[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Saint Lawrencebaai

Ut Wikipedy
Saint Lawrencebaai
geografy
type wetter rânesee
lokaasje foar de eastkust fan 'e
   Kustprovinsjes
lân Kanada
koördinaten 48°36′N 61°24′W
ûnderdiel fan Atlantyske Oseaan
sifers
oerflak 226.000 km²
djiptegemiddelde 152 m
djipste punt 530 m
wetterfolume 34.500 km³

De Saint Lawrencebaai (Nederlânsk, ferâldere: Sint-Laurensbaai, Ingelsk: Gulf of Saint Lawrence, Frânsk: Golfe du Saint Laurent) is in baai oan de mûning fan de Saint Lawrencerivier yn de Atlantyske Oseaan.

De baai wurdt begrinze troch it Labrador-skiereilân yn it noarden, Nijfûnlân yn it noardeasten, yn yt súdwesten troch it skiereilân Gaspé en yn it suden troch Nij Brunswick en Kaap Bretoneilân.

Eilannen yn de baai

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ynholte hat tûzenen jierren wichtich west as fiskwetter en foar ferfier foar de oarspronklike befolking oan dekusten.

De earste Europeaan dy’t de baai befarde, dêr’t wy fan witte, wie de Frânske ûntdekkingsreizger Jacques Cartier yn 1534. De Cartier-ekspedysje wie de earste moeting tusken Europeanen en lânseigen folken fan de Saint Lawrencebaai, op 7 july 1534 yn it Nij Brunswick fan no, dy’t beskreaun wurden is.