Knooppunt Surch
It knooppunt Surch is in ferkearsknooppunt yn Fryslân op de Kop fan de Ofslútdyk, tusken de doarpen Surch en Koarnwert, en ferbynt de A7 (Saandam-Den Oever-It Hearrenfean-Grins-Nijeskâns) mei de A31/N31 (Surch-Harns-Ljouwert-Drachten).
It knoopunt is neamd nei it doarp Surch dat 1,4 km benoarden it knooppunt leit.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 25 septimber 1933 waard de earste dyk op de Ofslútdyk oer de Kop nei Surch ta iepene. Yn febrewaris 1938 waard in ienbaansdyk dyk fan de Kop nei Harkesyl iepene. Healwei 1975 waarden de A7 en A31 omboud ta autogongswegen en krigen dy harren hjoeddeistige nûmers. Op 3 desimber 1975 waarden de A31 tusken de Kop en Surch en ek it knooppunt Surch iepene foar it ferkear. Hoewol't it knooppunt dus al yn gebrûk wie, waard it offisjeel yn 1976 iepene as "knooppunt Kop Ofslútdyk".[1]
Ein 2005 waard de N31 tusken Surch en Harns ferdûbele ta in fjouwerbaans autowei.[2]
Foarm
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It knooppunt waard yn in trijehoekige foarm boud, as in heal stjerknooppunt. Oars as by oare knooppunten, is it knooppunt Surch wiidweidich opset. De ferbininsstripen fan Snits ôf rjochting Harns en oarsom binne wol twa kilometer lang. De ferbiningsstripe fan De Helder rjochting Harns is in twastripe, wylst de ferbiningsstripe fan Harns rjochting De Helder oant de oprit op de A7 ynearsten twa stripen hat en dêrnei ien. De oare ferbiningsstripen hawwe ien stripe.
Op it knooppunt is yn de A7 fan beide kanten in ôfslach Surch, dêr't oan iene kant in ferbining is mei de Houdyk by de Iselmarseedyk del nei Koarnwert en Makkum ta, en oan oare kant in ferbining nei in tankstasjon, restaurant en bushalte, dy't midden yn it knooppunt lizze, en it doarp Surch. Ek is der in ôfslach Surch yn de A31 justjes benoarden it knooppunt.
De A7 en A31/N31, dy't op it knooppunt ôfkomme, binne beide fjouwerbaansdiken. Daliks bewesten tsjin it knooppunt oan is de Waadseedyk en oan de westkant fan it knooppunt begjint de Ofslútdyk.
Oanslutende diken | ||||
---|---|---|---|---|
nei Harns, Ljouwert | ||||
nei Boalsert, Snits, Grins | ||||
nei De Helder, Amsterdam | Houdyk nei Koarnwert, Makkum |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Diken yn Fryslân | ||
---|---|---|
Rykswegen: A6 ● A7 ● A31/N31 ● A32/N32 | ||
Provinsjale diken: N351 ● N353 ● N354 ● N355 ● N356 ● N357 ● N358 ● N359 ● N361 ● N369 ● N380 ● N381 ● N383 ● N384 ● N390 ● N392 ● N393 ● N398 ● N910 ● N913 ● N917 ● N918 ● N919 ● N924 ● N927 ● N928 ● N979 ● N981 | ||
Jeropeeske wei: E22 | ||
Knooppunten: Knooppunt De Jouwer ● Knooppunt It Hearrenfean ● Knooppunt Oerterperfallaat ● Knooppunt Surch ● Knooppunt Werpsterhoeke | ||
Rûnwegen: Ring Ljouwert ● Ring Snits | ||
· · |