[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Dnjestr

Ut Wikipedy
Dit artikel is in stobbe oer Oerflaktewetter.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.
Rin fan de Dnjestr

De Dnjestr of Dnestr (Roemeensk: Nistru; Oekraynsk: Дністер, Dnister; Russysk: Днестр, Dnestr) is in rivier yn East-Europa, yn de Oekraïne en Moldaavje. Se ûntspringt yn de Karpaten en mûnet yn de Swarte See. De Dnjestr is 1352 km lang en it streamgebiet omfiemet 72.100 km². Dat de Dnjestr is de op ien nei grutste rivier fan de Oekraïne en de grutste fan Moldaavje. De âlde Griken neamden de rivier Tyras. De Dnjestr is foar in lyts part grinsrivier. Fan 1918 oant 1940 hie de helte fan de rivier dy funksje, benammen tusken Roemeenje en de Sovjet-Uny.