[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Twinte

Ut Wikipedy

Twinte (Nedersaksysk: Tweante, Twente) is in goa yn it easten fan Nederlân, dat it eastlike diel fan de provinsje Oerisel beslacht, mei it by Gelderlân hearrende Rietmolen. De bewenners hjitte Twintenaren of (ynformeel) Tukkers. Yn it westen en noarden grinzet it oan de ek Oeriselske goa Salland (wêrby't de Regge by Nijverdal de grins foarmet), yn it suden oan de Achterhoeke (provinsje Gelderlân), yn it súdeasten oan de Dútske Kreis Borken en yn it easten en noarden oan de ek Dútske Greefskip Bentheim, dêr't de Dinkel as natuerlike grins beskôge wurdt.

Yn âlde geskriften is Twinte efterelkoar werom te finen as Tuianti (797), Tueanti (799), Thuehenti (851), Tuente (11e iuw) en op it lêst Twente of Twenthe.
Foar de ôfkomst fan dy namme binne twa teoryen gongber. De earste en âldste giet werom oant de 16e iuw doe't Twinte identifisearre waard as it wengebiet fan de Germaanske stam de Tubanten dy't bekend wie út de Romeinske âldheid.
De twadde teory is basearre op de gelikenis tusken de nammen Twente en Drinte. Sa't de namme Drinte ôflaat is fan it telwurd trije, wurdt by Twente tocht oan it wurd twa. Foar de alfte of tolfte iuw grinzen de goaen Drinte en Twinte noch oan elkoar.