[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Sibrandabuorren

Ut Wikipedy
Sibrandabuorren
Pleats oan de Sibrandabuorster Feart
Pleats oan de Sibrandabuorster Feart
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Súdwest-Fryslân
Sifers
Ynwennertal 350 (2022) [1]
Oerflak 3,99 km, werfan:
- lân: 3,56 km²
- wetter 0,43 km²
Befolkingsticht. 98 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 4' N 5° 43' E
Kaart
Sibrandabuorren (Fryslân)
Sibrandabuorren

Sibrandabuorren is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân. It is ien fan de doarpen yn De Legeaën en hat likernôch 350 ynwenners (2023). Yn it doarpsgebiet fan Sibrandabuorren leit ek it buorskip Spears.

De Sibrandabuorster Feart snijt it doarpsgebiet midstwa en hat in iepen ferbining mei de Snitser Aldfeart.

Yn 1335 waard de tsjerke fan Zibrandadorp troch de Utertske biskop wijd. Oer de patroanhillige fan de tsjerke bestiet gjin ienriedigens. Op in yn 1540 getten klok fan de tsjerke stiet it opskrift St.Bartolmeus is myn namme en dêrút soe opmakke wurde kinne dat de apostel Bartoloméus de patroanhillige wie, wylst oaren Sint-Marten as patroan neame. De midsiuwske tsjerke wie lyts en leech en hie swiere steunbearen. De sealtektoer stie nei alle gedachten frij fan de tsjerke. Nei de reformaasje waard de toer yn 1689 ôfbrutsen. Sûnt hie de tsjerke in koepeltsje, dat letter ferfongen waard troch in spits tuorke. Yn 1872 waard de hiele tsjerke ôfbrutsen en ferfongen troch nijbou. It doarp hie doe yntusken in grintwei en de oarspronklike oasting (mei it koer nei it easten) waard ferfongen troch in folsleine draaiïng fan de tsjerke mei it koer nei it west en de toer nei it easten.[2]

Suvelfabryk Legeaën

Op 25 maaie 1891 waard de feriening Koöperatieve Suvelfabryk “De Lege Geaën” stifte. Om ferskillende redenen wiene net alle boeren fuortendaliks te rissen foar it fabryk, mar de dokter fan Sibrandabuorren brocht alles ta in goed ein. It fabryk waard oan de Aesgewei en foar it ferfier fan de molke mei de preammen njonken de Sibrandabuorster Feart boud. Yn 1972 kaam der in ein oan it molkfabryk, mar de gebouwen binne der noch jimmeroan.[3]

Op 30 juny 1942 stoartte by it buorskip Spears in Kanadeeske Halifax-bommesmiter del. By de crash kamen alle manlju om it libben. Ta harren neitins waard oan de Spearsterdyk by de krusing mei de N354 yn 2003 in ienfâldich monumint set, dat troch de skoallebern fan de Legeaën ûnderholden wurdt. Ien fan de manlju wurdt betocht op it hôf fan Dearsum, de oare manlju op it Air Forces Memorial by Egham yn it Ingelske greefskip Surrey.[4] Yn de Twadde Wrâldoarloch stiene de Legeaën bekend as ûnderdûkersparadys.

Sibrandabuorren hat altiten in typysk streekdoarp west. Nei de Twadde Wrâldkriich krige it doarp oan de noardwestlike kant fan It Lange Ein wat nijbou.

Oant de gemeentlike weryndieling fan 2014 makke Sibrandabuorren diel út fan 'e gemeente Boarnsterhim en foar de weryndieling fan 1984 hearde it sûnt minskewitten ta Raerderhim, dat neamd wie nei ien fan 'e Fryske Himpolders fan 'e âlde Middelsee. Foar de ferfrysking fan de offisjele plaknammen troch de gemeente Boarnsterhim yn 1989 wie de offisjele doarpsnamme yn it Nederlânsk Sijbrandaburen.

De Sibrandabuorster feriening foar Doarpsbelang bestie yn 2019 100 jier. Yn it ramt derfan waard in boek oer it doarp útjûn. De tsjerke fan Sibrandabuorren wurdt hjoed-de-dei brûkt as 'Doarpskultuerhûs'.[5]

Sint-Martenstsjerke
De Wikipedy hat ek in side Sint-Martenstsjerke (Sibrandabuorren).

De eardere herfoarme tsjerke fan Sibrandabuorren waard op 15 april 2017 troch de PKN De Lege Geaën oerdroegen oan de Stifting Tsjerkegebou Sibrandabuorren.

De Iepenbiere Basisskoalle 'De Lege Geaën' fusearre yn 2018 mei de basisskoallen fan Gau en Tersoal ta de Mienskipsskoalle De Legeaën, dy't yn Sibrandabuorren stiet. 'Fan Feest Wis' is de feestkommisje fan Tersoal en Sibrandabuorren.

Havenpaed
De flapbrêge oer de Sibrandabuorster Feart is in ryksmonumint

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1954 1959 1964 1969 1974 1999 2004 2005 2010
Ynwenners 367 364 360 344 343 395 392 395 378
Jier 2015 2020 2022
Ynwenners 365 365 350
It Lange Ein 46

Aesgewei, Dr. W. Beekhuisstrjitte, Bûtlânswei, De Fenne, Havenpaad, It Lange Ein, Mardyk, S. Korfmakerstrjitte, Spearsterdyk, Tinkelenbergstrjitte.

  • Unbekend. "Doarp yn it hert fan de Lege Geaën", útjûn troch Doarpsbelang yn it ramt fan it 100-jierrich bestean fan Doarpsbelang.
  • Hessel Bouma "Verzet en Verraad in de Lege Geaën"

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Súdwest-Fryslân
Stêden:
BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum
Doarpen en útbuorrens:
AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns
Buorskippen:
AaksensAbbegeasterkettingAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoardersylFeytebuorrenFiifhûsFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenIemswâldeYndyk (Boazum)IngwertIngwierJethJonkershuzenJousterpJouswertKâldehuzumDe KampenDe KatKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)Laerd en SaerdLippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenMakkum (Boazum)MeilahuzenMontsamabuorrenMountsjewierDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesylOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)SpearsSpykIt Strân SwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumerkettingWonnebuorren
· · Berjocht bewurkje