[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Opsterlân

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Gemeente Opsterlân)
Opsterlân

Kij weidzje oan it Alddjip.
flagge wapen

Wapen fan Opsterlân
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Fryslân
boargemaster Andries Bouwman (CU)
sifers en geografy
haadplak Beetstersweach
grutste plak De Gordyk
ynwennertal 30.039 (1 jannewaris 2024)
befolkingstichtens 132,3 / km²
oerflak 227,64 km²
● wêrfan lân 224,63 km²
● wêrfan wetter 3,01 km²
tal doarpen 16
ferkearsieren A7, A31, N381
skiednis
oprjochte 1851
oant 1851 Gritenij Opsterlân
oar
netnûmer 0512, 0513, 0516
postkoade 8401–8409, 9241–9249
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.opsterland.nl

Opsterlân (Opsterland) is in gemeente yn it easten fan Fryslân, mei in oerflak fan 227,64 km², wêrfan 3 km² wetter. Op 1 jannewaris 2024 hie dizze gemeente 30.039 ynwenners (boarne: CBS). It haadplak fan Opsterlân is Beetstersweach, en de oare plakken yn de gemeente binne: Bakkefean, Fryske Peallen, De Gordyk, De Himrik, Jonkerslân, Langsweagen, Lippenhuzen, Lúkswâld, Nij Beets, Oerterp, Olterterp, Sigerswâld, Terwispel, De Tynje en Wynjewâld.

In grûnfynst jout oan dat der 150.000 lyn al bewenning west hat yn Opsterlân, mar der is earst in trochgeande rige fynsten fan 15.000 jier lyn. Fan 1000 f.Kr. oant 1000 n.Kr. hawwe der minsken wenne yn it westlike, lege part fan de gemeente, mar úteinlik wie der safolle oerlêst fan it wetter dat de minsken nei it eastlik part ferhuzen. Dat is de hege grûn dêr't it Alddjip, dat wol sizze, de Boarn begjint. Yn dy tiid wie dat allegear iepen heidefjild, mei oan de noard- en súdkant heechfean.

Heide by Bakkefean.

Oan it begjin fan de 18e iuw is it heechfean doe ôfgroeven, en dêrfan binne de fearten en wyken noch werom te finen. Ek waard der yn de 18e en 19e iuw in soad bosk oanplante, en dêrtroch is eastlik part fan Opsterlân no sa grien. Yn it westlik part is yn de 19e iuw it leechfean ôfgroeven en oant yn de 20e iuw hat men dwaande west mei it drûch meitsjen fan de plassen dy't dêr fan oerbleaunen. Dat part fan de gemeente is no meast greidlân.

De gritenij Opsterlân waard yn 1851 in gemeente nei de ynfiering yn Nederlân fan de gemeentewet fan Thorbecke.

Yn Opsterlân wurdt troch 64% fan de ynwenners Frysk sprutsen. Nederlânsk is foar 29% de memmetaal. Dêrnjonken binne der lytse mannichten dy't Stêdsk (4% fan de befolking), Stellingwerfsk (2%) of in útlânske taal (1%) as memmetaal hawwe.[1]

De gemeenteried fan Opsterlân telt 21 sitten. De útslaggen fan 'e gemeenteriedsferkiezings binne (fan 2018 ôf):

partij ferkiezings 2018[2] ferkiezings 2022[3]
% sitten % sitten
Opsterlânsk Belang 23,9 6 24,1 5
CDA 14,9 3 12,3 3
PvdA 12,6 3 12,4 3
KristenUny 11,6 2 10,5 2
VVD 9,9 2 9,2 2
D66 5,1 1 6,4 1
FNP 4,3 1 15,6 3
GrienLinks - - 9,4 2
oare partijen 17,8 0 0 0
ûnjildich & blanko 0,6 - 0,5 -
opkomst/totaal sitten 57,9% 21 55,0% 21

Berne yn Opsterlân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. De Bosatlas van Fryslân, Grins, 2009 (Noordhoff Atlas Producties), ISBN 978-9 00 17 79 047, s. 268.
  2. Utslaggen Ljouwerter Krante, 18 maart 2022, s. 27
  3. Utslaggen Ljouwerter Krante, 18 maart 2022, s. 27
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Opsterland fan Wikimedia Commons.
             Provinsje Fryslân
Flagge fan de Provinsje Fryslân
hjoeddeistige gemeenten
Achtkarspelen • It Amelân • Dantumadiel • Eaststellingwerf • Flylân • De Fryske Marren • Harns • It Hearrenfean • Ljouwert • Noardeast-Fryslân • Opsterlân • Skiermûntseach • Skylge • Smellingerlân • Súdwest-Fryslân • Tytsjerksteradiel • De Waadhoeke • Weststellingwerf
eardere gemeenten
Aenjewier (1851–1934) • Baarderadiel (1851–1984) • Barradiel (1851–1984) • It Bilt (1851–2018) • Boalsert (1455–2011) • Boarnsterhim (1984–2014) • Doanjewerstâl (1851–1984) • Dokkum (1298–1984) • Dongeradiel (1984–2019) • Drylts (1268–1984) • East-Dongeradiel (1851–1984) • Ferwerderadiel (1851–2019) • Frjentsjer (1374–1984) • (âld) Frjentsjerteradiel (1851–1984) • (nij) Frjentsjerteradiel (1984–2018) • Gaasterlân (1851–1984) • Gaasterlân-Sleat (1984–2014) • Haskerlân (1851–1984) • Hylpen (1372–1984) • Himmelumer Aldefurd (1851–1984) • Hinnaarderadiel (1851–1984) • Idaerderadiel (1851–1984) • Kollumerlân (1851–2019) • Lemsterlân (1851–2014) • Littenseradiel (1984–2018) • Ljouwerteradiel (1851–2018) • Menameradiel (1851–2018) • Nijefurd (1984–2011) • Raerderhim (1851–1984) • Skarsterlân (1984–2014) • Skoatterlân (1851–1934) • Sleat (1426–1984) • Snits (1292–2011) • Starum (1061–1984) • Utingeradiel (1851–1984) • Warkum (1399–1984) • West-Dongeradiel (1851–1984) • (âld) Wymbritseradiel (1851–1984) • (nij) Wymbritseradiel (1984–2011) • Wûnseradiel (1851–1984)
· · Berjocht bewurkje
Opsterlân
Doarpen en útbuorrens:
BakkefeanBeetstersweachFryske PeallenDe GordykDe HimrikJonkerslânLangsweagenLippenhuzenLúkswâldNij BeetsOerterpOlterterpSigerswâldTerwispelDe TynjeWynjewâld
Buorskippen:
Ald BeetsAllardseach (foar in part)It FoarwurkFoksebuorrenDe HanebuertHanebuorrenHeidehuzenHimrikerferlaatKoartsweagenLyts GrinsMoskou (foar in part)Nije FeartOerterp oan de FeartPetersburchSelmienSparjeburdDe UlesprongWeinterpferlaatDe Wyngaarden
· · Berjocht bewurkje