[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Saandam

Ut Wikipedy
Saandam
Stedhûs.
Stedhûs.
Emblemen
               
Polityk
Provinsje Noard-Hollân
Gemeente Saanstêd
Sifers
Ynwennertal 80.705 (1 jannewaris 2023)
Oerflak 23 km²
Oar
Postkoade 1500-1509
Koördinaten 52° 26 'NB, 4° 49 'EL
Offisjele webside
zaans.nl/nl
Kaart
Saandam (Saanstêd)
Saandam

Saandam (Nederlânsk en offisjeel: Zaandam) is in Nederlânske stêd en eardere gemeente yn de provinsje Noard-Hollân. De stêd is sûnt 1974 part fan de gemeente Saanstêd.

De stêd hat 80.705 ynwenners (1 jannewaris 2023) en is neffens ynwenners it grutste plak fan de gemeente, wylst Assendelft yn oerflak de grutste is.

De houthaven fan Saandam, begjin 20e iuw

Saandam ûntstie yn 1811 troch it gearfoegjen fan de plakken Eastsaandam, dat part fan de banne Eastsaan wie, en sels in eigen gemeente wie fan 1795 oant 1811, en Westsaandam, dat part fan de banne Westsaan wie. Mei de Keizerlike Oardering fan 21 oktober 1811 waard Saandam troch keizer Napoleon Bonaparte mei yngong fan 1 jannewaris 1812 útroppen ta stêd.

Yn de santjinde en achttjinde iuw wie it plak ferbûn mei de walfiskfeart, dêr't it wapen fan Saanstêd, dat as skyldhâlder twa walfisken hat, nei ferwiist. Yn dat tiidrek telde Saandam sa'n fyftich skipswerven, dy't tsientallen seeskippen yn 't jier bouden. Om't in grut part fan de werven oan de Binnensaan lei, wie der op de Hogendam in falom oanlein dy't de skippen nei de Foarsaan oerhelle. De Saandamske skipbou wie ferneamd en tsaar Peter de Grutte fan Ruslân besocht Saandam yn 1697 en 1717.

Yn Saandam en de Saanstreek wie fan âlds in soad iverigens oan de ouwers fan de Saan. Fan it midden fan de santjinde iuw oant e mei it tredfearns part fan de njoggentjinde iuw wie de Saanstreek in grut yndustrieel mûnegebiet. Hûnderten wynmûnen seagen hout út Skandinaavje, it Eastseegebiet en Dútslân, benammen foar skipbou, wenten, mûnen en pakhûzen. Njonken de houtseachmûnen wiene der noch tsientallen oare yndustrymûnen, lykas oaljemûnen, papiermûnen, pelmûnen, fervemûnen, folmûnen, ensafuorthinne. Fan 1850 ôf is de wynkrêft stadichoan ferkrongen troch de stoomkrêft. Ferskate yndustryen lykas bygelyks fiedingsmiddels- en ferve-yndustry keazen harren fêstigingsplak dêre. Yn de rin fan de njoggentjinde iuw kamen der in soad oare yndustry bylâns de Saan, dy't harren berêste litten hiene op stoomkrêft ynstee fan wynkrêft, en dy't foar in part in yndustrieel monumint waarden.

Saandam wie yn de twadde helte fan de tweintichste iuw in wichtige houthaven. It eilân yn de Foarsaan en it Westzijdeveld wiene iuwenlang it plak fan houtbedriuwen, lykas William Pont en by it Noardseekanaal del, bewesten de eardere Hembrug sieten de houtferwurkjende bedriuwen fan Bruynzeel. Saandam is ek ferneamd om syn kakaoferwurkjende yndustry. Verkade is noch hieltyd ien fan de foaroprinnende sûkelarjefabriken fan Nederlân.

Troch de gânse tweintichste iuw hinne wie yn Saandam it bedriuw Artillerie-Inrichtingen fêstige, dat fjoerwapens, artillery en munysje makke foar it Nederlânske Leger en it Keninklik Nederlânsk-Yndysk Leger.

Yn 1974 waard Saandam in part fan de gemeente Saanstêd en sûnt 14 novimber 2011 is it it haadplak dêrfan.

Sûnt 2008 is Saandam warber en rjochtsje it sintrum fannijs yn. In part fan it projekt, dat Inverdan neamd wurdt, wie it wiermeitsjen fan in nij gemeentehûs, dat sûnt jannewaris 2012 it âlde gemeentehûs de Bannehof yn Saandyk ferfangt. It winkelgebiet waard útwreide en der binne nije wenten en in bioskoop reekaam. It iepenjen fan it Inntel Hotel Zaandam yn maart 2010 luts in soad omtinken wrâldwiid.

De rivier de Saan

Saandam leit oan wjerskanten fan de rivier de Saan. De kearn wurdt foarme troch twa diken oan wjerskanten fan de Saan dy't lykop rinne: Oostzijde en Westzijde. Letter waarden dêr heaks paden oanlein, it fjild yn dêr't de mûnen stiene. Benammen yn de buert fan de Oostzijdetsjerke fûn der wat sintrumfoarming plak. Yn de njoggentjinde iuw fûn der fierdere sintrumfoarming plak by de Gedempte Gracht del en guon strjitten dy't dêr lykop oan rinne. Dat sintrum en it stasjonsgebiet binne, neffens it plan Inverdan, dat ûntwurpen is troch de arsjitekt fan Frysk komôf Sjoerd Soeters, opknapt.

Sint-Bonifatiustsjerke yn Saandam

Saandam hat de folgjende wiken:

  • 't Kalf
  • Poelenburg
  • Kleurenbuurt
  • Kogerveld
  • Rosmolenbuurt
  • Havenbuurt
  • Westerwatering
  • Saandam-Súd
  • Peldersveld
  • Hoornseveld
  • Burgemeestersbuurt
  • Hofwijk
  • Schilderswijk
  • Oud West
  • Nieuw West
  • Russische Buurt
Saanske Skâns.
De Wikipedy hat ek in side Saanske Skâns.

De Saanske Skâns (Nederlânsk: Zaanse Schans) is in buert yn Saandam oan de eastouwer fan de Saan, yn de Kalverpolder. It is in ferneamde iepenloftattraksje, dat yn 't jier hûnderttûzenen besikers lûkt (yn 2015 1,9 miljoen).

De Saanske Skâns is gjin museum, mar in frij tagonklik gebiet dat yn it begjin fan de sechtiger jierren fan de tweintichste iuw ûntstien is. Yn it ramt fan stedsfernijing en fabryksútwreidings drigen der in soad histoaryske, benammen houten gebouwen, sloopt te wurden. Doe ûntstie it idee en ûntwikkelje in reservaat foar de bedrige gebouwen en bewarje de unike Saanske houtbou.

Sa njonkelytsen binne der yn de Saanske Skâns ferskate museums, in klompemakkerij, in tsiismakkerij, ensafuorthinne. Ek is it Saanske Museum (Zaans Museum) dêr fêstige, dat in soad kultuerhistoaryske en samlings en samlings, dy't bûn oan de streek binne, befetsje. Ek in ferskaat oan mûnen steane yn de Saanske Skâns.

Slûs

Saandam hat in stikmannich ryksmonuminten:

Westzijdetsjerke
  • Oostzijdetsjerke
  • Westzijdetsjerke of Bulletsjerke, fan 1638-1640, en útwreide yn 1672 en 1680.
  • De menistetsjerke of fermanje fan 1686 oan de Westzijde.
  • Aldkatolike tsjerke fan 1695 wid oan Marije Magdalena. Oarspronklik in Roomsk-Katolike skûltsjerke.
  • Evangelysk-Luterske tsjerke oan de Vinkenstraat fan 1699, mei sealtek tusken twa topgevels en in brede foargevel. De Evangelysk-Luterske gemeente waard yn 1642 stifte, fanwegen it ferbliuwen fan keaplju út Denemark en de Baltyske lannen yn Saandam.
  • Roomsk-Katolike tsjerke oan it Kalf fan 1887 wijd oan Marije Magdalena yn neogoatyske styl.
  • De Joazeftsjerke (Jozefkerk) (RK) yn Kogerveld.
  • De Sint-Bonifatiustsjerke, in neogoatysk gebou fan 1899-1900.
  • It gebou fan it Apostoalysk Genoatskip fan 1860
  • De Servysk-Otterdokske Tsjerke (Hillige Nikolaastsjerke), foarhinne de Grifformearde Tsjerke, oan de Stationsstraat.
Inntel Hotel Saandam, is opboud út Saanske hûskes

Oan de Oostzijde en Westzijde binne benammen yn de twadde helte fan de njoggentjinde iuw in soad filla's boud. Oan de Oostzijde binne dy hast allegear ôfbrutsen foar fabriken lykas dy fan Albert Heijn. Oan de Westzijde steane der lykwols noch in soad. De filla's hawwe ferskillende boustilen. Guon binne yn 'e Italjaanske styl , lykas Westzijde 39. In soad fan de frijsteande hûzen oan de Westzijde binne njonkelytsen ferboud ta winkel of kantoar, wêrfan't de tunen en doarren faak ferdwûn binne. Westzijde 38 is noch ien fan de pear oerbleane hûzen fan rike, yn stien boude hûzen fan keaplju.

  • Bakkerijmuseum In de Gecroonde Duyvekater
  • Hembrug Museum
  • Honig Breethuis
  • Museumwinkel Albert Heijn
  • Nederlands Uurwerk Museum
  • Czaar Peterhuisje
  • Saansk Museum, mei Verkade Paviljoen

Saandam is te berikken oer de A7 fanút Purmerein en de A8 fanút Amsterdam.

Saandam hat twa spoarstasjons: Stasjon Saandam en Stasjon Saandam-Kogerveld. It steds- en streekferfier wurdt fersoarge troch Connexxion.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Saandam fan Wikimedia Commons.
Gemeente Saanstêd
Stêd:
Saandam
Doarpen:
AssendelftKoog aan de ZaanKrommenieWestknollendamWestsaanWormerveerZaandijk
Buert:
Saanske Skâns
· · Berjocht bewurkje