[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Koerden

Ut Wikipedy
Kaart mei alle troch Koerden bewenne gebieten (CIA, 1992).[1]
Koerdyske froulju oan de ouwer fan de Kaspyske See begjin 20e iuw

De Koerden binne in folk dat ferspried libbet oer ferskillende lannen, mei goed 30 miljoen[2] minsken dy't benammen yn it Midden-Easten wenje. Tsjintwurdich ferbleauwen nei skatting ien miljoen Koerden yn Jeropa. De Koerden hearre by de Iraanske folken en sprekke it Koerdysk yn meardere farianten en dialekten.

De Koerden wenje ûnder oare yn Turkije, Syrje, Irak, Iran en yn de eardere Sowjet-Uny. It is in folk dat wol in eigen taal en kultuer hat, mar gjin eigen steat. Yn Irak hawwe de Koerden, nei de fal fan Saddam Hoessein fiergeande autonomy krigen.

Oan de begjin fan de 20e iuw, doe it Ottomaanske Ryk opdield waard, wie yn it Ferdrach fan Sèvres foarsjen yn autonomy foar de Koerden, mei de mooglikheid ta ûnôfhinklikens nei inkele jierren. Dêrfan is lykwols neat terjochte kaam troch de opstân fan de Turkse patriotten ûnder lieding fan Atatürk. De Frede fan Lausanne yn 1923, dêr't de grinzen fan it moderne Turkije yn fêstlein binne, repte mei gjin wurd oer de Koerden.

De komôf fan de Koerden is net hielendal wis. Mooglik binne sy besibbe oan de Meden út de Aldheid. Har taal, it Koerdysk, is in Yndo-Iraanske taal, krekt as it Perzysk.

De measte Koerden binne religieus. Sirka 90% is moslim en ek binne in protte Jezidi's. Mar in lyts part, sirka 5% is kristlik en der bestiet ek noch in lytse joadske minderheid. Dizze lêste kloft is sûnt de ûnôfhinkens fan Israel sawat alhiel nei dat lân emigreare.

Nei de Arabyske ynvaazje yn de 7e iuw hawwe de measte Koerden har bekeard ta de islam. Dêrfoar hienen sy it Zoroastrisme as leauwen en noch hieltyd wurde alle jierren it zoroastryske nijjier útlitten fierd. Newroz is it feest dêr't de komst fan de maaitiid by fierd wurdt.

De hjoeddeiske situaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It stribben om te kommen ta in eigen Koerdyske steat, "Koerdistan", wurdt troch ferskate lannen sjoen as in bedriging foar de yntegriteit fan it eigen grûngebiet en de stabiliteit fan dizze steaten.

Keppelingen om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  1. http://www.lib.utexas.edu/maps/middle_east.html
  2. Ried fan Jeropa: The cultural situation of the Kurds
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kurdish people fan Wikimedia Commons.