[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Emmerik

Ut Wikipedy
Emmerik
Kristustsjerke
Kristustsjerke
Emblemen
Bestjoer
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Noardryn-Westfalen
kring Kleef
gemeente Emmerik
Sifers
Ynwennertal 30.854 (2021)
Oerflak 80,4 km²
Befolkingsticht. 289 ynw./km²
Hichte 17 m
Oar
Postkoade 46446
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 51° 49'N 6° 14'E
Offisjele webside
emmerich.de
Kaart
Emmerik (Noardryn-Westfalen)
Emmerik

Emmerik (Dútsk: Emmerich am Rhein, Kleverlânsk: Emmerik) is in stêd en gemeente oan de rjochter kant fan de Ryn yn it Dútske bûnslân Noardryn-Westfalen. De stêd leit likernôch 10 kilometer noardlik fan Kleef en likernôch fiif kilometer súdlik fan de Nederlânske grins.

Om 700 hinne stifte Willibrord in missy yn Emmerik, dat doe yn it bisdom Utert lei, en wijde dêr de earste Martinustsjerke. Wat eastlik fan it hjoeddeiske sintrum waarden yn 1963 in pear grêven út de iere 8e iuw ûntdutsen mei in relatyf rike ynhâld. By de Martinitsjerke ûnstie in Latynske skoalle, ien fan de earste skoallen yn it tsjintwurdige Dútslân. De earste fermelding fan Emmerik datearret fan 929 as 'Villa Embrici'. Nei in oerfal fan de Wytsings yn de 9e iuw hearske de proast fan it kolloniale stift oer it plak. Yn 1040 waard de stiftstsjerke Sint-Martini boud.

Op 31 maaie 1233 krige Emmerik fan Otto fan Sutfen en Gelre stedsrjochten. De stêd waard yn 1355 oan greve Jehan fan Kleef ferpâne. Tusken 1307 en 1570 wie de stêd lid fan it Hânzebûn; de hannel en de ambachten bloeiden en njonken de brouwerij soarge de wolweverij foar in soad wolstân. Yn de 14 iuw waard de stêd fersterke mei muorren mei tuorren. De Sint-Aldegondatsjerke waard yn de 15e iuw boud.

De stêd yn 1647

Emmerik hat fan de Nederlânske besetting yn de Tritichjierrige Kriich net it measte te lijen hân. Slimmer waard de besetting yn 1672 troch Frânske troepen fan kening Loadewyk XIV, dy't de stêd de delgong brocht. Fernielings, oerstreamings en syktes ferearmen Emmerik en dêrnei folgen de besikings fan de Spaanske Súksesjekriich, de Sânjierrige Kriich en de militêre neisleep fan de Frânske revolúsje en de Napoleontyske oermasterings.

Yn 1815 waard Emmerik by it keninkryk Prusen yndield. De yndustrialisaasje en de skipfeart oer de Ryn brochten nije ekonomyske ympulsen. De kening iepene yn maaie 1832 in Humanistysk Gymnasium, it tsjintwurdige Willibrord-gymnasium. Sûnt 1856 krige de stêd ferbining mei it spoar.

Yn july 1901 hie de stêd foar it earst mear as 10.000 ynwenners. De stêd wie yn de Earste Wrâldkriich in garnizoensstêd. Nei de kapitulaasje yn 1918 besetten Belgyske troepen op 17 desimber Emmerik, dy't pas yn 1921 de stêd ferlieten.

It joadske begraafplak oan de Wassenbergstraße

Oan it begjin fan 1933 telde it katolike Emmerik mar 120 nazy's en de NSDAP helle by de ferkiezings yn maart fan dat jier 27,2% fan de stimmen, in perzintaazje dat relatyf leech lei. Nei de machtsoername troch de nazy's bleaune de measte joaden ynearsten noch yn Emmerik. Pas in pear jier letter sette de úttocht yn en oan it begjin fan de kriich wennen noch mar in pear joaden yn de stêd, dy't twongen waarden yn twa hûzen oan de Hottomannstraße en de Agnetenstraße te wenjen. De lêste joaden waarden yn 1941 en 1942 nei it getto fan Riga en Theresienstadt deportearre. Meiïnoar waarden 42 joadske ynwenners fermoarde. De synagoge waard krekt foar de Kristallnacht ferkocht, mar by de Britske bombardeminten op de stêd yn 1944 dochs noch ferneatige.[1] De katolike preester Ger­hard Storm waard fanwegen syn krityk op de nazy's troch de Gestapo oppakt en ferstoar op 20 augustus 1924 yn it konsintraasjekamp Dachau.[2]

Op 7 oktober 1944 waard it âlde Emmerik foar 91% troch bombardeminten fan de Royal Air Force ferneatige.

Yn 1949 waard it stedsdiel Elten as kompinsaasje foar de Dútske besetting troch Nederlân anneksearre. Op 1 augustus 1963 waard Elten werom oan Dútslân jûn.

Mei yngong fan 1 desimber 2001 waard de stêd omneamd ta Emmerich am Rhein.

Haven fan Emmerik

It gebiet fan de gemeente Emmerik is yn 10 Ortsteile ûnderferdield (de lofter rige wurdt foarme troch de trije histoaryske stedsdielen fan Emmerik, yn de rjochter rige steane stedsdielen fan Emmerik, dy't eartiids selstannige gemeenten foarmen).

  1. Altstadt
  2. Leegmeer
  3. Speelberg
  1. Borghees
  2. Dornick
  3. Elten
  4. Hüthum
  5. Klein-Netterden
  6. Praest
  7. Vrasselt

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1532 1816 1880 1900 1925 1939 1945 1968 1987 2011 2021
Ynwenners 3.250 4.442 8.900 10.526 13.647 16.381 441 18.356 27.924 29.918 30.854

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De moderne Hillige Geasttsjerke
  • Sint-Martinitsjerke (11e iuw, romaansk en goatysk gebou mei in krypte en in rike tsjerkeskat);
  • Sint-Fitustsjerke (âldste tsjerke fan Emmerik dy't op 967 werom giet);
  • Sint-Alegondatsjerke (goatyske tsjerke út de 15e iuw);
  • Kristustsjerke (tusken 1690 en 1715 boude protestantske tsjerke mei sterke ynfloed fan de Amsterdamske Eastertsjerke);
  • Hillige Geasttsjerke (opfallend modern tsjerkegebou út de jierren 1960).
De Rynbrêge fan Emmerik
  • De Rheinbrücke is yn 1965 iepene en 1228 meter lang.
  • Fan de histoaryske binnenstêd bleau nei it bombardemint net in soad oer. It westlike diel fan de Steinstraße jout mei in rige 17e-iuwske hûzen in yndruk fan it oarspronklike stedsbyld
  • Yn it stedsdiel Borghees stiet in lyts slot mei deselde namme út it midden fan de 18e iuw.
  • Rheinmuseum;
  • PAN-Kunstforum mei in grutte samling affysjes.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Emmerich am Rhein