[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Jacqueline Carey

Ut Wikipedy
Jacqueline Carey
skriuwer
Jacqueline Carey yn 2015
Jacqueline Carey yn 2015
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jacqueline Carey
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 9 oktober 1964
berteplak Highland Park (Illinois)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurk
taal Ingelsk
sjenre fantasy, non-fiksje
bekendste
  wurk(en)
Kushiel's Dart
Kushiel's Chosen
Kushiel's Avatar
útjouwer Roc Books
Tor Books
Grand Central Publishing
prizen Locus Award 2002
jierren aktyf 1995 – no
offisjele webside
www.jacquelinecarey.com

Jacqueline Carey (Highland Park (Illinois), 9 oktober 1964), is in Amerikaansk skriuwster en publisiste, dy't har benammen taleit op it skriuwen fan fantasyliteratuer. Hja is ferneamd wurden mei har Kushiel's Legacy-rige, wêrfan't fral de earste trilogy, begjinnende mei de roman Kushiel's Dart, in grut súkses wie. Dêrnjonken hat hja ek in non-fiksjewurk oer ingels yn 'e keunst en literatuer skreaun. Carey wennet tsjintwurdich yn westlik Michigan.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Carey waard yn 1964 berne yn Highland Park, yn 'e steat Illinois, en is fan etnysk Iersk komôf. Hja studearre oan it Lake Forest Kolleezje te Lake Forest, en behelle yn 1986 twa bachelorstitels yn psychology en Ingelske literatuer. Under har stúdzjetiid brocht se in healjier troch yn Londen, dêr't se as ûnderdiel fan in wurkútwikselingsprogramma yn in boekhannel wurke. Yn dy tiid besleat Carey dat se skriuwster wurde woe. Nei har weromkear nei de Feriene Steaten sette hja sadwaande útein mei skriuwen, wylst se nei it ôfrûnjen fan har stúdzje wurk fûn by in pleatslike middelbere skoalle. Nei tsien jier fan bodzjen krige Carey har earste súkses yn 1995, doe't ferskate fan har koarte ferhalen publisearre waarden yn tydskriften. Yn 2001 ferskynde har earste roman, Kushiel's Dart, dat in grut súkses waard en dêr't se daliks mei trochbriek. Se wûn der û.m. in Locus Award foar bêste earste boek mei.

Kushiel's Legacy-rige

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kushiel's Dart is it earste diel fan 'e njoggendielige fantasyrige Kushiel's Legacy, dy't spilet yn in wrâld dy't dan wol oan Carey har fantasij ûntspruten wêze mei, mar dochs grutte oerienkomsten mei de skiednis fan ús wrâld fertoant. Hja betocht dêrfoar in kosmology dy't yn 'e searje in sintraal plak ynnimt. De wichtichste godheid yn 'e wrâld fan Kushiel's Legacy is de iene God, dy't syn soan Yeshua ben Yosef nei de ierde ta stjoerde om te stjerren foar de sûnden fan 'e minskheid; oant safier komt it ferhaal yn grutte linen oerien mei it kristlike leauwe út ús wrâld. Yn Carey har wrâld fermong it bloed fan Yeshua ben Yosef him lykwols mei de triennen fan 'e Magdalena, en sette dat mingsel dêrmei yn it binnenste fan Mem Ierde de godheid Elua oan, waans biedwurd wie: "bemin sa'tst wolste" (love as thou wilt). Elua swalke oer de wrâld en fersprate dêrby rûnom leafde en frede, mar hy waard ôfwiisd troch de iene God. Dêrop kearden acht ingels op har beurt de iene God de rêch ta om har by Elua te jaan: Anaël, Azza, Camaël, Cassiël, Eisheth, Kushiël, Naämah en Shemhazai. Njoggenresom doarmen hja oer de wrâld, om har úteinlik yn ien lân te fêstigjen, dêr't hja har mei de pleatslike minsklike befolking fuortplanten om in folk fan útsûnderlik kreaze lju oan te setten. Dat lân kaam Terre d'Ange te hjitten (wat fansels it "Lân fan 'e Ingels" betsjut). Neitiid loeken hja har werom yn "it wiere Terre d'Ange", dêr't har neikommelingen har nei har dea by har jaan sille.

Terre d'Ange is yn Carey har wrâld in fiktive (en sterk oanpaste) foarm fan Midsiuwsk Frankryk. Dêrnjonken komme yn Kushiel's Legacy ek fiktive ferzjes foar fan 'e Joaden (Yeshuïten), Sigeuners (Tsingani), Piktysk Brittanje (Alba), Ierlân (Eire), it Germania út 'e Aldheid (Skaldia), it Russyske tsareryk (Vralia), de Midsiuwske Italjaanske stêdsteaten (Caerdicca Unitas), Feneesje (La Serenissima), sechstjinde-iuwsk Spanje (Aragonia), Spaansk-Baskelân (Euskerria), it Kartaachske Ryk (Carthago), Albaanje (Illyria), it Grikelân (Hellas) út 'e Aldheid, it Egypte fan 'e farao's (Menekhet), it âlde Assyrje (Khebbel-im-Akkad), it Byzantynske Ryk (Ephesus), Araabje (de Umaiyyat), Abessynje (Debeho), Yndia (Bhodistan), Sina (Ch'in), it Azteekske Ryk (Nuhuatl) en it Ryk fan 'e Inka's (Tawantinsuyo).

Phèdre-trilogy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It earste boek, Kushiel's Dart, giet oer Phèdre nò Delaunay, de ûnfolmakke en ûnwinske dochter fan in D'Anzjelynske koertisane en in oan legerwâl rekke grutkeapman, dy't al jong troch har âlden as kontraktarbeidster ferkocht wurdt oan ien fan 'e trettjin romrofte huzen fan it Hôf fan 'e Nachtbluossemjende Blommen, yn 'e Stêd fan Elua, de haadstêd fan Terre d'Ange. Har skientme wurdt bedoarn troch in lytse reade ferkleuring yn 'e iris fan ien fan har eagen, dat men ferwachtet net folle fan har, en it is suver mear goeddiedichheid as wat oars dat hja yn Hûs Cereus oplaat wurdt om koertisane te wurden. (Hjir moat trouwens opmurken wurde dat koertisanes yn Terre D'Ange yn frij heech oansjen steane, om't hja oaren helpe om Elua syn oprop "bemin sa'tst wolste" yn 'e praktyk te bringen.) Mar Anafiel Delaunay, in yn ûngenede fallen ealman, ken de ferkleuring yn har each werom as it teken fan in anguisette, immen dy't rekke is troch de pylk (dart) fan 'e ingel Kushiël. Dy Kushiël is in wat riedselich figuer; foar't er him by Elua joech, wied er de "bestraffer Gods", dy't foar de iene God de sûnders tramtearre, al seit Carey dat it syn eigen sûnde wie dat er dêrby tefolle fan syn slachtoffers hold. In anguisette is immen dy't seksueel geniet ûntliend oan it ûnderfinen fan pine; in masogiste, mar dan oant de safolste macht.

Delaunay set Phèdre yn om te besykjen en ûntraffelje in gearspanning tsjin it Keningshûs fan Terre d'Ange. Om't er wol troch hat dat soks gefaarlik wurk is, betellet er de prefekt fan 'e Cassilynske mûntse-oarder om har fan in liifwacht te foarsjen. De Cassilinen binne folgelingen fan 'e ingel Cassaël, de iennichste fan 'e acht selskipslju fan Elua dy't him nea mei gewoane stjerlingen fuortplante hat. Ynstee bleau er altyd deunby Elua, as in soarte fan liifwacht. De leden fan 'e Cassilynske mûntse-oarder besykje dat hâlden en dragen nei te bearen, en binne de iennichsten yn Terre d'Ange dy't strikt selibatêr libje, wat troch har lânslju mei in mjuks fan spotternij en begrutsjen oansjoen wurdt. De Cassilinen binne lykwols ek de bêste fjochters fan it lân, mei't hja al fan bern ôf oan yn 'e kriichskeunsten oplaat wurde. Tsjin betelling oan har oarder wurde hja soms tawiisd om wichtige persoanen ta liifwacht te tsjinjen.

Joscelin Verreuil, de Cassilynske mûnts dy't oan Phèdre tawiisd wurdt, is hoegenamt net bliid mei dy post. Hja binne yn frijwol elts opsjoch inoars tsjinstelden en se ferachtsje inoar. Mar as Phèdre tefolle oan 'e weet komt oer de gearspanning, wurde Delaunay en syn hiele húshâlding fermoarde, wylst sy en Joscelin tegearre finzen nommen en as slaven ferkocht wurde yn it barbaarske buorlân Skaldia (om't de gearspanners it net oandoare en fermoardzje in anguisette fan Kushiël). Dêr ûntdekke se dat de d'Anzjelynske gearspanners miene saak makke hawwe mei de wrede Skaldyske kriichshear Waldemar Selig, dy't him no opmakket om Terre d'Ange te feroverjen. Troch finzenskip, misbrûk, sniestoarmen en in oermacht oan fijannen hinne witte Phèdre en Joscelin te ûntkommen om Ysandre de la Courcel, de jonge keninginne fan Terre d'Ange, net inkeld te warskôgjen foar it dûbele gefaar fan ferrie fan binnen en ynfaazje fan bûten, mar har sels krekt op it nipperke help te bringen yn 'e foarm fan 'e Piktyske troepen fan har ferloofde, Drustan mab Necthana, de cruarch fan Alba. Underwilens binne Phèdre en Joscelin dan minners wurden.

Oan 'e ein fan Kushiel's Dart wit lykwols Melisande Shahrizai, de d'Anzjelynske ealfrouwe dy't de driuwende krêft efter de gearspanning wie, út finzenskip te ûntkommen, sadat hja yn it twadde diel fan 'e Phèdre-trilogy, Kushiel's Chosen (2002), op 'e nij foar rebûlje soargje kin. Hja is om utens flechte nei La Serenissima, in stêdsteat yn Caerdicca Unitas, dêr't hja har beskûl hâldt yn 'e entoeraazje fan Benedicte de la Courcel, de ûntefreden omke fan keninginne Ysandre, dy't temûk mei har trout en in soan by har oanset om 'e "healbloedbern" fan Ysandre en de cruarch fan Alba fan 'e d'Anzjelynske troan te hâlden. Benedicte en Melisande spanne gear mei leden fan 'e hartochlike famylje fan La Serenissima om Ysandre by in kommend steatsbesyk om hals te bringen en tagelyk Cesare Stregazza, de doge fan La Serenissima, ôf te setten. Mar Phèdre en Joscelin reizgje nei La Serenissima ta sadat Phèdre op 'e nij har noas yn saken stekke kin dy't har eins net oangeane. Hja rekket dêr efter de traaljes, wit te ûntsnappen mar stjert hast de drinkeldea, oant hja út 'e see fiske wurdt troch de Illyryske seerôver Kazan Atrabiades. Oan board fan dy syn skip bedarret se op 'e wjukken fan in skriklike stoarm alhiel op it eilân Kriti. Mei help fan 'e archon fan 'e stêd Phaistos, op Kriti, en fan 'e ban fan Illyria wit Phèdre La Serenissima wer te berikken, dêr't se weriene wurdt mei Joscelin en krekt op 'e tiid de snoade plannen fan Melisande dwerseidzje kin. Melisande laket lykwols it lêst, as oan 'e ein fan it boek bliken docht dat se har jonkje earnewêr ferskûle hat, sadat syn bestean as in soarte fan swurd fan Damokles boppe it d'Anzjelynske keningshûs hingjen bliuwt.

It trêde en ôfslutende diel fan 'e Phèdre-trilogy, Kushiel's Avatar (2003), iepenet in tsiental jierren letter, as Phèdre ûnferwachts berjocht kriget fan Melisande, dy't oan 'e ein fan Kushiel's Chosen asyl oanfrege en krigen hie yn 'e Timpel fan Asherat-fan-de-See yn La Serenissima. Phèdre is dan ûnderwilens foar har tsjinsten oan 'e Kroan yn 'e adelstân ferheft as de comtesse fan Montrève, en wennet iepentlik gear mei Joscelin, dy't syn selibaat en lidmaatskip fan 'e Cassilynske Bruorskip opjûn hat, mar net de kriichskeunsten dy't dêrmei mank geane. As Phèdre op Melisande har smeekbea yngiet en nei La Serenissima reizget, kriget se te hearren dat Melisande har soan, Imriël, dy't hja ûnderbrocht hie yn in ôfhandich kleaster oan 'e d'Anzjelynske súdkust, ferdwûn is. Melisande, dy't sels har timpel yn La Serenissima net ferlitte kin sûnder yn 'e hechten set te wurden, freget har âlde fijan Phèdre om 'e jonge te sykjen. It docht bliken dat slavehellers efter de ferdwining sitte, en it spoar liedt Phèdre en Joscelin fia de slavemerken fan Aragonia, Carthago en Menekhet almar fierder eastoan, nei Khebbel-im-Akkad. Oan 'e noardgrins fan dat grutte ryk hat de provinsje Drujan him ôfskaat, en dêr regearret no de Mahrkagir, in man dy't himsels oerjûn hat oan 'e godheid Angra Mainyu, de Hear fan it Tsjuster, en yn ruil dêrfoar ûnstjerlik en ûnkwetsber wurden is. Gjin woltinkend minske doar noch nei Drujan ta, mar dat is wêr't de jonge Imriël hinne brocht is, en dêr moatte Phèdre en Joscelin sadwaande folgje. Wêr't oare goaden faalden, dêr witte Elua en Kushiël sadwaande harren minsklike avataar binnen de ferdigening fan Angra Mainyu te krijen, sadat mei de Mahrkagir ôfweefd wurde kin.

Imriël-trilogy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Carey sette it ferhaal fuort yn in twadde trilogy, wêryn't de jonge Imriël de haadpersoan is. It earste diel dêrfan, Kushiel's Scion, ferskynde yn 2006, folge troch Kushiel's Justice yn 2007 en Kushiel's Mercy yn 2008. Kushiel's Scion spilet in jier as tsien nei de foarfallen fan Kushiel's Avatar. Prins Imriël nò Montrève de la Courcel, dy't foar it libben tekene is troch de dingen dy't er ûnder syn finzenskip yn Drujan meimakke hat, is neitiid leafhawwend grutbrocht yn it gesin fan Phèdre en Joscelin, en troch keninginne Ysandre opnommen yn 'e d'Anzjelynske keninklike famylje. Mar as de soan fan 'e beide meast beruchte ferrieders út 'e skiednis fan Terre d'Ange wurdt er efterfolge troch wantrouwen en minachting. As er ôfset nei Tiberium, yn Caerdicca Unitas, om dêr oan 'e ferneamde universiteit in stúdzje te folgjen, rekket er ynstee behelle yn alderhanne politike yntriizjes dy't úteinlik liede ta syn belutsenens by de ferdigening fan 'e stêd Lucca as dy belegere wurdt troch it leger fan in rivalisearjende stêdsteat.

Yn Kushiel's Justice keart Imriël werom nei Terre d'Ange, dêr't hy en syn efternicht Sidonie hertstochtlik mar hopeleas fereale reitsje. Want Sidonie is de kroanprinsesse, en eltsenien is wisberet om in ferriedersbern as Imriël sa fier mooglik fan 'e troan ôf te hâlden. Dat, Imriël lit him beprate om mei de Piktyske prinsesse Dorelei te trouwen en oersee nei Alba te gean. Dêr besiket ien fan 'e grutte klans, dy fan 'e Maghuinn Dhon, út eangst foar in d'Anzjelynske oerhearsking, lykwols om him mei tsjoenderij te binen. Imriël ferset him, en úteinlik rint it spul sa út 'e hân dat Dorelei de dea fynt. Imriël hjitfolget de moardner neitiid oer it hiele kontinint, oant er him úteinlik djip yn Vralia fynt en deadet. Yn Kushiel's Mercy komme Imriël en Sidonie op 't langelêst iepentlik foar harren leafde út, wat liedt ta twaspjalt yn Terre d'Ange. De jongerein stiet grutdiels efter harren, mar de âldere generaasjes, dy't Melisande Shahrizai en har ferrie noch klear foar de geast stiet, wolle der neat fan witte dat Melisande har soan mei de kroanprinsesse trouwe soe. Dan bart der wat dat nimmen foarsjoen hie: in delegaasje út Carthago leit in tsjoen oer de Stêd fan Elua, wat it rike en machtige Terre d'Ange min ofte mear ta in fazalsteat fan Cathago makket, mei't de keninginne, it hiele parlemint en de legerlieding dêrmei ta Carthaachske marionetten wurden binne. Sidonie wit neat mear fan har leafde foar Imriël, mar risselwearret ynstee om mei de Carthaachske hearsker Astegal te trouwen. Imriël ûntkomt, troch de (ûnfrege) beskerming dy't de trewanten fan syn mem him biede, as iennichste yn 'e stêd oan 'e ynfloed fan 'e útlânske tsjoenderij. Dan is it oan him om in manear te sykjen en ferbrek de betsjoening.

De trêde trilogy fan 'e Kushiel's Legacy-rige sette útein mei Naamah's Kiss, dat yn 2009 útkaam, folge troch Naamah's Curse (2010) en Naamah's Blessing (2011). Dizze boeken spylje in iuw nei de foarfallen fan 'e Phèdre- en Imriël-trilogyen. De haadpersoan is Moirin mac Fainche, de oerbeppesizzer fan Alais, de jongere suster fan Sidonie. Har mem is in Piktyske frou fan 'e Maghuinn Dhon, wylst har heit in d'Anzjelynske preester fan Naamah is. Hja is sadwaande oanrekke troch sawol de ingel Naamah, as troch har diadh-anam, de bearegoadinne fan 'e Maghuinn Dhon. Nei't se troch in skriklik ûngelok, wêrby't har frijer de dea fynt, út har heitelân ferdreaun wurdt, set se har lykme-allinne op in paad nei Terre d'Ange, om har mysterieuze heit te sykjen en om 'e lotsbestimming te finen dy't har diadh-anam har foarsein hat.

Yn Terre d'Ange fynt Moirin net inkeld har heit, mar ek ferskate minners, wêrûnder keninginne Jehanne, de frou fan kening Daniel. In oaren is de ealman Rafael de Mereliot, dy't har behellet yn 'e yntriizjes oan it keninklik hof, en teffens yn tsjusterder saken, lykas in okkult genoatskip dat besiket demoanen op te roppen om boppenatuerlike krêften te bemachtigjen. Mei de help fan 'e preester Lo Feng, in reizger út it fiere lân Ch'in, wit Moirin foar te kommen dat dat Mereliot-en-dy slagget, of dat mient se alteast. Hja wurdt fereale op Lo Feng syn tsjinstfeint en pupil Bao, en as de âldman troch syn keizer weromroppen wurdt, beslút hja mei te gean. Nei in lange seereis befrijt Moirin yn it fiere Ch'in sawol in draak as de prinsesse Snietiger út in wrede finzenskip, en rêdt se it lân fan in driigjende boargeroarloch.

Nei in grut tal aventoeren yn it lân fan 'e Tataren en yn Bhodistan, dy't beskreaun wurde yn Naamah's Curse, keart Moirin yn Naamah's Blessing úteinlik mei har frijer Bao werom nei Terre d'Ange. Keninginne Jehanne is yn it kreambêd stoarn, en kroanprins Thierry, dy't nei de Nije Wrâld syld wie, wurdt dêr fermist. Moirin en Bao sile him efternei om him te sykjen, mar yn it fiere Tawantinsuyo komt Moirin har eardere minner Rafael de Mereliot wer tsjin, dy't troch har help by syn okkulte praktiken grutte macht krigen hat, dy't er ûnmeilydsum ynset om syn eigen doelen te berikken. Dan moat Moirin har flaters út it ferline einlings ûnder eagen sjen en it spul wer rjochtbreidzje.

Tusken de bedriuwen fan 'e Kushiel's Legacy-rige troch publisearre Carey yn 2004 en 2005 Banewreaker en Godslayer, de beide dielen fan The Sundering. It hat der sterk fan dat hja dat twalûk folle earder skreaun hie, mar der pas in útjouwer foar fine koe doe't se einlings súkses berikt hie mei Kushiel's Legacy. The Sundering is in epysk fantasyferhaal dat tige liket op The Lord of the Rings, fan J.R.R. Tolkien, mar dan omdraaid: ferteld as in trageedzje fan út it eachpunt fan "it kwea". Hoewol't Carey hjirmei lang net sa súksesfol wie as mei Kushiel's Legacy, is it in ynteressant wurk, dat de lêzer ta neitinken oanset. Sa't de tekst op 'e omslach freget: As alles dat goed is, mient datsto kwea bist, bist dat dan ek?

Yn 2009 ferskynde fierders fan Carey it postmoderne fantasywurk Santa Olivia, oer it famke Loup, dat opgroeit yn it fan 'e wrâld ôfsniene plakje Santa Olivia, yn 'e buffersône tusken de Feriene Steaten en Meksiko. Nei in wrâldwide pandemy hawwe de Feriene Steaten har nammentlik alhiel fan 'e bûtenwrâld ôfsletten, en by de Meksikaanske grins lâns in buffersône ynsteld dêr't nimmen yn of út mei, útsein militêr personeel. De bewenners fan Santa Olivia binne dêr sadwaande fêst kommen te sitten, sûnder ienich kontakt mei de bûtenwrâld, en binne finzenen yn harren eigen stedsje wurden. It Amerikaanske leger regearret mei hurde hân yn Santa Olivia, en de boargers hawwe neat yn te bringen, wylst troch de jierren hinne alle foarrieden, wurktugen en apparatuer stadichoan opreitsje of stikken geane, sûnder dat der in mooglikheid bestiet om nij spul oan te skaffen. Loup is ferneamd nei har Haïtiaanske heit, Loup Garron, en hat dy syn genetysk manipulearre jeften urven. Frustrearre troch it ûnrjocht dat har freonen en famylje oandien wurdt, is Loup wisberet om it tsjin it leger op te nimmen. Yn Santa Olivia wurdt ferteld hoe't har besykjen om it systeem fan binnenút te ûndermynjen, net slagget. Loup wurdt oppakt, mar wit einlings út Santa Olivia en de buffersône te ûntkommen. It ferfolch Saints Astray (2011) beskriuwt hoe't Loup úteinlik fan bûtenôf in ein makket oan 'e legerterreur en de isolaasje fan har berteplak.

Agent of Hel-rige

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2012 sette Carey útein mei wer in nije rige, diskear fan it populêre subsjenre fan 'e urban fantasy. Agent of Hel giet oer Daisy Johanssen, in jonge frou út it stedsje Pemkowet, yn 'e Amerikaanske steat Michigan, dy't de dochter fan in ynkubus en in minsklike frou is. Hja is yn Pemkowet de aginte fan Hel, de Germaanske goadinne fan 'e ûnderwrâld, en fungearret yn dy hoedanichheid min ofte mear as plysje foar de pleatslike boppenatuerlike mienskip, dy't û.m. út wearwolven, fampieren, lykgeasten en elfkes bestiet. Underwilens moat hja der goed om tinke om har emoasjes yn 'e besnijing te hâlden, mei't hja troch har berterjocht oars by fersin wolris de Ein fan 'e Tiden feroarsaakje kinne soe. It earste diel fan 'e Agent of Hel-rige wie Dark Currents (2012), wêryn't de dea fan in ferdronken jongeman út in rike famylje it stedsje op 'e kop set. Yn Autumn Bones (2013) kriget Johanssen te meitsjen mei in Jamaikaanske tsjoenster, dy't har soan út Pemkowet nei Jamaika weromhelje wol – en lit Johanssen it no krekt mei dy man oanlein hawwe. Diel trije, Poison Fruit, ferskynde yn 2014. Dêryn is Johanssen in wêzen op it spoar dat parasitearret op minsklike nachtmerjes. Boppedat bekreaut in nije duvelske macht, fertsjintwurdige troch in abbekaat dy't noch demoanysker is as de measten fan syn slach, Hel har sizzenskip oer Pemkowet.

romans
  • Kushiel's Legacy-rige
    • Phèdre-trilogy
      • 2001 – Kushiel's Dart
        • Nederlânske oersetting: Kushiëls Pijl (fert. Peter Cuijpers, 2003)
      • 2002 – Kushiel's Chosen
        • Nederlânske oersetting: Kushiëls Keuze (fert. Peter Cuijpers, 2003)
      • 2003 – Kushiel's Avatar
        • Nederlânske oersetting: Kushiëls Werktuig (fert. Peter Cuijpers, 2004)
          • 2002 – Kushiel's Phèdre Trilogy (omnibusedysje fan Kushiel's Dart, Kushiel's Chosen en Kushiel's Avatar)
          • 2016 – Kushiel's Legacy (omnibusedysje fan Kushiel's Dart, Kushiel's Chosen en Kushiel's Avatar)
          • 2003 – Earth Begotten (in companionboek dat útbrocht waard yn in beheinde oplaach)
      • 2023 – Cassiel's Servant (werfertelling fan it ferhaal fan Kushiel's Dart út it eachpunt fan Joscelin Verreuil)
    • Imriel-trilogy
      • 2006 – Kushiel's Scion
      • 2007 – Kushiel's Justice
      • 2008 – Kushiel's Mercy
      • 2023 – Imriel Trilogy (omnibusedysje fan Kushiel's Scion, Kushiel's Justice en Kushiel's Mercy)
    • Moirin-trilogy
      • 2009 – Naamah's Kiss
      • 2010 – Naamah's Curse
      • 2011 – Naamah's Blessing
      • 2023 – Moirin Trilogy (omnibusedysje fan Naamah's Kiss, Naamah's Curse en Naamah's Blessing)
  • The Sundering-duology
    • 2004 – Banewreaker
    • 2005 – Godslayer
      • 2005 – The Sundering (omnibusedysje fan Banewreaker en Godslayer)
  • Santa Olivia-duology
    • 2009 – Santa Olivia
    • 2011 – Saints Astray
  • Agent of Hel-rige
    • 2012 – Dark Currents
    • 2013 – Autumn Bones
    • 2014 – Poison Fruit
  • op harsels steande romans en novellen
koarte ferhalen
  • 1995 – The Peacock Boy (yn: The Scroll, nû. 4, 1995)
  • 1995 – Actaeon (yn: The Scroll, nû. 6, 1995)
  • 1995 – The Antedivulians (yn: Prisoners of the Night, nû. 9, 1995)
  • 1995 – In the City (yn: Quanta, 1995)
  • 1995 – Bludemagick (yn: Inter Text, nû. 26, 1995)
  • 1996 – What Bled Through the Wall (yn: Clique of the Tomb Beetle)
  • 1997 – Jazznight (yn: I-94: A Collection of Southwest Michigan Writers)
  • 2004 – The Isle of Women (yn: Emerald Magic: Great Tales of Irish Fantasy)
  • 2006 – In The Matter of Fallen Angels (yn: Elemental: The Tsunami Relief Anthology)
  • 2010 – You and You Alone (yn: Songs of Love and Death)
  • 2013 – Martyr of the Roses (yn: Unfettered)
non-fiksje
  • 1997 – Angels: Celestial Spirits in Legend & Art

Prizen en nominaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Priis Resultaat Kategory Foar
2001 Romantic Times Reviewers' Choice Award wûn bêste fantasyroman Kushiel's Dart
2002 Locus Award wûn bêste earste roman Kushiel's Dart

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.