[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Foksebuorren

Ut Wikipedy
Foksebuorren

Foksebuorren is in buorskip yn de gemeente Opsterlân yn 'e himrik fan De Gordyk. Foksebuorren leit oan de Opsterlânske Kompanjonsfeart benoarden Jobbegea en beëasten Lippenhuzen en de buorskip Hanebuorren.

By Foksebuorren leit oer de Opsterlânske Kompanjonsfeart by de ferlaat de brêge Pôlebrêge. De plaknamme einicht lykwols net op ferlaat, lykas by it eastliker lizzende Himrikerferlaat. Fartugen dy't de Turfrûte folgje komme der lâns.

De namme komt ek foar as Vosseburen. De famylje De Vos spile in grutte rol by it graven fan turf. Yn gebieten dêr't turf stutsen is komme folle faker nammen fan bisten foar.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Opsterlân
Doarpen en útbuorrens:
BakkefeanBeetstersweachFryske PeallenDe GordykDe HimrikJonkerslânLangsweagenLippenhuzenLúkswâldNij BeetsOerterpOlterterpSigerswâldTerwispelDe TynjeWynjewâld
Buorskippen:
Ald BeetsAllardseach (foar in part)It FoarwurkFoksebuorrenDe HanebuertHanebuorrenHeidehuzenHimrikerferlaatKoartsweagenLyts GrinsMoskou (foar in part)Nije FeartOerterp oan de FeartPetersburchSelmienSparjeburdDe UlesprongWeinterpferlaatDe Wyngaarden
· · Berjocht bewurkje