[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Nijhuzum

Ut Wikipedy
Nijhuzum
Bestjoer
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
Sifers
Ynwennertal 60 (1 jannewaris 2023)[1]
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 58' NB, 5° 29' EL
Offisjele webside
www.nijhuizum.nl
Kaart
Nijhuzum (Fryslân)
Nijhuzum
Kaart
Himrik fan Nijhuzum yn 'e eardere gemeente Nijefurd.

Nijhuzum is in lyts doarp yn 'e gemeente Súdwest-Fryslân. It hat 60 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Nijhuzum is in agrarysk doarp en bestiet foar it measte út in rige pleatsen. Njonken de buorkerij hawwe guon byfertsjinst mei toerisme.

It doarp leit in pear kilometer eastlik fan Warkum yn 'e Munnekebuorster Polder oan in dearinnende wei. Oan 'e westkant en noardkant wurdt it begrinzge troch it spoar fan Ljouwert nei Starum, oan 'e eastkant troch de Flakke Brekken en de Grûns en oan 'e súdkant troch it Langfliet.

Alde nammen fan it doarp binne Nyahusen (1499), Nyhusum (1482), Nyehusum (1496) en Nyehuysum (1505). De namme betsjut 'by de nije huzen'. Eartiids wie Nijhuzum grutter, mar troch de floed fan 1570 ûnstiene de Flakke Brekken, in gebiet dat al sûnt it jier 800 yn kultuer en ûntwettere wie.

Nijhuzum yn 1912.

De tsjerke fan Nijhuzum wie foar de reformaasje yn 1580 oan Sint-Nikolaas wijd. Sûnt 1610 foarme Nijhuzum oant 1971 ien tsjerklike gemeente mei De Gaastmar. It midsiuwske gebou, mooglik noch romaansk, waard yn 1721 ferfongen troch de hjoeddeiske tsjerke.

By Warnfliet hat fan 1895 oant 1934 oan it spoar de halte Nijhuzum west.

Noardlik fan Nijhuzum stiet it ryksmonumint de Monnikebuorrenmole, in spinnekopmole út 1832. Nei in lange tiid fan ferfal, bleau allinne de ûnderbou oer, mar de mûne waard yn 2008 werboud.

Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 wie Nijhuzum part fan de gemeente Wymbritseradiel. Oant 2011 lei Nijhuzum yn 'e eardere gemeente Nijefurd. Sûnt de lêste weryndieling leit it doarp yn 'e gemeente Súdwest-Fryslân.

Foar foarsjennings en it ferieningslibben is Nijhuzum op Warkum rjochte. Yn it doarp is allinne in biljertklub.

De Wikipedy hat ek in side Nijhuzumer tsjerke.

De tsjerke fan Nijhuzum is hjoed-de-dei ûnderbrocht yn 'e 'Stifting De Nijhúzumer Tsjerke'. Der wurde út en troch foar de doarpsbewenners oekumenyske tsjinsten holden.

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1744 1796 1818 1848 1869 1872 1954 1959 1969
Ynwenners 50 64 78 70 109 109 126 110 94
Jier 1973 1999 2004 2015 2020
Ynwenners 87 53 40 43 47
Oerset 'Droech oer de Feart'.

Foar autoferkear leit it doarp oan in dearinnende wei. De Nijhuzumer Dyk is de iennige wei dy't it doarp ferbynt mei de Trekwei nei Warkum. Mar oer fytspaden is it doarp fierder ûntsletten mei it oerset oer de Grûns nei De Gaastmar of bylâns de noardkant fan 'e Flakke Brekken en Aldegeaster Brekken nei Aldegea (Súdwest-Fryslân).

Troch it doarpsgebiet rint sa'n bytsje east-west de Nijhuzumer Feart, dy't it doarp ferbynt mei de Grûns. Fan 'e oarspronklike noard-súd-ferbining, dêr't it doarp ûntstien liket te wêzen is net folle mear oer.

Nijhuzumerdyk. It doarp hat fierder gjin strjitnammen, allinne nûmers.

Boek oer Nijhuzum

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Doarpsbelang Nijhuzum - Doarpsgesichten fan Nijhuzum, 2000.
  • Hidde Feenstra en Albert Reinstra - Nijhuizum Frieslands kleinste kerk, 2019.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Súdwest-Fryslân
Stêden:
BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum
Doarpen en útbuorrens:
AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns
Buorskippen:
AaksensAbbegeasterkettingAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoardersylFeytebuorrenFiifhûsFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenIemswâldeYndyk (Boazum)IngwertIngwierJethJonkershuzenJousterpJouswertKâldehuzumDe KampenDe KatKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)Laerd en SaerdLippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenMakkum (Boazum)MeilahuzenMontsamabuorrenMountsjewierDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesylOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)SpearsSpykIt Strân SwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumerkettingWonnebuorren
· · Berjocht bewurkje