De Blokken
Appearance
De Blokken | ||
De Blokken (2007) | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
himrik | Penjum | |
Sifers | ||
Ynwennertal | ±10 [1] | |
Oar | ||
Postkoade | 8749 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 7' 43" NB, 5° 25' 35" EL | |
Kaart | ||
De Blokken is in buorskip yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De Blokken leit tusken Penjum en Kimswert oan it begjin fan de dyk de Penjumer Gouden Halsbân, yn 'e himrik fan Penjum. Noardlik fan de buorskip streamt de Bidlersfeart. Oan de oare kant fan de feart leit de buorskip Dyksterbuorren.
De Blokken waard foar it earst neamd as in fjildnamme yn 1493, dae Blocken en yn 1718 as De Blokken. Yn 1823 waard it as plak oantsjut as De Blokke en yn 1840 as De Blokken.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|