[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Provinsjale wei 357

Ut Wikipedy
N357
Langte: 22,3 km
Kaart
De N357 by Stiens-Noard

De provinsjale wei 357 of N357 is in provinsjale wei tusken de stêd Ljouwert en Holwert, dêr't de wei nei splitst wurdt yn de N356 rjochting Dokkum en yn de N358 rjochting Bûtenpost.

De dyk is in twastripe-gebietsûntslutingsdyk mei in maksimumfaasje fan 80 km/o. Yn de gemeente Ljouwert hjit de dy Mr. P.J. Troelstrawei en Brédyk. Yn de gemeente Noardeast-Fryslân hjit de dyk Ljouwerterdyk.

De dyk folget de bôge fan de kwelderwâl, dy't om it begjin fan de jiertelling hinne ûntstie. De stevige sânige ûndergrûn ûnder in ferheging makke de gea gaadlik foar delsettings en letter dus ek diken. Op dy wâl ûntstiene terpen en de dyk rint dan ek by in rige terpdoarpen del. Inkele plakken oan de N357 fan Ljouwert ôf binne: Jelsum, Koarnjum, Stiens, Hallum, Marrum, Ferwert, Blije en Holwert.

De dyk is wichtich foar it ferkear fan en nei it waadeilân It Amelân, omdat de feartsjinst op It Amelân út Holwert wei fart.

De N357 is yn 'e midden fan 'e 20e iuw stadichoan ûntstien troch opwurdearring fan âldere weidielen. Yn 'e jierren 60 waard de rûnwei om Stiens hinne iepensteld; dat wurdt yn 'e regel as it begjin fan 'e N357 sjoen.

Diken yn Fryslân Flagge fan de Provinsje Fryslân
Rykswegen: A6A7A31/N31A32/N32
Provinsjale diken: N351N353N354N355N356N357N358N359N361N369N380N381N383N384N390N392N393N398N910N913N917N918N919N924N927N928N979N981
Jeropeeske wei: E22
Knooppunten: Knooppunt De JouwerKnooppunt It HearrenfeanKnooppunt OerterperfallaatKnooppunt SurchKnooppunt Werpsterhoeke
Rûnwegen: Ring LjouwertRing Snits
· · Berjocht bewurkje