[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Steatsline D

Ut Wikipedy
Steatsline D
Sutfen - Glanerbrug
Steatsline D op de kaart
Totale lingte59,6 km
SpoarwiidteNormaalspoar 1435 mm
Oanlein trochSteat fan de Nederlannen
Iepene
Sutfen- Hengelo: 1 novimber 1865
Hengelo - Ynskedee: 1 july 1866
Ynskedee - Glanerbrug: 1 jannewaris 1868
Sluten
Ynskedee - Glanerbrug: 27 septimber 1981
Weriepene
Ynskedee - Glanerbrug: 18 novimber 2001
hjoeddeistige statusYn gebrûk
Elektrifisearre
Sutfen - Hengelo: nee
Hengelo - Ynskedee: 1951
Ynskedee - Glanerbrug: nee
Tal spoaren
Sutfen - Hengelo: 1
Hengelo - Ynskedee: 2
Ynskedee - Glanerbrug: 1
Baanfakfaasje
Sutfen - Hengelo: 130 km/o
Hengelo - Ynskedee: 125 km/o
Ynskedee - Glanerbrug: 80 km/o
Befeiliging
Sutfen - Hengelo: ATB NG
Hengelo - Ynskedee: ATB EG
Ynskedee - Glanerbrug: PZB
omgrinzingsprofylOPS-NL / G2[1]
Beladingsklasse
D2 (bij 60 km/o) op Sutfen - Hengelo
C2 op Hengelo - Glanerbrug[1]
Treintsjinst troch
Sutfen - Hengelo: Keolis (Blauwnet)
Hengelo - Ynskedee: NS, Keolis (Blauwnet)
Ynskedee - Glanerbrug: DB (Blauwnet)
Trajekt
STR spoar fan Arnhim Sintraal
ABZg+l spoar fan Amsterdam Sintraal
hKRZWae IJssel
duexdABZq+lremdKRZouexv-STR+r tramwei fan Emmerik opbr.
tramwei van Hengelo opbr.
duexdHSTvSHI2gl-uexdSTR Iselkade
duexdKHSTevBHF-DSTuexdSTR 0,0 Sutfen
veHST-STRuexdHST 1,6 Nieuwstad
vSTRuexdSTRl tramwei nei Dimter opbr.
dvSTR-eABZg+l stamline Sutfen opbr.
dvSHI2g+l-
ABZgr spoar nei Gelsenkirchen-Bismarck
hKRZWae Spoorbrêge Twintekanaal
Twintekanaal
ABZgl 2,1 Twintekanaal oanslúting
Steatsline A nei Ljouwert
eHST 3,1 Eefde
eBHF 10,2 Laren-Almen
BHF 16,9 Lochem
STR+GRZq grins
Gelderlân - Oerisel
eBHF 24,3 Markelo
ekABZg2 Ferbiningsbôge nei Goor West opbr.
exkABZq2eKRZ+xk13exkABZq+4 spoar Neede - Hellendoorn opbr.
ekABZg+4 Ferbiningsbôge opbr.
BHF 30,1 Goor
earder Goor Súd
eHST 34,6 Wiene
hKRZWae 34,9 Spoarbrêge by Wiene
sydtakke Twintekanalen
ABZg+lENDEeq 37,4 Raccordement Servo
BHF 39,7 Delden
SKRZ-Au 42,2 A35
HST 43,4 Hengelo Gezondheidspark
eHST 43,9 Tuindorp-Nijverheid
ev-SHI2grdSTR+l spoar fan Almelo
dENDExavÜST
exdSHI2+ldSHI2gxr+ldSHI2grvSTR-
exdSTRdDSTvBHFd 45,6 Hengelo
exdBHFvÜSTlvSTR- Hengelo GOLS
exdSTRdBSTvÜSTd
exdSTRvÜSTldSTRld spoar nei Salzbergen
exdHSTvSTR Hengelosche Bad- en Zweminrichting (GOLS)
exdSTRvSTR-eHST 46,4 FBK stadion
exdABZqredABZg+rdSTR spoar nei Doetinchem/ stamlijn AKZO opbr.
vENDEe-STRd
eHST 47,4 De Waarbeek
BHF 49,3 Ynskedee Kennispark voorheen Ynskedee Drienerlo
eKRZoexSTR+r Spoar fan Boekelo opbr.
eKRWglexKRWg+r
duexdKHSTaedBHFexv-STR 53,2 Ynskedee oant 1950
duexdSTRrdSTRexv-STR tramwei nei Glanerbrug opbr.
dv-SHI2grexv-BHF Ynskedee-Noard
ddSHI2gldSHI2gl+rdSHI2+rexdSTRl Spoar nei Oldenzaal EO opbr.
dKBHFe-LdBHF-RdKBSTe 53,5 Ynskedee
eHST 53,6 Hengeloschestraat
eHST 54,2 Oldenzaalschestraat
BHF 57,9 Ynskedee De Eschmarke
eABZgl spoar nei Losser opbr.
BHF 59,4 Glanerbrug
earder Glanerbeek
TZOLLWo 59,6 Glanerbeek, grins
Nederlân - Dútslân
STR spoar nei Münster (Westf) Hbf

Steatsline D is de neffens de Wet op de Oanlis van Steatsspoarwegen fan 18 augustus 1860 troch de Steat fan de Nederlannen oanleine spoarwei tusken Sutfen en Glanerbrug. De folsleine spoarline waard op 1 jannewaris 1868 Yn 1951 waard it part tusken Hengelo en Ynskedee elektrifisearre.

Omdat de spoarweibou yn Nederlân relatyf stadich op gong kaam, besleat de Steat yn 1860 om tusken de wichtichste Nederlânske plakken sels spoarlinen oan te lizzen. Foar de ûntsluting fan Twente en in ferbining mei Dútslân waard Staatslijn D projektearre. De line soe Sutfen mei Hengelo, Ynskedee en Dútslân ferbine.

De spoarline waard yn trije fazen iepene:

Datum Traject Tuskenstasjons
1 novimber 1865 Sutfen - Hengelo Lochem, Goor, Delden, Hengelo Gezondheidspark
1 july 1866 Hengelo - Ynskedee Ynskedee Kennispark
1 jannewaris 1868 Ynskedee - Glanerbrug Ynskedee De Eschmarke

Twa wiken foardat it earste part fan de line iepene waard, kaam yn 1865 lykwols de spoarline Almelo - Salzbergen klear. Dizze spoarline wie oanlein troch de partikuliere spoarweimaatskippij Spoorweg-Maatschappij Almelo-Salzbergen (AS) en ferbûn Almelo en Hengelo mei de wichtige spoarline nei Hannover. De trochgeande ynternasjonale treinen fan de Steatsspoarwegen rieden nei it klearkommen fan Steatsline D foar in part fia de line fan de AS by Oldenzaal de grins oer. Dat wie de earste tsien jier sawiesa nedich, omdat de spoarline tusken Glanerbrug en Gronau pas yn 1875 ree wie. De spoarline wie benammen fan belang foar it frachtferfier. Doe't de HSM de eksploitaasje op de KNLS-spoarline Dimter - Almelo en de AS-line nei Dútslân oernaam, krige dizze maatskippij yn 1892 de koartste streekrjochte ferbining tusken Amsterdam en Berlyn yn hannen. Dêrmei ferdwûn it belang fan Steatsline D foar in grut part. It trajekt Hengelo - Enschede is as iennichste part fan it trajekt yn 1951 elektrifisearre. It trajekt makket diel út fan de ferbining tusken de Rânestêd en Twinte.

Tusken Ynskedee, Glanerbrug en Gronau ried op 27 septimber 1981 de lêste trein. It spoar waard dêrnei net mear ûnderhâlden mar om strategyske redenen net opbrutsen. Tweintich jier letter, yn 2001, waard dit trajekt wer yn bedriuw steld en sûnt dy tiid ride der twa treinen yn 'e oere.

Stasjonsgebouwen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lâns de spoarline ferskynden út soarte de standertstasjons fan de Steatspoarwegen. Wat opfalt is dat lâns de spoarline Sutfen - Hengelo alle stasjonsgebouwen fan de tuskenstasjons bewarre bleaun binne. Sels de sletten stasjons Markelo en Laren-Almen.

Sutfen en Hengelo krigen yn de jierren 50 in nij stasjonsgebou om 't dizze twa stasjonsgebouwen ferlern gien wiene by bombaredeminten yn de Twadde Wrâldkriich. Ynskedee krige yn dizze tiid ek in nij stasjonsgebou mar dit wie om't hja fûnen dat it stasjon te fier bûten de stêd stie.

Pas 130 jier nei de iepening fan de spoarline is der foar it earst in nij stasjon iepene. Healwei Hengelo en Ynskedee waard yn 1996 Ynskedee Kennispark iepene. By de reaktivearring fan it trajekt Enschede - Gronau yn 2001 krige Ynskedee in twadde foarstêdshalte: Enschede De Eschmarke. Yn 2012 waard der foar de tredde kear in nij stasjon iepene oan dizze line; Hengelo Gezondheidspark.

Stasjon Type gebou Opmerkingen
Sutfen type SS twadde Klasse gebou ferlern gien yn de Twadde Wrâldkriich en ôfbrútsen yn 1952, en ferfongen troch in ûntwerp fan arsjitekt Schelling
Nieuwstad Gjin stasjon sletten yn 1918
Eefde Lyts gebouke stasjon sletten yn 1932
Laren-Almen type SS fiifde klasse stasjon sletten yn 1938
Lochem type SS fjirde klasse hjoed-de-dei is der in restaurant yn it stasjonsgebou.
Markelo type SS fiifde klasse Stasjon sletten yn 1953
Goor type SS fjirde klasse
Wiene Gjin Stasjon sletten yn 1933, op it plak fan it stopplak leit hjoed-de-dei it eastlike talúd fan de yn 1935 oanleine Spoarbrêge bij Wiene
Delden type SS fjirde klasse It stasjonsgebou is hjoed-de-dei yn gebrûk as galery.
Hengelo Gezondheidspark NS, abry
Tuindorp-Nijverheid Gjin Stasjon sletten yn 1936, it stasjon lei sa'n 500 meter eastlik fan it yn 2012 iepene stasjon Hengelo Gezondheidspark.
Hengelo type Hengelo 1e gebou yn 1899 ofbrútsen, 2e gebou in unyk ûntwerp fan arsjitekt G.W. van Heukelom ferlern gien yn de Twadde Wrâldkriich. 500 meter westlik is yn 1951 in folslein nij stasjon boud nei ûntwerp fan arsjitekt Schelling.
Hengelo FBK stadion Gjin stasjon sletten yn 2015
De Waarbeek Gjin Stasjon sletten yn de jierren 1936.
Ynskedee Kennispark Unyk ûntwerp
Ynskedee type Hengelo 1e gebou yn 1952 ofbrútsen. Hja wiene fan miening dat it âlde stasjonsgebou te fier bûten it sintrum fan 'e stêd lei, it is 500 meter nei it westen ferpleatst it nije stasjons gebou is in unyk ûntwerp fan arsjitekt Schelling.
Hengeloschestraat Gjin Stasjon sletten yn 'e iere jierren 30.
Oldenzaalschestraat Gjin Stasjon sletten yn 'e iere jierren 30.
Enschede De Eschmarke NS, Abry
Glanerbrug Stasjonsgebou yn de jieren 80 ôfbrútsen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 Netverklaring ProRail 2013 (v1.4) (bijlage 13 en 14) Geraadpleegd 22 mei 2013


Steatslinen

Steatsline A (Arnhim - Ljouwert) | Steatsline B (Harns Haven - Bad Nijeskâns) | Steatsline C (Meppel - Grins) | Steatsline D (Sutfen - Glanerbrug) | Steatsline E (Breda - Maastricht) | Steatsline F (Roosendaal - Flissingen) | Steatsline G (Venlo - Kaldenkirchen) | Steatsline H (Utert Sintraal - Boxtel) | Steatsline I (Breda - Rotterdam DP/Sintraal) | Steatsline K (De Helder - Amsterdam Sintraal)

· · Berjocht bewurkje