[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Pestmaster

Ut Wikipedy
Kopergravuere fan Doctor Schnabel ('Dokter Snaffel), in pestdokter yn 17e-iuwsk Rome, om 1656

In pestmaster of pestdokter wie in fan de lokale oerheid oanstelde funksjonaris dy't pestlijers fersoarge. Hy die fral yn tiden fan epidemyen tsjinst.

De pest, ek wol Swarte Dea neamd, is in sykte dy't fan de 14e- oant de 19e iuw in protte yn Jeropa foarkaam en enoarme tallen slachtoffers makke. Ynearsten waarden de siken troch gewoane dokters behannele, mar de sykte wie gjin krûd foar woeksen. Yn guon jierren wiene der sa'n protte minsken siik dat aparte pestmasters oansteld waarden. It foel net ta om pestmasters te finen, net folle minsken woene harren libben weagje foar in lyts lean.

De pestmasters besochten de siken om de pest fêst te stellen. Harren taak wie fral om de siken te isolearjen, sadat oaren it net wei krije koene. Dat besmetting troch de flieën fan de swarte rôt feroarsake waard hiene hja doe noch gjin aan fan. De behannelingen fan de pestmasters hiene dêrom net folle te betsjutten.

Pestdokterskostúm út Dútslân (17e iuw)

In pestdokter wurdt faak ôfbylde yn spesjale beskermjende klean: in hoed, in masker mei eagen fan glês, in houten stôk (om siken dy't te ticht by kamen fuort te triuwen), grutte learen wanten, lange learen learzens en in lange waakste cape. It masker wie wierskynlik fold mei krûden en speserijen om de lucht te suverjen omdat tocht waard dat de pest him troch de loft fersprate. Hoewol't bûlpestbesmetting fan minske op minske net mooglik is (behalven troch in flie), kin de klaaiïng de pestmasters wol beskerme hawwe – de folsleine lichemsbedekking soarge der ommers foar dat flieën net op de hûd fan de pestmaster springe koene. By longpest kin besmetting troch oanhoastjen of prústen wol, mar ek yn dat gefal kin de klean beskerming bean hawwe. Fan foar 1600 binne der gjin beskriuwingen of ôfbylden.[1] It kostúm makke de minsken deabenaud mei't it in teken fan oankommende dea wie.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Blog Tiecelin fan de histoarikus Henk 't Jong