sykte starte grif by marmotten, fersprate him nei flieën, fia flieën nei rôten en fan dêr nei de minsk. [2] De sykte ferspriede him fan Aazje nei Europa fia de hannel en soldaten. Yn 1346 kaam de sykte yn de Krim, fanút de Krim ferspriede de sykte him oer Europa en Noard-Afrika. [3] Yn Europa waard Itaalje it earst troffen. Der geane ferhalen dat in Kipchak leger yn 1346-1347 besmette liken mei de baktearje mei help fan kattepûlen oer de muorren fan Feodosija, in hannelspost fan Genua op de Krim, smiten hawwe soe. Oft dit ferhaal wier is, is net bekend. Fersprieding fia de hannel en skipfeart liket mear yn de reden te lizzen. Nei Itaalje gie de sykte mei de klok mei Europa troch: Frankryk en Spanje, Ingelân (yn 1348), Dútslân, Noarwegen (yn 1349 yn Bergen troch in skip mei nôt út Ingelân) en op it lêst troch Ruslân om 1351 hinne.

Wrâldwiid wurdt it oantal deaden op 75 miljoen rûsd, wêrfan tusken de 25 en 50 miljoen yn Europa. [4] [5] De útbrek fan de Swarte Dea yn de 14e iuw hie in dramatysk effekt op de Europeeske befolking en ûntwrichte de maatskippij. De Swarte Dea brocht de katolike tsjerke in seriuwze klap ta omdat in soad minsken tochten dat de sykte in straf fan God wie. Omdat nimmen wist wêr't de Swarte Dea weikaam, krigen minderheden de skuld. Dy soenen wetterboarnen fergiftige hawwe of op in oare wize besmetting feroarsaakje. Dizze gedachte late ta ferfolging fan Joaden, bidlers en minsken mei lepra. De deistige striid om it bestean soarge foar in morbide stimming yn grutte parten fan Europa dêr't minsken keazen foar in 'libben by de dei'. Dit wurdt yllustrearre yn Giovanni Boccaccio's Decamerone út 1353, wêryn tsien misken op de flecht foar de Swarte Dea elkoar ferhalen fertelle.[6]

Ferfolging fan de Joaden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It wie ûndúdlik wêr't de sykte wei kaam, in soad tochten dat it in straf wie fan God. Mar omdat eltsenien slachtoffer waard, strang leauwich of net, ûntstie ek twifel. Fan alle minsken waarden Joaden it minste siik, efterôf blykte dat dit mei de Joadske reinigingswetten te krijen hie. Troch dizze reinigingswetten út it âlde testamint libben de Joaden hygiënysker as de oare minsken, wêrtroch't se minder faak besmetten waarden. Benammen de Joadske wyk fan Straatsburg foel op omdat hjir mar 5% fan de befolking slachtoffer waard. Dat dit te krijen hie mei hygiëne wie net bekend, dus waarden de Joaden fertocht: dy soenen wetterputten en wetterboarnen fergiftigje om sa kristenen om it libben te bringen. Dit ferhaal kaam fan de Switsersk Joadske arts Balavignus út Chillon. Balavignus lei in troch marteling krigen forsearre bekentnis ôf. Hy 'bekende' dat Joaden yn Súd-Frankryk in plan útwurke hienen om kristenen te fergiftigjen. It gif soe bestean út mealde herten fan kristenen, spinnen, kikkerts, hagedissen en minsklik fleis. Fan dit fergif waard in poeier makke, wêrmei't boarnen fan kristenen fegiftige waarden. It ferhaal ferspriede him hurd fan Switserlân nei Dútslân en hie katastrofale gefolgen foar de Joaden yn Europa.[7] Nei oanlieding fan it ferhaal fan fergiftige boarnen waarden in soad pogroms útfierd yn Europa, benammen yn Switserlân en Dútslân, mei tsientûzenen Joadske slachtoffers as gefolch. Yn totaal waarden 210 lytsere en gruttere Joadske mienskippen ferneatige, yn de stêden Bazel, Frankfurt am Main, Straatsboarch en Keulen waard de totale Joadske befolking útmoarde. De Joaden waarden meast libben ferbaarnd en harren besittingen waarden konfiskearre. [8]

Yn Europa hat de sykte grutte ferminderingen fan de ynwennertallen feroarsake; stjerte fan tsientallen persinten wie net útsûnderlik. Rûsd wurdt dat yn totaal in treddepart fan de befolking fan Europa stoar. Pas ± 1600 soe de befolking wer op itselde befolkingsoantal komme fan foar de epidemy.

Yn it boek "The Coming Plague" út 1994 stelt de Amerikaanske skriuwster Laurie Garrett dat de Sineeske befolking sakke fan 123 miljoen yn 1200 nei 65 miljoen yn 1393 en dat dit grif feroarsake waard troch de pest en de hongersneed dy't derop folge (de maatskippij rekke faak ûntwrichte nei inútbrek fan in epidemy, trochdat ek de beropsbefolking swier troffen waard).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Benedictow, Ole J. - The Black Death 1346-1353. The complete history. Woodbridge, 2004.
  • Cantor, Norman F. - De zwarte dood; hoe de pest de wereld veranderde. Kampen: Agora, 2003.
  • Ziegler, Phillip, The Black Death. Harmondsworth: Penguin Books, 1970.
  • Beirs, van Jean-Claude en Pat, Jonkvrouw. (roman)
  • Willis, Corrie, Zwarte winter. (roman)

  1. http://news.discovery.com/history/black-death-plague-bacteria.html
  2. S. Fry, The Book of General Ignorance (Londen, 2006)
  3. Molecular insights into the history of plague, Michel Drancourt en Didier Raoult, jannewaris 2002
  4. Plague Information, Black Death Facts, National Geographic, 2008
  5. Black Death and hard facts, Benedictow OJ., The Black Death 1346-1353: The Complete History, ­Woodbridge: The Boydell Press, 2004, ISBN 0-85115-943-5
  6. Inleiding Decamerone, Boccacio, 1353
  7. Myth of Well-Poisoning, Jewish Encyclopedia
  8. 1348 - 1349 THE BLACK PLAGUE (Europe), Jewish History